Magy
Alida van der Meulen
Personeel en bemanning van rederij teso wensen u een behouden 2002. Under dy wurden troch ried ik it eilân ôf en de boat op. In tradysje fan sa'n tweintich jier makke dat ik de krystdagen op Texel trochbrocht.
It waar is altyd goed: goed om oeren op it strân te rinnen, goed om it eilân yn 'e lingte en yn 'e breedte oer te fytsen, goed om nei de film. Sa wie it no ek. Goed foar twa films. Yn 'e smûke bioskoop fan Den Burg draaiden trije films. Om't ik Harry Potter al sjoen hie, wie de kar gau makke: The Lord of the Rings en doe't it reinen trochsette, ek noch mar Minoes.
No hear ik ta dat part fan it minskdom dat him nea oanlutsen field hat ta de ferhalen fan Tolkien. In lyts part, dat haw ik wol foar it ferstân. Ik doch ek alle war om de skea yn te heljen. Boek ien haw ik hast út.
Hie ik The Lord of the Rings min ofte mear bewust net lêzen, Minoes komt yn myn ûnthâld net foar. Ik doar it hast net te sizzen mar myn bern bin grut wurden mei katten en sûnder Minoes. Neifraach by de bern befêstige myn fermoedens: alles fan Annie M.G.
Schmidt hawwe se meikrige mar gjin Minoes. Doe't it wer waar foar it strân wie, hie ik alle romte om nei te tinken oer myn trije lêste films, Harry Potter en de twa fan Texel en ik doch The Discovery of Heaven der ek noch by. Fjouwer films dy't yn harren ferskaat ien ding mien hawwe: magy.
It skynt dat der noch nea sa'n soad minsken nei de film west ha as it ôfrûne jier en yn dy statistyk spylje dy fjouwer films net swak by. It leit foar de hân om te sizzen dat yn tiden fan krisis de minske fluchtet yn fantasy, magy en alles wat bûten de werklikheid falt. ‘De werkelijkheid is beperkt, de fantasie eindeloos’, yn 'e wurden fan Sylvain Ephimenco. In goedkeape, al te foar de hân lizzende ferklearring, ik jou it ta mar ik kaam der letter yn 'e auto net los fan.
Spitich dat de ôfstân Den Helder-Reahûs net grutter wie. Dat soe immen noch ris útfine moatte: radioprogramma's dy't likelang duorje as de ôfstannen dy't ôflein wurde mei de maksimaal tastiene snelheid. No moast ik fierstente stadich ride foar it maratonynterview fan de vpro. It paste sa moai yn myn tinzen, Hans Simonse yn petear mei Herman Wijffels, ekstopman út it bankwêzen, in bikkelhurde sektor dy't allinnich by Harry Potter magyske kanten kriget. Mar Herman Wijffels lit him yn it libben ynspirearje troch de Dalai Lama en dêr hie ik wol mear fan witte wollen.
Ea bin ik op myn hiem yn 'e auto sitten bleaun om gjin wurd te missen fan it petear tusken Geert Mak en Theun de Vries... Dat wie magy.