In gouden medalje foar Fred Wagemans
Rudy Hodel
De Grote Hoop. Nederlandse kunst 1960-2001. Fries Museum, Ljouwert (o/m 14 april).
In skoft lyn, doe't ik noch foar de Ljouwerter Krante as keunstkritikus it fjild yn moast, wienen der altyd wer minsken dy't tochten dat ik ek keunstner wie, dat ik ien fan harren soarte wie. Hoe't se dêrby kamen wit ik net, mar hieltyd wer fregen se hoopfol oft ik ek skildere, tekene of myn fingers yn 'e wiete klaai stuts. Grut wie harren teloarstelling at ik dan as in automaat antwurde: ‘Nee, asjeblyft nee, ik bin gjin keunstner, ik ha gjin ambysjes of oanstriid yn dy rjochting, want ik ha gjin ideeën oer de wrâld, dy't de muoite wurdich binne.’ Skilderje (ensafuorthinne) as ‘kreative’ beuzichheid of - noch slimmer - as middel ta ‘kreative’ selsekspresje ynteressearre my gjin bal.
De tentoanstelling De Grote Hoop. Nederlandse kunst 1960-2001, dêr't wurk te sjen is fan 22 wichtige Nederlânske keunstners, giet eins oer deselde fraach. Wat is de funksje fan keunst? Is keunst it (ein)produkt fan de frije selsekspresje, de útdrukking fan it eigen, faak ta mytyske proporsjes opblaasde ego? Of is keunst in middel om de wrâld te toanen, en dêrmei it bewustwêzen fan de wurklikheid te ferhelderjen? Mei oare wurden: is keunst passyf en in doel op himsels of is keunst aktyf, in ynstrumint, dat ús oan it tinken sette kin? Fred Wagemans, it brein en de motor efter dizze foar Fryske ferhâldingen unike tentoanstelling, kiest lykas ûndertekene foar it lêste: keunst is it plak dêr't makker en taskôger elkoar moetsje.
De earste fraach is fansels de fraach nei de titel. Wat hat ‘De Grote Hoop’, dy't nei stront of poep ferwiist, te krijen mei de Nederlânske keunst fan 1960 oant en mei no? Alles, neffens Wagemans, dy't net allinnich keunsthistoarikus, mar ek tentoanstellingsmakker en galeryhâlder te Beetstersweach is. Lês syn hilaryske ynliedende katalogustekst en je begripe der neat mear fan. Want de útdrukking ‘de grote hoop’, oftewol de minslike ôfgong, hat mei de stront fan beide partijen te krijen: de stjonkende poep fan Karel Appel en alle oare frije kreativelingen stiet foar de reukleaze poep fan alle oaren oer dy't oan recycling dogge en dy't skite ta it ‘Nut fan it Algemien’. Je wurde der letterlik strontsiik fan. It hie hûndert persint better west om alle pseudoliterêre byldspraak troch it húske te spielen en foar in mear saaklike posysje te kiezen.
Dizze tentoanstelling giet (neffens my) foaral oer it ûntstean en de ynfloed fan de konseptuele keunst yn Nederlân sjoen troch de bril fan Fred Wagemans. Net mear en net minder. Sa binne der yn it Frysk Museum op syn minst fjouwer generaasjes Konseptuelen oan te wizen. De earsten binne de foarrinders fan Nul: Jan Schoonhoven en Henk Peeters. Dan komt de hard core generaasje fan 1968 mei Bas Jan Ader, Ben d'Armagnac en Jan Dibbets. Dêrnei komt yn 'e jierren tachtich de generaasje dy't de skilderkwast wer oppakt (René Daniëls,