him ek niks, ik sei, hoi hoe is it, of sokssawat. Mar doe sei er samar... hy fette eigentlik yn inkele wurden syn hiele libben gear. Hy sei: dû tinkst dat it komt, mar it komt noait. En dat stiet by my yn marmer gebeiteld. Dat is in hiel libben yn 't koart. Hy wie op syn manier sykjende, allinnich, hy socht it yn 'e matearje. Hy hat gewoan de pech hân dat er yn in ferkearde tiid libbe. Hy kaam út 'e bittere earmoed wei, út 'e tritiger jierren, en berikte toch min ofte mear wat er berikke woe: in sekere foarspoed, in sigaar roke kinne, iderien in eigen hûs, En toch sei er by syn ferstjerren: Dû tinkst dat it komt, mar it komt noait.
Sa'n passaazje, út in petear dat miskien wol hielendal neat om 'e hakken hat, dàt is fansels grandioas yn al syn ienfâld. It is boppedat geweldich sfearfol, hoe't de Blauwe Fedde dy situaasje sketst, sels de gedachtestipkes hawwe funksje. De lêzer wurdt dielgenoat fan it petear, it is wiere human interest. Gjin bobo's, gjin jetset oan it wurd, mar deagewoane Friezen, eigensinnich, dat wol, at se no Menno Bakker, Klaas Bruinsma, Simone Scheffer, Sibbele Hietkamp, Willem Wijngaarden, Atze de Groot, Rink van der Velde, ‘Swarte Klaas’ Venema, Geert van der Velde, Tinus Douma, Pieter Verhoeff, Bauke Bies, Wietse Veenstra, Atte Bouma of Joke Tjalsma hjitte.
Nei de peteareboeken fan Tiny Mulder,
Hwer hast it wei (1970), Joop Boomsma,
Peteareboek (1976) en Henk te Beisebeek
Dea en wille (1996) is
De Blauwe Fedde yn petear in prima oanwinst foar it sjenre. Dat der ferlet fan ditsoarte fan boeken is, docht wol bliken út 'e ferkeapresultaten.
De Blauwe Fedde yn petear is in bestseller, it keapsjogge omslach mei
Omslachûntwerp: Henk Feenstra
de foto fan dy monsterboer fan 'e Sweach docht dêr sines ek ta.
Is der dan hielendal gjin krityk op dizze bondel? Och ja, der sitte genôch flutstikken tusken en om mij hiene der ek noch wol wat mear froulju oan it wurd mochten. Mar ik haw it boek yn ien siken útlêzen, omdat dizze libbensferhalen ôfgryslik boeie. De Blauwe Fedde portrettearret hjir in tal Friezen op in ‘heule’ meinimmende wize.