Ofskied fan Tr. Riemersma
Yn oktober 1998 begûn Tr. Riemersma mei syn kollum Altyd wat! Yn dit nûmer stiet syn lêste fêste bydrage: Riemersma hat - ta ús spyt - de meiwurking oan Trotwaer opsein. Yn in brief fan 10 maart neamde hy dêrfoar twa redenen: it lege nivo fan dit tydskrift yn it algemien en in persoanlike reaksje fan ien fan ús op syn kollum yn febrewaarje yn it bysûnder.
Dat kaam ús raar oer 't mad. Wy wisten dat dy reaksje him net sinnige, net sasear om't er krityskiroanysk fan toan wie, mar foaral om't er yn itselde nûmer stie. En dat heart net sa, fynt Riemersma: ek redakteuren moatte mei in wjerwurd in nûmer wachtsje. Riemersma hat ús dêroer yn it maartnûmer it leksum lêzen (‘Sa kin it net, redaksje’, s. 115) en wy ha sein dat wy soks noait wer dwaan sille. Dat dizze trouwe en produktive meiwurker al jierrenlang argewaasje hie fan it beroerde nivo fan ús blêd, wisten wy as redaksje net.
Fansels ha wy it mei him oer syn stap hân. Doe't wy begrepen dat dêr gjin ferwin mear op wie, ha wy Riemersma frege om yn in ôfskiedskollum syn beslút ek foar de lêzers ta te ljochtsjen. Dat sil der net mear fan komme. Riemersma hat der foar keazen om op syn eigen webstek syn gram en syn gelyk te heljen (‘Ofskied fan Trotwaer’, sûnt 26 maart op: flmd.museum.com/sub/trinus).
Op syn beswieren tsjin de wize dêr't dit tydskrift him de lêste jierren op ûntjûn hat, sille wy hjir net yngean. Dêrfoar rinne ús mieningen oer foarm, ynhâld, lêsberens en publyksberik fan in kultureel-literêr periodyk tefolle út elkoar. Wat wy as redaksje foar eagen ha bringe wy alle moannen yn praktyk. Oer it resultaat binne wy net altyd tefreden, mar ûnder de mjitte fine wy dit blêd eins noait. Wy hantearje dus oare mjitstêven en útgongspunten as Riemersma. Nei syn oarlochsferklearring hat diskusje dêroer ek alheel gjin doel mear.
Wat wy wol bestride wolle is Riemersma syn bewearing dat de redaksje him ‘ferslokt’ hawwe soe yn syn ‘pittige kollum’. Krekt as soe dy net gewoan opnommen wêze. Krekt as soe der ek mar ien letter yn feroare of oan taheakke wêze. Krekt as soe der - op persoanlike titel - net adekwaat op reagearre wurde meie. Wy moatte Riemersma teloarstelle: ek foar publikaasje fan syn pittige ôfskiedswurd wienen wy net omlizzen gien.
It muoit ús dat Tr. Riemersma ôfskied nimt fan Trotwaer. It falt ús ôf dat er dat net yn it blêd sels docht.
Redaksje