Biten en brokken
Jan Pieter Janzen
Frysk en Frij...
Utjouwerij Frysk en Frij is it nije jier goed begongen. Op in lette mar och sa libbene ‘nijjiersborrel’ waarden op 27 jannewaarje mar even seis nije útjeften presintearre. Goed foar 1070 siden en gâns fariaasje: twa oersettingen fan Midsieuske literatuer troch Klaas Bruinsma, ynteraktive fersen fan Jelle Bangma en Tsjits Peanstra, Aggie van der Meer har twadde dichtbondel en twa debuten, ferhalen fan Willem Schoorstra en in ferhaleroman fan Bouke van der Hem (dy't yn it novimbernûmer fan Trotwaer foar it earste sûnt it jongereinnûmer fan De Tsjerne út 1967 literêr wer fan him hearre liet).
En der komt folle mear, liet de útjouwer Goasse Brouwer, earder haadredakteur fan it eardere moanneblêd Frysk en Frij, witte. Foar de rest fan it jier steane noch alve, meast Frysktalige útjeften op it programma: eroatysk proaza fan Eric Hoekstra, de twadde roman fan de ein foarich jier ferstoarne Libbe Leistra, in blomlêzing út de poëzy fan Willem Abma en ien út de ferhalen fan Froukje Annema, it sammele wurk fan Hylkje Goïnga, it romandebút fan Aggie van der Meer, in nije roman fan Margryt Poortstra, in tinkboek oer fjirtich jier fnp fan Tony Feitsma en Kerst Huisman en in histoaryske fytsrûte troch Menameradiel fan Brouwer sels. Foar 2003, at de fjouwerhûndertste bertedei fan Gysbert Japicx betocht wurdt, stiet in werprintinge op priemmen fan Piter Terpstra syn romantrilogy oer it libben fan de Boalserter dichter.
Dêrmei liket Frysk en Frij de meast produktive útjouwer fan Frysktalich wurk te wurden. Neist it relatyf grutte tal debuten falt op dat nochal wat earder bij de Friese Pers Boekerij ferskynd wurk (de measte boeken fan Annema en Goïnga en ek Terpstra syn Gysberttrilogy) no bij Brouwer in nije kâns krijt. Piter Terpstra hat dêr sels it inisjatyf ta nommen. Bij de Boekerij kealle it te swier, wylst Frysk en Frij samar út 'e rie wie. Dat sadwaande. Of, mei de wurden fan ien fan de resepsjegongers: ‘Sa sjochst mar wer, tsjin idealisme kin de kommersy net op.’
Ien belangrike skaadkant hat it ferskinen bij dy warbere ‘lytse’ útjouwerij spitich genôch al: de promoasje is minimaal. Foaral om't Frysk en Frij, om redenen dy't noait goed dúdlik makke binne, net mear meidocht oan de kollektive propaganda fan It Fryske Boek. Gjin stikjes dus yn Boekenijs en ek gjin Frysk-en-Frije boeken yn de Sutelaksje. En dat is foar skriuwers en lêzers èn dus foar it Fryske boekeklimaat in minne saak.