ke. De binnenkant wie beklaaid mei read fluwiel, der baarnden in pear kearsen en der stie in bosk reade roazen op in lyts taffeltsje neist in himelbêd.
Ik wie belâne yn it gouden aai op it museum. It aai mei de bok.
It wie noch mar kertier oer sânen, noch alle tiid foar myn moeting mei de man út Minnertsgea, ik koe my noch wol even deljaan op dat prachtige himelbêd.
Ik klaaide my út en kroep ûnder it dûnzen dekbêd, it wie der lekker waarm, it rûkte nei roazen, de kearsen joegen in gouden ljocht en it duorre net lang of ik rekke suver wat yn 'e sûs.
De hân dy't ik even letter fielde wie sacht en waarm en wist wat er woe en koe, it wie de sachtste en waarmste hân dy't in frou har winskje koe en de man út Minnertsgea hat dy jûn fergees wachte.
In pear oeren letter wie de skym achter my ynienen ferdwûn, ik stapte út it himelbêd en koe noch krekt foar slutingstiid it museum ferlitte.
De oare deis hie ik it drok, ik moast in kaai fan it museum te pakken sjen te krijen - dat slagge - en ik moast beslisse oft ik dit foar my sels hâlde soe of diele mei mear froulju. Dat wie miskien wol better, want alle dagen sa'n erfaring soe my tefolle út myn evenwicht bringe. Ik fertelde it ien freondinne en doe rûn it as diggelfjoer troch de stêd.
Wy binne no mei ús tritigen, at de moanne 31 dagen hat, jouwe wy ús held de lêste dei frij. Dy is foar de man út Minnertsgea, hij krijt jûn syn beleanning foar al dy jûnen dat er fergees wachte hat, ik nim him dalik mei nei boppen, nei it gouden aai, yn it himelbêd lizze al twa fan myn freondinnen en sa sille we hieltyd mei ús trijen de man út Minnertsgea in nacht besoargje, dy't er nea ferjitte sil. We gunne it him graach, want sûnder him hiene we ús nije opwinende takomst misse moatten.
It is acht oere, ik gean nei ûnderen.