De fleanende bal
André Bralts
Suppleesjekont
Eins bist net wiis ast dy hjoed de dei noch mei sport dwaande hâldst: der is gewoan gjin donder mear oan.
Troch de macht fan it grutte jild is de ferbining tusken sportman en publyk fierhinne ferbrutsen. Grouwélige patsers, heal maffioaze typen, megalomane en pseudo-akademyske nitwits ha alle romantyk ferballe, alles wat sport moai en oandwaanlik meitsje kin om hals brocht. Topsport spilet him ôf yn in abstrakt wrâldsje, in ivoaren toer, dêr't de sljochtwei leafhawwer bûten stiet, in wrâldsje dat ferjûn is fan de kontkrûpers en sjerpstrikers.
It gedrach fan topsporters is dêr neffens: se binne net mear fan ús, it binne klisjees spuiende politisy en mislik meitsjende sakelju wurden, dy't ús like kâld litte as wy har. Hoe kinne je by sokken belutsen reitsje, fûleindich meilibje, in trientsje stoarte? Wy kinne fjouwerentweintich oeren deis sport op 'e tillevyzje sjen, mar doch bliuwt it stil en kâld om ús hinne: wy ha gjin idoalen mear. Hoe kin ik my identifisearje mei in grut kampioen dy't op 'e miet al mei in fleske Sanex begjint te swaaien? Sûnt dy tiid hoopje ik allinnich noch mar dat er mei syn grouwe fitamine-suppleesjekont troch it iis sakket.
Wa kin noch fan herte meilibje mei de ta yn de bonken bedoarne kûveuzeberntsjes mei harren seis priveetrainers? En mar stinne en krimmeneare, kleie en klieme! De grize giet my oer de grouwe by sa'n aaklike Peter Mueller, mei syn kleffe New Age-oanpak. Aldergeloks lykje syn dagen teld no't er troud is mei de Sappemeerske black widow Marianne Timmer: de bonkjes fan Leen Pfrommer, Marieke Weisman, Wopke de Vegt en Gianni Romme pronkje ommers al yn har medaljekast.