ding van het werkveld belastingen. De operationele aansturing van twee informatiebeheerders en extern personeel behoort tot de taken.’ Dat is in tekst dy't hiel wat taseit, mar ek skoan wat ienfâldiger en helderder kin. Is der nimmen by de gemeente Ljouwert, dy't mei twa waarme fuotten en in frisse holle, in heldere tekst skriuwe kin? Is der op it Ljouwerter stedskantoar werklik nimmen dy't it ‘werkveld’ ris lekker skjin skoffelje wol en alle ûnrant foargoed troch Fryslân Milieu ôffiere lit?
En dan hat Ljouwert ek noch ferlet fan in ynformaasje- en applikaasjebehearder foar ‘document management/workflow management. Hij of zij zal een sleutelrol vervullen in de ontwikkeling en beheer van de informatie-infrastructuur rondom de nieuw in te voeren, centrale gemeentelijke applicaties voor proces-, document- en werkstroommanagement.’ Op 'e nij wurdt it wurd management mar wakker brûkt, en wat net beneamd wurde kin is fansels in proses, mar op sa'n wize set Ljouwert himsels werklik net botte posityf op 'e kaart. Feitlik moat it ommers om in oanpak gean dy't der foar soarget dat net langer allerhanne dokuminten ferdwine en/of fiersten te let of hielendal net beäntwurde wurde. Wat dochs in ferskriklik taalgebrûk yn de stêd dêr't Anne Vondeling dochs net om 'e nocht in stânbyld krigen hat. Mar goed, it hat yndertiid fansels net de gemeente west dy't der foar soarge dat Vondeling op de Nijstêd kommen is.
It muoit my tige, mar in organisaasje dy't net by steat is om yn ienfâldige wurden út te lizzen wêr't it om giet, kin net neitinke. Dizze persoanielsadvertinsje is mei syn krypto-omskriuwings en it yn ien en deselde tekst mar leafst fjirtjin kear brûken fan it neatsizzende wurd ‘management’, op 'e nij in yllustraasje fan de slimme situaasje dêr't de gemeente Ljouwert yn sit. De advertinsje lit ek sjen dat in organisaasje dy't ta de mul of noch djipper yn it ûnleech sit, sels net by steat is om him út dy benearjende posysje te befrijen.
Fan de nije meiwurkers fan de concernstêf wurdt in ‘eigen deskundigheid en een generalistische benadering van vraagstukken gevraagd, waarbij voortdurende monitoring van in- en externe ontwikkelingen van groot belang is’. Dat beart moai en eigentiidsk, mar de brede oanpak en it trochgeand folgjen sille, sa liket my ta, net foldwaande wêze om de Ljouwerter misêre foargoed ta it ferline hearre te litten.
Myn fertrouwen hie grutter west as de Ljouwerter bestjoerders it hân hienen oer in deeglike oplieding en brede fakkennis fan it dwaan en litten fan de oerheid, mei fierders in bliuwend en meilibjend omtinken foar minsken en ûntwikkelingen bûten it gemeentekantoar.
De advertinsje fan de 19de jannewaris makket ek dúdlik dat de Ljouwerter gemeentlike problemen net ferdwûn binne mei it foargoed nei hûs ta stjoeren fan de eigen bestjoerders. Tagelyk mei men dochs hoopje dat de nije boargemaster, de ried en it nije kolleezje fan B. en W. werklik by steat wêze sille om it sa soarchlik funksjonearjen fan it gemeentlik apparaat lang om let en foargoed op oarder te krijen. Mar dêr is krekt wat mear foar nedich as in ‘voortdurende monitoring van in- en externe ontwikkelingen’!