Altyd wat!
Tr. Riemersma
De ein fan it histoaryske feit?
De jonge histoarikus drs. W.A. van Amsberg hat de skiedskriuwing as wittenskip ûntploffe litten. Der besteane, seit er, gjin feiten, inkeld mieningen. Ut 'e hoeke fan 'e fakhistoarisy komt amper werwurd. Allinnich perfester Baud loek in prúllipke, mar dy man fielde him dan ek yn syn beropsear oantaast. Syn, nei't er sels miende, dreech ûndersyk, waard troch de jonge histoarikus ôfdien as ‘in miening’.
It kin wêze dat de histoarisy tocht hawwe:
Lit mar lulle, dit minkukel krije wy yn it wittenskiplike sirkwy noait wer mei te meitsjen. En dat is wier. Mar wy krije yn oar ferbân allegearre wòl mei him te meitsjen. Dizze persoan moat nammentlik kening fan Nederlân wurde.
It hat net folle doel om jin by foarried fan dit hearskip te distansiearjen mei te sizzen: ik bin republikein, of jo as ‘frijsteat Folgeren’ fan 'e rest fan Nederlân ôf te skieden. Dêr ha se yn Taiwan en Letlân gjin boadskip oan: de kening fertsjintwurdiget syn folk, punt út.
Dat it hat alle kâns dat der út namme fan ús allegearre skielk frjemde saken plakhawwe sille. Nim oan dat presidint Bush ús Willem iv meitroant nei Ground Zero en mei in trilderich lûd seit: ‘Hjir hawwe de Twin Towers stien.’ Dan antwurdet kening Willem: ‘Ja, dat is jo miening, mar dêr kin men ek oars oer tinke.’ In klap foar de harsens fan Bush en in polityk skandaal, want Ground Zero is hillige grûn.
Mar it kin slimmer. Kening Willem moat in krâns lizze yn Auschwitz. Hy seit: ‘Der wurdt beweard dat der yn 'e holocaust seis miljoen Joaden fermoarde binne troch de nazy's. Dat is gjin feit, mar in miening. Der wurdt troch oaren beweard dat de holocaust noait plak hân hat en dat dit allegear zionistyske propaganda is. Dat 's ek in miening.’
Der wurdt ús fan hegerhân ynskúnd om net langer te ‘seuren’ en net fannijs ôf oan alles ‘op te ikkerjen’ - gun dy jonge minsken har lok. Dêr soe alle reden foar wêze, as W.A. van Amsberg de troan net begearde. Want dêr giet it om: wy krije in kening dy't mei de dochter fan in oarlochsmisdiediger troud is. Wy krije in kening dy't de ferlechjes en leagens fan syn skoanheit ta sines makket: moarden en ferdwiningen? - dêr is neat oer bekend, der binne allinne mieningen oer. Hy trapet de gekke memmen yn Argentinië dy't al tsientallen jierren freegje nei it lot fan har bern op har siel en hy ferblikt der net fan. En dat moat ús kening wurde.
Net langer seure? Der binne, ek yn Fryslân, heapen bern fan faksisten dy't har hele libben mei de ferkearde kar fan har âlden wrakselje, foar wa't it ferline noait foarby giet. As Sijens syn biografy fan Brolsma ferskynt, lôget de diskusje wer op. Wy wolle alle begryp ha foar Brolsma, mar syn kar leit ús likegoed as in stien op 'e mage. Mar sjedêr, de takomstige kening trout mei de dochter fan in faksist, in man dy't boet en berou like frjemd binne as poeke it evangeelje en hup, alle wynwizers wize de oare kant út: wy moatte it ferline no mar rêste litte.
Mar dy't it wier ûnderfûn hawwe, foar dy leit it histoaryske feit as in leaden lêst.