| |
| |
| |
Johan Veenstra, syn wurk en plak yn 'e Stellingwerver beweging
‘Ik wie gjin stil en ienlik bern’
Tineke Steenmeijer-Wielenga
De persoan fan de skriuwer
Neitinkend oer in ynset foar dit stik kaam my hyltyd wer de rigel ‘Ik wie gjin stil en ienlik bern’ yn it sin út ‘Allinne?’ dat Obe Postma skreau yn reaksje op it fers ‘Alleen’ fan P.C. Boutens. Dat begjint mei ‘Ik was een stil en eenzaam kind.’ By Postma geane de earste twa strofen sa (sitearre neffens de earste publikaasje yn 1946):
Ik wie gjin stil en ienlik bern,
My wie wol ljochte freugd biskern
Sjoch ik myn jonges byltnis oan,
It sprekt sa klear my ta:
Foar alles iepen; sokken soan
As jo witte mei hoefolle leafde Johan Veenstra skreaun hat oer ‘it âlde hûs’ en de omkriten dêr't er syn jongesjierren trochbrocht, dan twingt de besibbens mei Postma him as fansels op. Ek de Stellingwerver dichter moat wol ‘ljochte freugd beskern’ west hawwe ‘yn hûs en fjild-gemien’. Boppedat docht it sjen nei it eigen jongesportret yn de twadde strofe my tinken oan it gedicht ‘Kiend’ út Veenstra syn bondel De toren van De Lichtmis (1988): ‘Et joongien mit de krullen, / dat doodgewoon gelokkig leek, / lachende naor laeter keek.’
Ek dy foto's binne fergelykber. Obe Postma dy't al op jonge leeftiid oer it âlderwurden begûn te skriuwen en fan wa't yn de byldfoarming wat it idee ûntstien is, dat er ‘âld berne’ is, hat echt ea in fleurich jonkje west mei kroltsjes, ‘doodgewoon gelokkig’, lykas de lytse Johan Veenstra.
Diele Postma en Veenstra as boarne fan libbenslange ynspiraasje de idylle fan in lokkige jonkheid yn in lytse mienskip op it Fryske plattelân? Foar in part grif, mar der binne ek grutte ferskillen.
Oangeande Johan Veenstra is der ommers ek it ferhaal fan de oan him net-bekende heit, fan it iennichst bern, allinne opgroeid mei syn mem dy't de húshâlding op har nommen hie foar har heit, dy't widner wurden wie en in nea troud rekke broer. Soks ropt dochs it byld op fan in iensume jonge tusken grutte minsken dy't har eigen skiednis en ferhaal meidrage.
| |
Persoanlik petear
Johan Veenstra is - benammen yn de lettere bondels - in tige persoanlik dichter en ek yn syn proaza lit er gâns fan himsels sjen. Yn it simmernûmer fan De Strikel 1992, wijd oan skriuwers en oaren dy't yn 1946 berne binne, skreau er, neidat er as oantinken oan syn bernetiid in prachtige beskriuwing jûn hie fan in lyts jonkje dat allinne sit te boartsjen yn in
| |
| |
sânbult efter hûs: ‘Dit autobiografische stokkien heb ik indertied verwarkt in mien roman.’ En yn in fraachpetear mei Jelma Knol yn Frysk en Frij fan 19 augustus 1992 andere er op 'e frage wêrom Martin, in figuer út in ferhaal dy't hyltyd yn 'e sek naaid wurdt troch syn freonen, noait ris wat werom docht: ‘Omdat ikzels ok niet zo striedber bin. En ik geve mien heufdfeguren altied een protte van mezels mit. Eins bin ik die Martin.’
Nei myn betinken rjochtfeardiget by Veenstra it karakter fan syn wurk de - fierder ek gewoan minsklike - belangstelling foar de libbensfeiten fan de skriuwer. En mei't ik syn yndividuele skiednis en in lokkige bernetiid net sa goed by elkoar krije kin, beslút ik, dat ik earst mar ris yngeand mei him prate moat, foardat ik myn persoanlike ynliskunde loslit op syn wurk.
Dat ik noegje mysels út en wurd op in moaie neisimmerske sneontemoarn freonlik ûntfongen by de skriuwer thús yn Nijeholtpea. It nije hûs, dat njonken syn foarige wente boud is, hat de namme De Stelle krigen, it wurd foar in beskaat type boerehûs. It tún leit der noch moai by en om 'e doar bloeie de beltsjeblommen like útbundich yn har potten, as wie it noch heech simmer.
| |
Komôf
Myn earste frage giet oer de útsûnderlike gesinssituaasje dêr't de skriuwer yn opgroeid is. Hat er dêr net wat fan skipe? Yn de klassike plattelânsromans hat in oerwinneling it ommers altyd swier?
Yn Nijeholtpea blykt dat dochs oars west te hawwen. Foar Johan syn gefoel hat it doarp him altyd akseptearre as de soan fan syn mem. En it wie koart nei de oarloch; Johan is berne op 6 jannewaris 1946 yn in kreamklinyk yn Wolvegea. Der wiene yn dy jierren fan benearing en betizing wol mear dingen bard, dêr't letter net mear oer praat waard. Sa koe Johan de iene kear tinke, dat syn heit in Dútsker west hie, in oare kear dat it faaks in delkommen fleander of in oare ûnderdûker wie en earlik sein makke him dat ek net iens sa'n soad út. Al seach er wol mei ekstra belangstelling nei tv-programma's lykas Spoorloos, want nijsgjirrich wie er wol.
Wa't de man wie, is er net earder gewaar wurden as nei it ferstjerren fan syn mem. Hoewol't er in tige goede bân mei har hie en hja omtrint oant har dea ta yn itselde hûs wenne hawwe, hat er har - bang om har op it sear te kommen - noait freegje doarst nei syn oarsprong. De dingen wiene sa't se wiene en dêr waard fierder net oer praat. Hendrikje Veenstra is yn 1996 weirekke yn 'e âldens fan 87 jier. Johan wit no, dat syn heit in Stellingwerver ‘jonge yn 'e gefaarlike leeftiid’ west hat, dy't troch ûnder te dûken op it plattelân besocht oan de Arbeitseinsatz te ûntkommen. It grutte leeftydsferskil hat foar Mem faaks in rol spile by har beslút om net mei de heit fan har bern te trouwen. As plakferfangster fan har mem hie se sûnt jierren de soarch foar de húshâlding yn it âldershûs op har nommen en hja koe har heit en broer ek net yn 'e steek litte.
De ûntdekking fan de identiteit fan syn heit brocht foar Johan noch in ferrassing mei. Hy blykte in healbroer te hawwen, dy't net iens folle jonger is as hysels. Foar dy doe noch ûnbekende man (mei wa't er ûnderwilens yn 'e kunde kommen is) skreau er it gedicht ‘Breur’, opnommen yn Winterlaand (2001):
| |
| |
| |
Breur
veur Jan
Dat woord blift lichtkaans alle
jaoren deur veur altied onbespreuken.
Opburgen aachter slot en grundel
van een bewaekt, verzegeld weten.
Want elke letter van dat woord
kan van et leven een lawine maeken,
die oons tegere ondersni'jt in een
té veer veurbi'j en té belast verleden.
Dat zo blief ie de grote onbekende
op et vere eilaand van verlangst.
Mar algedurig reis ie mit me op
tot an de veerste horizon veurbi'j.
En toch... misschien zeg ik dat woord
een keer op 't stille aende van een haast,
as oolderdom de zeerte en 't verlös
verpakt het in een deken van berusting.
No't syn mem der net mear is, is it foar de dichter krekt as hat er romte krige om nei te tinken oer har libben, mar ek oer syn eigen. Hy fynt it net slim, dat it gien is, sa't it gien is. Minsken hawwe har geheimen en dat mei, hoe nei as jo elkoar ek steane.
Omke hat yn syn bernejierren it plak ynnommen fan de heitefiguer. Foar him kocht er op heitedei sigaren en yn 'e doarpswinkel waard dêr net frjemd fan opsjoen. Letter pas fielde er him beskamme om it figuer dat er as jonkje sadwaande slein hie. Op skoalle foel it op, dat Mem de rapporten tekene en der waard inkeld ek wolris in sneue opmerking makke, mar oer it generaal hat Johan him as bern net slim in bûtensteander field.
| |
Oplieding en wurk
Hy folge de legere skoalle yn it doarp en reizge dêrnei nei de ulo yn Wolvegea. Dêr hat er him wol tige iensum en ferlern field; dêr wiene de oare jonges net altyd like aardich foar him. Nei it beheljen fan syn diploma moast er oan it wurk en hy sollisitearre by de belêstingtsjinst op It Hearrenfean. Ut skamte folle er op it formulier op it plak fan de heit de namme fan syn omke yn. Hoewol't er in reprimande krige oer dy ‘valsheid in geschrifte’ waard er wol oannommen en fan 1963 oant 1994 hat er syn wurk hân op it belêstingkantoar.
Troch in groanyske oandwaning fan de terms is it him no net mear mooglik om in folsleine baan te hawwen. Doe't de mooglikheid der wie, hat er ûntslach nommen foar it tal oeren dat er noch wurkje koe. Hy hat it de lêste jierren mei syn skriuwerij en de optredens yn dat ramt ek sa drok krige, dat er bliid is net mear nei kantoar te hoegen.
Yn it ferhaal ‘Schriever op een belastingkantoor’ dat opnommen is yn it '46-nûmer fan De Strikel, hat er skreaun oer de striid tusken sifers en wurden: ‘Et wark, de getallegies, weren d'r om brood op 'e plaanke te kriegen, mar de woorden, daor dri'jde et omme.’
It hat my altyd nij dien, dat ien mei safolle kreativiteit en fantasy útrekkene op it belêstingkantoar it brea fertsjinne, mar op myn fragen oft er noait ris wat oars woe en oft er net ris út it eigen doarp wei wollen hat, antwurdet Veenstra, dat er wol neitocht hat oer in oar libben, mar dochs altyd wer keas foar de feiligens fan it fertroude.
Tweintich jier lang wenne Johan mei Mem en Omke yn it âlde hûs, it Stellingwerver pleatske dat syn pake bouwe litten hie. Wat er
| |
| |
wol as pynlik ûndergie, wie, dat er net de ‘boi’ wie, sa't syn omke him graach hawwe wollen hie. Hy boarte leaver allinne as dat er mei de jonges op en út gie en wie mear in dreamer en in lêzer as in fikse help op 'e buorkerij. As syn mem mearkes foarlies, krûpte Johan ûnder de tafel dêr't in grut kleed oerhinne lei. Yn dat eigen wrâldsje belibbe er de aventoeren fan prinsen en prinsessen, kabouters en elfkes mei. Hy hold net fan yndianeferhalen en doe't er sels lêze koe, waarden Alleen op de wereld, Erik de Noorman, Keteltje, De scheepsjongens van Bontekoe en ek de Kameleon-boeken syn favoriten.
Hjoed de dei lêst er graach histoaryske romans, lykas dy fan Hella Haasse en hy bewûnderet Vonne van der Meer en Maarten 't Hart. Een vlucht regenwulpen fan de lêste hat er wol ynfloed fan ûndergien en dat is yn syn earste roman, Een vlinder van zulver (1981), ek wol te fernimmen, bygelyks yn de sêne dêr't Mem foar de spegel it hier opmakket. Fan de Fryske skriuwers hawwe Rink van der Velde, Douwe Kootstra en Durk van der Ploeg syn foarkar.
| |
‘Et oolde huus’
Nettsjinsteande de kribbekeurichheden tusken him en syn omke hat Johan Veenstra de jierren yn ‘it âlde hûs’ dochs as in harmonieuze tiid ûndergien. Yn Een vlinder van zulver fertelt de haadpersoan, in man dy't allinne op in flat yn 'e stêd wennet, wat syn âlde hûs foar him betsjut:
De flat het gien stemme, gien ziel zoas et oolde huus. Ik zie de wiend en de regen butendeure te keer gaon mar et huus zegt niks. Et leeft niet. Et het gien hatte. Et is een dood ding, mar et oolde huus is levendig. Overal leeft, beweegt en praot et de tael van wat as was en wat as nooit weeromme komt. Verhaelen van vroeger die misschien beter niet opraekeld wodden kunnen, een verleden dat et beste begreven wodden kan, mar toch kan 'k me d'r niet los van maeken. Et was beter a'k dat wel dee. Ik weet et, mar d'r is een onweerstaonbere drang om vaaste te holen an et oolde, d'r is een onweerstaonber verlangst om van tied tot tied weeromme te gaon naor et oolde huus. In dit huus vuul ik de benauwdens veur wat komt, hier kan ik niet weeromme vlochten in de tied. En toch, a'k eerlik bin, lopt dat weeromme gaon hoast altied op niks uut. Ik daenke d'r dingen mit te vienen die 'k toch nooit weeromme vienen zal. Gelok, et kiend van vroeger, leven zonder zorgen. Mar et kiend van vroeger is groot en staot hier te kieken naor de storm en et gelok het misschien nooit bestaon en as et al bestaon het dan is et mitneumen op 'e vleugels van de tied, misschien wel votwi'jd mit zoe'n haaststorm. Ik miene dat al die mooie dingen in et oolde huus weeromme te vienen binnen, mar ik hole mezels keer op keer veur de gek. (s. 8)
As de oare deis de stoarm lizzen gien is, reizget er lykwols nei it âlde hûs ta en hoewol't der in protte fan it ferline weiwurden is, fynt er dochs noch wat fan de yllúzje werom.
Ik zie et huus in de veerte al staon. Et oolde huus tussen de bomen. [...] Ik riede bi'j de hoge ekkelwal daele en dan stao 'k veur et huus mit de donkergrune zunneblienen die dichte zitten. Et is as een bliend gezichte. [...] Ik kieke om me henne. Et is d'r allemaole nog. Ik lope deur et huus, ik doe de deuren los van de kaasten, ik vule an de oolde zwat varfde schostienmaantel, an et oolde kammenet, ik wiene de klokke op, zien vertrouwde geluud tikt deur de lege kaemer. Ik kieke in de oolderwetse spiegel. Ik hoeve d'r niet meer veur op een stoel staon te gaon. Ik kiek naor mezels as
| |
| |
naor een vremde. Veur disse spiegel ston Mem as ze heur mooi maekte veur et votgaon of laeter as Hans aovens kwam. Ik zie heur nog staon hoe ze mit een iezeren tange, die ze eerst in et vuur van de kachel hul, de slaegen in heur mooie lochtige haor legde. [...] Ik zie op mien slaopkaemertien en kieke deur et dakraempien over de lanen aachter et huus. [...] Alles is vot. Grote mesienen hebben ien lange rechte briede sloot greven. Et waeter kan now makkelik vot, et laand blift dreuge. Ik lope om huus henne. [...] Ik kieke naor et oolde huus. Mit de blienen los leeft et weer. Et is weer krek as vroeger. (s. 10-11)
Yn werklikheid is - oars as yn de roman - ‘it âlde hûs’ ferkocht as twadde wente en kin de skriuwer der yn 'e wike noch wolris omhinne strune, mar der net mear yn om rinne. Dochs bliuwt it syn hûs. Yn it gedicht ‘Mien oolde huus’ út de bondel Sletel parredies (1994) hat Veenstra dat moai ûnder wurden brocht:
D'r wonen vremde meensken
toffelen op et hiem omme.
Mar ze kennen de geluden niet:
diej' d'r altied vernemen kunnen.
van een veurbi'je tied niet.
Ze heuren de iekmulders niet,
zien de vleermoezen niet.
D'r wonen vremde meensken
et zal heur huus nooit wodden.
Nei de dea fan syn omke waard de buorkerij oan kant dien en ferfearen mem en soan nei de buorren.
| |
‘Zeerte’
Yn 'e puberjierren waard dúdlik, dat Johan homo wie. Faaks hat it syn mem wol muoid, dat er gjin faam mei nei hûs ta brocht en hja nea beppe wurde soe. Yn syn romans en benammen yn syn poëzy hat Veenstra nea in geheim makke fan syn gefoelens foar de eigen sekse. Mem lies syn wurk, mar ek oer dat ûnderwerp waard swijd. Hy reizge nei syn freonen ta, makke tochten nei it bûtenlân mei har en yn dy kontakten hie er syn eigen libben, dêr't Mem bûten stie. Op ôfstân makke se syn lokkige riten mei en de teloarstellingen dy't der like faak wer op folgen. Dat se mear begrepen hat, as útsprutsen waard, fielde er yn har leafdefolle soarch foar him. Yn ‘Zeg now mar niks’ út de bondel Sletel parredies lit de dichter it har útsprekke yn de rigel ‘Ik ken je zeerte wel’.
Remco Heite skriuwt yn de flaptekst fan de bondel De Toren van De Lichtmis (1988): ‘Et is van alle tieden en dat zal et de hieltied blieven, ok in bevreuren literaire vorm: dat onbestemde gevuul van een tekot an gelok. Et wark van Johan Veenstra is d'r van deurdrenkt.
| |
| |
Somstieden van een gevuul van ienzemhied, van gemis van de aander - vaeker nog van et smattelik besef dat mit et verleden ok een goed diel van et gelok verdwenen is.’ Neffens Heite hie it boek, as jo tinke oan it kearntema fan de dêryn bondele gedichten, ek ‘Zeerte’ hiten kinnen. Yn myn besprek foar De Ovend, dat troch Pieter Jonker kreas yn it Stellingwerfs oerset is, haw ik Veenstra ‘echt een dichter van et “verlangst”’ neamd.
Hy hat as streektaalauteur twa kanten, oan 'e iene kant is er neffens Fedde Schurer syn ‘definysje’ fan in dichter ‘in keardel dy't fersen
‘Fleurige jonkje mei kroltsjes’: Obe Postma (links) en Johan Veenstra (foto argyf flmd)
skriuwt as syn folk dêr ferlet fan hat’, mar oan de oare kant is er ek ien dy't skriuwt út eigen ynlik ferlet wei. Fan de twadde dichtbondel ôf is hyltyd dúdliker wurden, dat der riten binne, dat Johan Veenstra poëzy skriuwe moat, dat er yn syn fersen wrakselet om klearrichheid te krijen oer syn eigen dingen, syn libben, syn freonskippen, syn problemen en syn freugden, syn lok en syn gemis, syn fertriet en syn treast, de ûnfrede en it langstme.
Yn it gedicht ‘Woord’ út De toren van De Lichtmis wurdt it paradys fan de bernetiid yn ferbining brocht mei it gemis fan de folwoek- | |
| |
senheid. En dêr sit neffens my de oast fan syn ‘zeerte’. Ofskie nimme moatte fan jins jonge jierren is foar mear minsken in pynlik proses. Troch guon wurdt yn 'e puberteit de eangst foar it grutminskelibben op eigen manneboet oerraasd mei in protte fertoan fan ûnôfhinklikens, krityk op de âlden en grutte plannen foar de takomst. As it goed is, komt der nei dy ûnrêstige perioade fan eigenpaadsykjen in nije harmonij yn in eigen omjouwing mei selskeazen selskip en oanhâld.
It heucht Johan Veenstra net, dat er oait in opstannige puber west hat, hy hat gjin ôfskie nommen fan it âldershûs en net de kar fan syn hert en foar in nij libben mei in partner folge.
Ut it fers ‘Zonder deurzicht’, ek út De Toren van De Lichtmis, docht bliken, dat er dy kâns wol hân hat, mar doe de stap net sette doarst. De twa lêste strofen:
Misschien he'k me verzind
veur hiel mien veerd're leven,
En now bin 'k leeg van binnen
en zonder ienig deurzicht
hoe as 't now veerder gaot.
as hi'j douk veur me staot
en aj' dan zeggen zullen:
Sadwaande is foar ‘it âlde hûs’ gjin feilich eigen nêst yn it plak kommen. Yn ‘Woord’ sprekt er út, dat it kontakt mei de freon - hokker dan ek - allinne in ‘vlochthaeven’ opsmyt, dêr't de dichter sa út en troch, mar altyd tydlik, ‘veur aanker gaon’ kin.
jow stemme in et duuster:
| |
Sublimearring
Wylst beide dichters ynspiraasje helje út it tebinnenbringen fan lokkige mominten, meitsje de fersen fan Obe Postma jin fleurich, wylst dy fan Johan Veenstra omtrint altyd in sfear fan mankelikens neilitte.
Leit dat oan it lânskip: de iepen romte fan de greidhoeke mei de hege loften foar de beslettenens fan de Stellingwerven oer? Leit it oan de foarbylden, Albert Verwey foar Hindrik Bergveld oer? It sil dochs wol benammen in kwestje fan eigen oanlis en karakter fan de dichters wêze. Mei syn wiisgearige ynslach is it Postma slagge en behâld dat hyltyd fannijs wer op te roppen loksgefoel. Hy hat syn ien- | |
| |
sum belibjen fan de wrâld sublimearje kinnen en treast fûn yn de filosofyske oertsjûging dat eat dat west hat, wat oars is as wat net west hat, dat alles der ta docht en ivich fuortbestean sil yn hokker foarm dan ek. Sa'n sublimearring, sa'n omfoarming fan eigen tinzen, gefoelens en libbenshâlding komt Veenstra mar komselden - mar yn it lettere wurk wol hyltyd faker - oan ta.
Yn syn jongste bondel Winterlaand treft jin yn guon fersen ynienen in nije fitaliteit. Op it meast ûnferwachte momint soms, lykas yn it gedicht ‘Pasteraole’, dat oars op 'e lêste beide rigels nei alhiel wijd is oan dea en fergonklikens: ‘Mit nog een wereld an verlangst / loop ik et pad of naor et leven.’
Ienris op it spoar set, treft dat ‘ja’-sizzen tsjin it libben jin faker yn syn nij wurk. Yn “Keerpunt” makket de dichter it testamint op fan syn bestean en sjocht er tebek op in libben, dat er oerlibbe hat, mar hy bliuwt net langer hingjen yn mankelikens: hy wol ‘reddag’ hâlde en de ‘ballast van vroeger’ fuortwurkje. Yn de syklus ‘Winterlaand’ is in suver oerstjoer gefoel fan opwining te beharkjen. As it yn ‘Winterlaand 2’ dan dochs wer op in teloarstelling útrûn is mei de ‘laete hatstocht’, omskriuwt er sels dy útskroevenens as ‘et smoegde in mi'j’ en hy ferfalt net ta totale mismoed, omdat it bern yn him sa graach it leauwen yn de leafde behâlde wol en hy dat as wat fitaals beskôget. It smyt nettsjinsteande it ferlies in suver licht fers op:
eerste ies van een liefde,
Kopke ûnder is wat oars as ferdrinke en it is better in leafde te ferliezen as nea leafhân te hawwen.
It gefoel fan romte, dêr't Johan Veenstra it oer hie, doe't wy der oer praten, hoe't syn libben feroare is nei de dea fan syn mem, hat de dichter yn ien fan de lêste fersen fan syn nije bondel liede kinnen nei de wichtige konklúzje ‘dat ik et allemaole / een keer loslaoten kunnen zal. // Et huus tussen de hoge bomen, / et kiend mit de lochtige krullen, / de moeder die onder de liendeboom / van de buren deur an fietsen komt.’
Hy hat himsels befrijd fan de bylden, dêr't er syn wrâld mei fêstlein, mar ek wol wat mei tichttimmere hie. Der komt tiid en romte foar wat nijs!
| |
It oeuvre
Preokkupaasje of frije kreativiteit?
By in kreatyf minske hopet men fansels, dat
| |
| |
sa'n ommekear yn it oanfielen fan de libbenssfear ek in ympuls foar nij wurk betsjutte sil. Slacht er ek as auteur aanst nije wegen yn? Foarearst is er dwaande mei it skriuwen fan folksferhalen, omdat dy der yn de Stellingwerven mar sa'n bytsje binne. Hy wifket dêrby, seit er, tusken de tradisjonele foarm en in persiflaazje dêrop troch it ferarbeidzjen fan anagronistyske grappen. Oan dat lêste belibbet er in protte wille, mar syn gewisse hjit him trou te bliuwen oan de oerlevere foarm. It is it âlde dilemma: skriuwt er yn tsjinst fan syn folk, lykas de ‘keardel’ yn 'e ‘definysje’ fan Fedde Schurer of folget er syn eigen artistike ‘ropping’ en ferbrekt er as literêr keunstner - alwer mei in wurd fan Schurer - de ‘bining’ mei de taalbeweging?
Yn in lêzing oer de ûntwikkeling fan de moderne Fryske literatuer hat Ype Poortinga yn 1965 de ferskillen behannele tusken de isolearre streektaalliteratuur mei syn fêste typen en motiven, dêr't amperoan romte foar fernijing yn is en de moderne wrâldliteratuer dêr't ek wurk dat yn in lytse taal skreaun is, hiel goed ta behearre kin. Syn ferhaal is publisearre ûnder de titel Preokkupaasje of frije kreativiteit? en yn dy frage leit ek de kar besletten, dêr't Veenstra hyltyd wer foar stiet.
It oeuvre fan Johan Veenstra kin rûchwei yndield wurde yn fruchten fan beiderlei oandrift, mar dat wol fansels net sizze, dat er mei syn ‘frije’ wurk syn Stellingwerver folk gjin goede tsjinst bewiisd hat. En oarsom ek net, dat syn mear folksaardich wurk literêr sjoen alhiel sûnder fertsjinste wêze soe.
| |
Oant en mei it debút yn boekfoarm
Yn 1971 ferskynde De oolde pook, in seleksje út de ‘rimen en teltsjes’ fan H.J. Bergveld (1902-1966) en dat wie in ‘eye-opener’ foar Johan Veenstra, dy't troch dat boek ûntduts, dat de taal dy't er al syn libben praat hie, ek brûkt wurde koe yn ferhalen en gedichten. Yn syn Strikelferhaal út 1992 omskreau er it sa: ‘Ik begon te schrieven. Zomar. Naodat et eerste Stellingwarfstaelige boek uutkommen was, docht ik mar ien ding. Dat wil ik ok perberen. Wat zo'k dat ok graeg willen. Schrieven.’
Hy begjint mei gedichten dy't er opstjoert oan de Ljouwerter Krante. Nei oanlieding fan dy ynstjoerings komt der in Stellingwerver rubryk mei de namme ‘Uut de pultrum van de Stellingwarven’, dêr't njonken Veenstra ek Harmen Houtman foar skriuwt. Yn de earste ôflevering (jannewaris 1972) stiet it gedicht ‘Wilde gaanzen’. Yn novimber 1973 waard ‘Veur iene God’ yn de lc opnommen, yn de rubryk ‘Lyrische Courant’. Yn de bondel Eerste keur uit de Lyrische Courant (1975) is Johan Veenstra mei net minder as sân fersen fertsjintwurdige. It giet fan it begjin ôf goed mei syn skriuwerij.
It debút yn boekfoarm is Wilde gaanzen ‘verhaelen en riempies in de Stellingwarver tael’, útkommen yn 1974. Yn it foaropwurd stiet: ‘Hi'j schrift over gewone dingen, over gewone meensken. Dat Johan Veenstra daor oge veur het, is et biezundere an him. Beleef oons eigen wereltien opni'j, mit zien ogen, in disse “Wilde Gaanzen”!’
As ik by myn besite yn 2001 sis dat ik syn ferhalen en ferskes út dy tiid slim ‘âldmannich’ fyn, begjint er te laitsjen. It boek is yn 1977 nochris wer printe, mar it is no al jierren in grap tusken útjouwer Pieter Jonker en de skriuwer, dat de earste driget de Wilde gaan- | |
| |
zen op 'e nij út te jaan, as de lêste net mei wat nijs komt. It is slim tradisjoneel wurk yn de styl fan de âldfrinzige streektaalskriuwerij oer de dommens fan it doarpsfolk, de ivige strideraasje tusken man en wiif, it ôfwizen fan it nije en ûnbekende ensafuorthinne. De ferskes rymje kreas, almeast neffens it poezyalbumen Sinteklazefersrymskema abcb en it boadskip wurdt dúdlik oerbrocht. Ik sitearje ien strofe út it earste fers ‘Veurspel’: ‘Jaoren gaon en jaoren kommen, / vuus te vlogge gaot de tied. / 't Leven is ien grote vraoge, / en we weten 't antwoord niet.’
As syn namme der net by stie, soene jo it net leauwe, dat dit wurk fan in jongfeint fan noch gjin tritich wie. Johan Veenstra wol syn debút dan ek it leafst mar ferjitte. Ek de earste ferhalebondel Fluitekruud en de earste dichtbondel As de wilde roze bluuit wol Veenstra net op 'e nij printe hawwe. Yn in fraachpetear mei Pieter Jonker yn 1995 sei er oer dat iere wurk, dat it ‘gien peil genog’ hie en ‘simpel’ wie: ‘Mien eerste gedichten bin te gemaekt. Et mos allegere riemen. Ik vuul gien biening meer mit mien eerste boeken, ok al vien ik wel dat d'r nog aorige dingen in staon.’
| |
Erkenning
Sûnt hat er ek genôch skreaun, dêr't er wol bliuwend grutsk op wêze kin. Syn tredde roman Toegift wie yn 1999 syn 16de titel en doe wiene der al 32 tûzen eksimplaren fan syn boeken ûnder de minsken brocht. Tusken 1989 en 1995 droech Veenstra 250 kear in ‘Stiekelstokkien’ foar op Omrop Fryslân, ferskillende útjeften belibben werprintingen en Johan is in auteur dy't rûnom frege wurdt om út eigen wurk foar te lêzen. Yn datselde jier 1999 hie er ek al 1500 optredens fersoarge. Underwilens stiet de teller al boppe de 1800. De beneaming ta Ridder in de Orde van Oranje-Nassau dêr't er by de lintsjerein fan 2001 mei ûnderskieden waard, komt him folslein ta, foar syn wurk as skriuwer likegoed as foar al it wurk dat er yn de yn 1972 oprjochte Stellingwarver Schrieversronte út 'e wei set hat as bestjoerslid, einredakteur fan it tydskrift De Ovend, lid fan allerhanne kommisjes en wurkgroepen en lieder fan in wurdboekgroep.
Oer erkenning foar syn wurk hat Veenstra fan it begjin fan syn skriuwkarriêre ôf net te kleien hân. Yn 1984 krige er de earste H.J. Bergveldpries (de Stellingwerver Gysbert Japicxpriis) foar syn twadde roman Naachs goelen de honnen en yn 1991 achte de sjuery de werprintinge fan syn earste roman Een vlinder van zulver it bêste, dat yn de ferrûne jierren ferskynd wie en krige er deselde priis nochris. Oer it generaal hawwe de kritisy syn wurk ek loovjend besprutsen.
| |
Ferhalebondels
Nei oanlieding fan syn twadde boek, in bondel mei alve ferhalen ûnder de titel Fluitekruud, skreau Tiny Mulder yn it Friesch Dagblad fan 12 novimber 1977: ‘Ik wol gjin kwea wurd kwyt oer maklik oansprekkende ferhaaltsjes en ferskes yn in streektael; se binne needsaeklik om de minsken oan it lêzen yn har eigen memmetael to krijen. Mar as de streektaelskriuwerij har yn somlike skriuwers net emansipeart fan lektuer, dy't mear om de tael as om de ynhâld skreaun is, dan keare echte skriuwers har dêr fan ôf, likegoed as lêzers dy't mear bigeare fan in boek as it smoute forhaeltsje.’ Benammen de langere ferhalen út
| |
| |
Johan Veenstra (foto argyf flmd)
de earste bondel foldogge de resinsinte goed. Veenstra djippet de karakters út, ferklearret de omstannichheden en nimt de romte om in goede sfear op te bouwen. Hy hat bewiisd, dat er treflik modern proaza skriuwe kin.
It is Tiny Mulder opfallen, dat de oarloch sa faak foarkomt yn de ferhalen en dat Veenstra, hoewol't er yn 1946 berne is, dêr tige autintyk oer skriuwt. Frege nei syn yndie opfallende belangstelling foar de Twadde Wrâldoarloch seit er, dat er him tige ferdjippe hat yn dy tiid en de útsûnderlike omstannichheden fan doe gauris goed brûke kin om syn haadfigueren - meast kwetsbere en skansearre minsken - in eftergrûn te jaan. Hy wurket in protte mei flash backs en situearret syn ferhalen faak yn de fyftiger jierren, doe't oan de oarloch noch withoefaak referearre waard. Minsken yn drege situaasjes achtet er ek nijsgjirriger om oer te skriuwen as trochsneed persoanen.
It duorre oant 1992 ta ear't Veenstra wer in bondel mei serieuze langere ferhalen útbrocht. Yn De boot naor Valhöll binne njoggen sammele en dêryn jout de ferteller de meastentiids tragyske libbensskiednis wer fan minsken dy't it swier (hân) hawwe om har te hanthavenjen. Hy fertelt út ferskillende perspektiven wei en yn lagen en dêrmei bewiist er fannijs wat oars biede te wollen as sljochtwei ferhalen yn 'e streektaal.
Njonken dy beide serieuze ferhalebondels publisearre er boeken mei mear tradisjonele, humoristyske, mar somtiids ek wol oandwaanlike ferhalen: Lamert en Lutske (1987), Lamert, Lutske en Doerak (1990), Stellingwarver Stiekelstokkies (bondele radiocolumns mei in seleksje op kassette yn 1991, 1993, 1995) en Een meenske is gien eerpel (1997). Yn 1998 ferskynde Verrassend Stellingwarfs, in bondel troch Johan Veenstra út it Nederlânsk oersette ferhalen fan favorite skriuwers as Marga Minco, Rudi van Dantzig, Rascha Peper en R.J. Peskens om mar fjouwer fan de tolve te neamen.
| |
Romans
Tsien jier neidat er mei it skriuwen begûn wie, kaam Johan Veenstra syn earste roman, Een vlinder van zulver (1981), út en dêrmei bewiisde er foargoed, dat er literêr talint hie.
It boek is goed skreaun yn in rike taal mei sfearfolle bylden, mar wat my it measte oanlûkt, is de fyngefoeligens dêr't de skriuwer syn haadpersoan mei tekene hat. Tema's as iensumens, homoseksualiteit, it ferrie fan minsken
| |
| |
lizze ornaris fier bûten it eachweid fan de streektaal-skriuwer, mar Veenstra kin se oan. Ek de struktuer fan it boek slút better oan by de moderne romanliteratuer as by de dialektskriuwerij.
Troch flash backs komt de lêzer in soad te witten fan de bernejierren fan de stille jonge ûnderwizer, dy't er syn ferhaal fertelle lit. Fan syn dimmenens en ûnwissens foar oare bern oer, syn gefoel fan meilibjen mei in buorfamke, fan de wredens fan de manlju dy't it skiep Griesien slachtsje, fan de dea fan de heit en it ‘ferrie’ fan de mem, dy't letter - yn de oarloch - mei in Dútske soldaat omslacht. Mei sa'n eftergrûn liket er foarbestimd foar in ienlik libben; it is hast as ropt er it ferrie fan syn hertsfreon oer him ôf, wylst er krekt troch dy ûnderfiningen út de bernetiid sa'n ferlet fan solidariteit hat. Troch de berne-oantinkens wurdt it ferhaal fan de folwoeksen haadfiguer dúdliker, mar ek oangripender. It gehiel hat de sjarme fan it spontane, de ferfrisseling fan doe en no docht net konstruearre oan, mar de iene sêne floeit logysk fuort út de foarige. Op in selde natuerlike wize drage de prachtige natuerbeskriuwings by oan de sfear fan it gehiel.
De flinter út de titel stiet foar it lok, dat de minsk neijaget, mar dat ta stof ferfalt op it stuit, dat er tinkt it wûnder te fangen. Troch subtyl dat flinterbyld yn ferskillende situaasjes te brûken hat de skriuwer in ienheid fan syn earste roman makke. Wat noch wol skaaimerkend foar streektaalliteratuer is, is dat it boek spilet yn de eigen omkriten.
De twadde roman, Naachs goelen de honnen (1984), giet lykas de earste ek wer oer minsklike relaasjes, oer tagedienens, eangst, skuldgefoelens, misbegryp en ienlikens, mar de skriuwer brekt dêryn mei de situearring yn it eigen gea. De haadfiguer David Mulder dy't as ferteller fungearret - dit is wer in ‘ik-boek’ - makket nammentlik in reis mei syn neef nei Egypte om ôfstân nimme te kinnen fan de tryste dingen dy't er meimakke hat en no is wat er ûnderweis sjocht oanlieding om werom te tinken oan syn ferline.
As David op in moarn út de trein nei it suden wei dia's meitsje wol, binne it byld fan in man mei in jonkje genôch om it fertriet yn folle swierte wer te fielen. It slimst wurdt er pleage troch skuldgefoelens foar syn twadde heit oer en troch it feit, dat er syn bêste freon Hugo net fan syn ûndergong as drugsferslaafde rêde kinnen hat.
Waoromme moe'k now toch weer an Heit daenken? Et liekt wel as et de hieltied vaeker weeromme komt. De verhaelen van vroeger. Mien leven in flitsen, in prenties van vroeger. Ik, et oolde huus, et mortuarium van et ziekenhuus, de starvende kri'je op 'e schostien, Hugo, autonommers opschrieven mit Hugo, prenties in de kauwgom: Romy Schneider en Karlheinz Böhm. Flitsen. [...] Heit... Heit, die heit niet is. Ik hebbe him niet aorig vienen kund en ik bin aachterof bekeken, goed beschouwd, zo vule te kot scheuten. Et plaogt me, vaeker en vaeker. Et is een zeurend gevuulte dat mit me mit reist. (s. 13)
Mei't fannijs it jeugdlân de lytse mienskip fan in Stellingwerfs doarp blykt te wêzen, leit de fraach nei it autobiografysk gehalte fan de roman foar de hân. Yn de sutelkrante fan de Schrieversronte, Twie pond 'n stuver hat de skriuwer dêrfan sein, dat yn syn beide romans hysels model stien hat foar de ikfiguer, mar dat dingen fan hiel oare minsken
| |
| |
fermongen binne mei syn eigen libbensfeiten en dat hysels de iennige is dy't krekt sizze kin, hokker passaazjes en fragminten echt oer himsels geane. Salang as de lêzers yn de romanwrâld leauwe kinne, is it fansels ek net wichtich om te witten oft eat ‘echt’ bard is en it is Veenstra yn dy twadde roman slagge om in konsistint gehiel te konstruearjen. Allinne de ein fyn ik wat ûnferwachts en dêrmei ûnbefredigjend.
It duorre nei Naachs goelen de honnen oant 1997 ear't de tredde roman, Toegift, útkaam, wylst Veenstra yn 1984 it ferhaal al yn grutte halen yn 'e holle en yn 1990 de opset rûn hie en ek al in haadstik skreaun. De skriuwer docht op al syn wurk in protte flyt, hy skaaft en filet der in soad oan om, mar mei dy tredde roman hat it wol hiel lang duorre, ear't it manuskript him nei't sin wie.
Haadpersoan/ik-figuer yn Toegift is Frank van Andel, in sechstiger mei in min houlik, dy't der op in dei op ferge wurdt in belofte dy't er yn de oarloch dien hat, nei te kommen. Wat leeftiid en boargerlike steat oanbelanget, kin de haadfiguer dizze kear net autobiografysk wêze en dat is te fernimmen. Al hat de man wol trekjes fan de skriuwer meikrige, hy docht ‘optocht’ oan. Mei útsûndering fan de fragminten dêr't Veenstra yn skriuwt oer de relaasje fan Frank mei syn âlde mem, miste ik de yntinse, ynlike sfear dy't benammen de earste roman sa meinimmend makke.
Yn myn resinsje yn 'e Ljouwerter Krante haw ik skreaun, dat Toegift foaral in roman is oer it minsklik ûnfermogen om foar it eigen lok te fjochtsjen. De skriuwer hat it opdroegen oan de neitins fan syn mem en wat fan it swijen oer de dochs tige wichtige dingen dy't ek har libben bepaald hawwe, wurdt yn dizze roman tematisearre. Hoe spannend it boek yn de haadlaach ek is, de twadde laach oer de ferhâlding fan in mem en in soan is nei myn betinken noch wol sa nijsgjirrich.
| |
Fersebondels
Nei it gelegenheidseftige fersewurk yn Wilde gaanzen (1974) publisearre Johan Veenstra fjouwer gedichtebondels: As de wilde roze bluuit (1979), De toren van De Lichtmis (1988), Sletel parredies (1994) en Winterlaand (2001). Sûnt de twadde bondel is de dichter persoanliker wurden yn syn poëzy. Yn it earste part fan dit stik haw ik dêr al it nedige oer opmurken. Persoanlik wêze op himsels smyt noch gjin geve poëzy op, mar it slagget Veenstra hyltyd better om it lykwicht te finen tusken de persoanlike emoasje en de ôfstân dêr't er dy mei ûnder wurden bringt. De lêzer is wol ynteressearre yn de yndividuele gefoelens fan de dichter, mar nimt fan syn fersen dochs mear mei, as dy gefoelens op in mear algemien plan brocht binne en foar mear minsken nei- en meifielber makke.
Hoe sfearfol, werkenber en dichterlik syn fersen yn it earstoan ek al wiene, hoe oansprekkend syn bylden, hy skoep meastentiids net wat, dat der noch net wie. De begjinnende dichter lei ek in soad út, wylst er letter de poëzy sels it wurk dwaan lit. Ek yn technysk opsicht is de poëzy fan Veenstra yn de rin fan de jierren sterker wurden. De foarm is no losser en it rym is minder neidruklik, al is it likegoed effektyf. Metrum en ritme lykje har spontaan oan te passen oan it tema. Guon fersen út de lêste bondel hawwe feart, oare binne rêstich en stimme neitinklik.
| |
| |
Yn al syn wurk is de geweldige macht oer de taal in sterk punt, mar yn syn poëzy falle de prachtige Stellingwerver wurden en útdrukkingen it measte op. Al wie syn pake net in Oertsjongster mar in ‘echte’ Fries, Johan Veenstra hat fan hûs út in geef Stellingwerfs meikrige en troch syn honkfêstens is dy taal amperoan bedoarn troch frjemde ynslûpsels. Hy bout ek oan syn taal. As lieder fan in wurdboekgroep yn syn eigen doarp heint er wurden en wizen fan sizzen op, dy't himsels net eigen binne, mar dy't noch wol yn libben gebrûk binne. Hy besiket bewust om dy op te nimmen yn syn eigen taalskat troch se ta te passen yn syn skriuwerij. Taalgefoel en in sterk ear foar kleur en nuânse binne part fan syn talint.
| |
Oar wurk
Net alles wat Johan Veenstra skreaun hat, hat it ta publikaasje yn boekfoarm brocht. Fan de 255 ‘Stiekelstokkies’ binne 150 bondele en 36 op kassettebantsjes fêstlein. Fan alles wat er foar De Ovend skreaun hat, is mar in part yn syn boeken telâne kommen en hy hat gâns gelegenheidswurk makke yn de foarm fan taspraken en ynliedingen. Ek op it terrein fan it meitsjen fan oarspronklike lietteksten en it oersetten fan wurk fan oaren hat er fertsjinstlik wurk dien. Ien fan de lêste aktiviteiten wie it skriuwen fan de ferbinende teksten foar de Stellingwarf Cantate, in syklus âlde en nije lieten skreaun foar it Anbo-koar fan Wolvegea en op muzyk set of arranzjearre troch de dirigint fan dat koar, Jan Brens. Mei elkoar jouwe de proazateksten en de lieten in byld fan de skiednis fan en it libben yn de Stellingwerven.
| |
Betsjutting
It sil dúdlik wurden wêzen dat Veenstra in grut oanpart hân hat oan de bloei fan de Stellingwerver literatuer. Mei syn 17-plus titels hat er de skriuwerij yn de streektaal ferbrede en ferdjippe. Sûnder syn foardrachten soene ferhalen yn it Stellingwerfsk net yn hiel Fryslân (en dêrbûten) sa wurdearre wêze. Hy hat in earsteklas ambassadeur wêze kinnen foar syn taal.
Mei't ik fan betinken bin, dat syn talint om goede romans en moaie poëzy te skriuwen útsûnderlik is, wylst oaren mânskernôch binne om it foar it ferskaat oan lêsstof likegoed breanedige lichtere wurk foar har rekken te nimmen, haw ik der, as ik dêr yn resinsjes de kâns foar krige, by Veenstra wol gauris op oanstien, dat er syn talint net fersnipelje en him mei de hiele hûd op it searieuze wurk smite moast. De skriuwer sels tinkt dêr oars oer. Hy hâldt fan de ôfwikseling en belibbet likefolle nocht oan it skriuwen foar in breed publyk. En: ‘Makkelik is niks. Alles is muuilik. De humoristische verhaelen krek liekegoed as bi'jgelieks de serieuze roman. De huud moet d'r altied ommeraek op. Aanders kriej' flodderwark en dat mag niet. Ie moe'n altied perberen et onderste uut de kanne te haelen. Ik bin gien groot schriever, mar ie moe'n d'r wel uuthaelen wat d'r in zit. Aanders doej' jezels te kot.’ (Twie pond 'n stuver, 2001).
It is Johan Veenstra syn eigen fêste oertsjûging dat it moaier is om wrâldferneamd te wêzen yn Nijeholtpea en omkriten as in marzjinaal skriuwer yn de wrâldliteratuer. Yn syn beheiningen leit tagelyk syn krêft. It iennige, dat him muoit, is dat er mar sa'n bytsje neifolgers en konkurrinten hat yn it Stellingwerfs.
|
|