Tegels
Meinou P.
Wim van der Schaaf, bestjoerslid fan de Kristlike Fryske Folksbibleteek, sinjalearre op de jiergearkomste fan dy klub dat froulju it ôfwitte litte as romanskriuwers. Der is nammentlik de lêste fjouwer, fiif jier gjin inkelde froulike auteur mear yn oanmerking kommen foar de literêre priisfraach dy't de kffb geregeldwei útskriuwt.
Van der Schaaf frege him ôf wêr't de Heeringa-Seepma's, de Weening-Meijers, de Spaanderman-Wielinga's ensafuorthinne bleaun binne, dêr't it eartiids fan optilde. Socht hy dêr de reden fan yn it feit dat it tal wurkjende froulju hieltyd heger wurdt, ik kin it him wol oars fertelle.
Behalve dat de winnende manlike proazaskriuwers fan dit jier bekend makke waarden yn dy gearkomste, wie der ek noch de útslach fan in spannende puzzelaksje. En ja hear, dêr wienen se! De nije generaasje! In Hasper-van der Laan, in Hoekstra-Bosgraaf en noch wol trije oaren. Prachtich klinkende nammen en net in man derby. Allinnich skriuwe se net, se puzzelje.
No is myn fraach net oft de auteurs fan wa't it bekroande wurk is, ek in baan hawwe yn it gewoane libben. Ik gong der dochs al fan út dat Van der Schaaf net gelyk hie. Myn fraach is hoe't it komt dat dy froulju leaver puzzels oplosse as in roman skriuwe.
Puzzeljen is moai skjin wurk. Mei in erudite man en in spesjaal wurdboek hast samar alle wite hokjes ynfold en dan is dat ek wer klear. Dêrfoaroer duorret it tiden foar'tst safier bist datst mei in boek foar de kffb begjinne kinst. Earst moatst de Fryske taal en de stavering goed yn 'e macht hawwe en fierder kinst net sûnder in pear kursussen kreatyf skriuwen. Dan is it nedich om dy op 'e hichte te stellen fan wat by dy boekeklub mei en wat net. Ast dan lang om let oan 'e gong giest, komst nei tsien siden ta it besef dat it in Spaanderman-Wielinga wurdt en dêr tilde it ommers al fan op? Wiest fergetten datst dy, neffens de Josse de Haan-tese, op 'e hichte stelle moatten hiest fan de Nederlânske en de wrâldliteratuer om de keunst ôf te sjen. Do wurdst wurch en pakst in kryptogramke.
Wa binne eins de manlike ekwivalinten fan de Spaanderman-Wielinga's, dy't boek nei boek publisearje dêrst op 'e earste side al fan witst hoe't it ôfrinne sil? Lektuer dy't dy ûntspant om't it lekker maklik is. Moaie koarte sintsjes, mei altyd it ûnderwerp foarop. Alle yntriges nimst ta dy sûnder ek mar in greveltsje adrenaline, do witst dat it dochs wol goed komt. Wurdst der net better fan, mar ek net minder.
Der sjit my net in namme yn it sin. U.G. de Jong? De helper haw ik lêzen, mar dêr rint it sa alderferskuorrendst dramatysk yn ôf, dat it net oan de easken fan it sjenre beäntwurdet. Benny Holtrop? Kommer en kwel en gjin sicht op útkomst. Kinne manlju it net? Ut de Nederlânske literatuer kin ik ek net in foarbyld fine. Se kinne it net!
Wêrom wie in froulike auteur net yn oanmerking kommen foar in priis fan de kffb? Net om't se Spaanderman-lektuer skriuwe. Dan hie Van der Schaaf him net ôffreegje hoegd oft se útstoarn wienen, dy Heeringa-Seepma's c.s. Se hawwe fansels besocht nije paden te bewanneljen. Net dwaan, froulju! Hâld jim by it âlde kffb-resept en jim falle fuort wer yn 'e prizen. Want der is gjin man dy't it jimme neidocht.