Trotwaer. Jaargang 34
(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 74]
| |
saasje wêze yn it Lokaal achter de tsjerke. Foar de tredde kear lichtbeelden fan Albert Schweitzer. It is fansels al fierste let om no noch in sniehûs te bouwen. In sniehûs foar Yfke en him mei in kearske der yn en in jiskebakje om stikem te smoken, dat soe moai wêze. Under syn klompen bollet de snie al aardich op, hy is in winterreus op hege hakken. It doarp liket no op in krystkaart. De loft is fol fûnkelstjerren en de reek kringelet út de skoarstiennen omheech. De houtkachel fan Yme Geartsje kinst al fan fierren rûke. Hampy faget him mei de want de noas dy't lekker kidelt fan de kjeld. Yn de buorren by de Prinsetún tjirgje de bern har by it tsjerkestek. Sy smite de snieballen sa heech mooglik by de toer op. Dy fan Gabe Mast komme fansels fier boppe it fjouwerkant út. Sniebalje, dat kin Gabe wol. En famkes ynsjipje fansels. As se op de grûn lizze giet Gabe der boppe-op sitten oant se genade roppe. Hampy doart der mar amper nei te sjen. Hy skammet him foar Gabe dy't him hieltyd mear troch de oare jonges opruie lit. Gelokkich wurdt Yfke net pakt. ‘Wa doart syn tonge it langst tsjin it tsjerkestek te hâlden?’ raast Eke mei de reade wangen. Trije famkes doare wol. ‘Oan de oare kant fan it tsjerkestek stean gean sadat wy it goed sjen kinne wa't it earst fêstfriest!’ Eke kommandearret. Sy docht sels net mei. Yfke, Anita en Wieke wol. Se rinne as makke skiep nei de oare kant fan it stek. ‘Hjir kin it wol’, ropt Eke. De hiele ploech stiet der no ticht om hinne. De wedstriid fan it sniebaljen by de toer op is efkes stillein want as Eke wat betinkt, is it wat bysûnders. ‘Ik tel oant trije en dan moatte jimme it puntsje fan de tonge op it stek lizze, wa't it it langste folhâldt hat it wûn!’ Nei it startsein giet it los. Hampy stiet foaroan en sjocht strak nei Yfke har gesicht. Hy heart hoe't de hiele ploech lûd begjint te tellen. Yfke hat de eagen ticht, har eachteisters lykje op sierlike waaierkes en har tonge beweecht hiel foarsichtich hinne en wer oer it swarte glêde izer. Anita begjint al gau lûd te razen en lûkt har tonge werom. Yfke set troch. Hampy kin syn eagen net fan har ôfhâlde. Sy is yn opperste konsintraasje. Har tonge beweecht net allinnich tsjin it kâlde izer, sy slikket, sy streaket om net fêst te friezen. It lûde tellen giet ritmysk troch. Hampy fielt hoe't it ynienen yn syn liif begjin te baarnen, it is in djip oerweldigjend gefoel dat him de siken benimt. It is in pine dy't gjin pine is en dy't sûnder it te witten alles feroaret. |
|