It fersyk (1880)
Itty Sluis
‘Us heit hie gelyk. It tsjuster brocht my wer ljocht.’
‘It sil dochs net maklik wêze.’
‘Nee, dat is 't perfoarst net. Myn sjen is ús Romkje, sy lêst en skriuwt foar my.’
‘Al dy brieven dysto my skreaun hast, hat sy net skreaun.’
‘Nee, mar do fieldest it fuortdalik oan. Dyn antwurden wiene korrekt, saaklik en do gyngst net yn op myn ynderlike fragen. Ik hearde tusken de rigels wat ik witte woe. Ik fyn dat hiel goed fan dy.’
Wis lei er de tabaksdoaze op it taffeltsje en stoppe de piip. Doe't de brân deryn siet, line er efteroer. It like oft er neitocht.
‘Geertruida Jentink,’ sei er ynienen, ‘it bêste soe wêze dat wy de lapen gearsmieten. Do en ik, ik en do, tegearre de tiid troch. Tiid dy't wy krigen ha, oaren neame dat libjen.’
Hie se him goed ferstien? Se hie 't har hiel oars foarsteld. It fersyk: oant de dea skiedt! Se hearde de lûden op 'e dyk, syn sykheljen.
‘Bisto der wis fan dat ik dy hawwe wol?’
‘Ja!’
‘Hoe kin soks?’
‘Do hast my earder wat op 'e doele brocht, mar wy hawwe lang genôch briefke om te witten hoe't it der foarstiet. Ik bin ienentritich, do sânentweintich, wat let ús? Boppedat, it rint goed njonken dy.’
‘Dat is foldwaande, sânentweintich jier en it rint goed njonken my? Do witst net iens hoe't ik der útsjoch.’
Oebele lake. ‘Dat hawwe oaren my allang ferteld. Benammen it koarte hier falt op, want dat fertelle hja it earst. En dan: in pittich wyfke, net benaud. No dat lêste bin 'k my bewust fan. Ik hoech allinne dyn earste artikel foar de geast te heljen en dan tink ik: wy begripe elkoar.’
It ratteljen fan de lege kopkes op it blêd hearde lûder as wenst.
‘Wy moatte fan de krante libje en fan de jeften dy't ik fan guon minsken krij.’
‘Binne der sokke lju?’
‘De Alfener skûtmakker, architekt Pannevis en de Amsterdammer P.W. Jansen.
Fan Jansen allinne krij ik al seishûndert gûne jiers.’