Wy stiene yn 'e rige op it binnenplein fan it Oldenburger lazaret yn Kreyenbrück. It wie in skiere freedtemoarn, de 21ste july 1944. De heakkekrúsflagge hinge slop en knûkelich oan de hege mêst. Wy stiene yn in fjouwerkant, sa't it ús hjitten wie yn de oprop dy't te hearren wie út elke lûdsprekker yn it hiele kompleks: ‘Opstelle op it appèlplak lykas wenst yn 't fjouwerkant om de flagge hinne!’
Oan de lofterkant fan dy fjouwerhoek stiene, pronkmoai yn 't brún unifoarm, de foarmannen fan de partij. Dat hearde sa by sokke gelegenheden. Foar harren oer de dokters en yn dy rige ek it haad fan de ferpleechôfdieling. Guon hiene noch yn de gauwichheid it legerunifoarm oanstrûpt, oaren stiene derby yn har wite sikehûspakken. En fierders seach men oan dy kant fansels de lju fan de militêre lieding.
Lyk foar ús oer seagen wy de grutste kloft: ynvalide soldaten dy't it noch sawat op fuotten hâlde koene. Sa goed sa kwea yn unifoarm, mar fierders in bûnte skare: hollen tsjok yn 'e wynsels, earmen yn 't gips yn in doek beknope; guon op krukken, hjir en dêr ien mei in lege jasmouwe fêstspjelde of mei mar ien skonk mear en op in buorman lynjend. Foar dy rigele stiene in stikmennich draachberjes mei op elk in ferwûne soldaat ûnder in dikke grize tekken mei yn de midden ynweefd de wurden Deutsche Wehrmacht en, ûnderoan, Fuszende.
Wy as ferpleechsters stiene, yn ús wite dracht, lyk foar dizzen oer. Wy hiene der noch hiele jonge famkes by, klien en rank. Mar ek in pear froulju mei it liif foarút, yn ferwachting, dy't fan de iene foet op 'e oare wippelen en har no en dan nei de rêch taasten.
En njonken my, tsjin my oan hast, stie Gretel. Dy socht altyd oanhâld by my. Op 'e sliepseal stiene ús bêden ek nêst elkoar. Wy wiene hjir nammers ek op 'e selde dei oannomd. Doe't wy ús de earste jûns op it buro melde moasten, waard my dêr frege:
‘Binne jo troud?’
‘Ja.’
‘Sûnt wannear?’
‘26 Maart 1944.’
En doe hie Gretel dus roppen: ‘No ju, bist net ûnwennich?’ Fan doe ôf hiene wy stel oan elkoar, ek al krigen wy oar wurk, hja yn it laboratoarium en ik op in ôfdieling.
Gretel miste de lofterskonk, hielendal fan boppen ôf, krekt ûnder de heupe. Dat wie komd doe't de earste bommen op Wilhelmshaven foelen. Moarns hie se my it stommeleintsje nochris sjen litten dat spits tarûn en fjoerread wie. En doe hie se my ek ferteld fan dy offisier dêr't se in wike of wat lyn mei út west hie. Dy hie foar harren tegearre yn hotel Fischer al in keammerke besprutsen, mar hy wie wol útpykt doe't er ûntdiek dat se