Op 'e koarte baan
Doeke Sijens
Jabik Veenbaas, De brulloft fan Valentijn. Ferhalen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2000. 120 siden. € 12,25.
Listen fan goaden en bisten. Fiif Fryske fabels. Utjowerij Bornmeer, Ljouwert 2001, 72 siden. € 9,90.
21 Nije Fryske winterferhalen. Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2001. 216 siden. € 15,00.
It koarte ferhaal is ien fan de meast ûnderskatte literêre sjenres. Men heart faak, ach sa'n koart stikje tekst skriuwe, dat kin net sa'n drege put wurk wêze. Mar lyk as in roman, moat in koart ferhaal likegoed alles jaan: sfear, karakterisearring, typearring, spanning. Om't it allegear yn koart bestek moat, kin der in soad mis gean.
De 21 Nije Fryske winterferhalen litte dat goed sjen. Redakteur Jelma Knol hat foar dit boek moai wat debutanten útsocht, meast kursisten fan skriuwkursussen. Lykwols, maestro Durk van der Ploeg is ek fertsjinwurdige, neist al wat bekendere skriuwers as Willem Schoorstra en Anders Rozendal. De opdracht wie om in ‘winterferhaal’ te skriuwen, al soe de redakteur neffens de flap ‘net útlizze’ kinne wat no presiis in ‘winterferhaal’ útmakket. De skriuwers ha de opdracht meast opfette as betsjuttend dat it ferhaal de winter as dekor ha moat. Mei gefolgen in soad snie, reedriden, teiwaar, Krysttyd en froast. Botte bepalend is it tema foar de measte ferhalen net.
Wat de kwaliteit oanbelanget, rinne mar trije ferhalen der út. Yn it foarste plak Nyk de Vries mei ‘Rock Bottom’, dat tige orizjineel in nijjiers- (of as men wol) it âldjiersgefoel beskriuwt. Yn in pear siden wit de skriuwer sawol de persoan as syn wrâld op te roppen en hat dêrfoar - suver achteleas - in moaie literêre foarm fûn. Benammen de lokaasje fan Greet Andringa har ‘De eagen fan Jezus’ is opfallend: Afrika. De haadpersoan wurket dêr yn in eachklinyk en tinkt oan Fryslân yn 'e Krysttiid. Fier fan hûs rekket de frou betize yn in ferhâlding mei in sjirurch. Sfear, typearring, plot, alles is yn oarder. Jaap Krol skriuwt yn ‘De lange jacht’ oer minsken, dy't ûnder barre omstannichheden de winter op 'e Poal trochkomme moatte. Syn styl is bytiden wat te barok, mar it benearjende fan de ekspedysje wit er goed oer te bringen.
Fan alle oare ferhalen kin men sizze dat se hiel bêst ien kear lêzen ferdrage kinne. Mar mear ek net. Gjin ferrassingen, gjin opfallende skriuwstilen. It wichtichste probleem: elk ferhaal is iendiminsjonaal, der is te min djipgong. In twadde kear lêzen bringt neat nijs mear. Nuet en faaks mei noch wat in breklike technyk. Dat de Friese Pers Boekerij nije talinten oanpoene wol falt te priizgjen, mar men kin jong talint ek te gau de wrâld yn stjoere. In soad ferhalen hienen it ek wol mei in bettere redaksje dwaan kinnen. Simy Sevenster har