Leave Anne,
Margryt Poortstra
Aldeterp, jannewaarje 2002.
Of moat ik no Ann skriuwe. Do hast it mar foarinoar mei dy Dave fan dy. Jierren widdo, en dan no in rike Fryske Kanadees as man. Fansels begryp ik wol dat jim, as jim yn it heitelân binne, de earste kearen dat jim oerkomme by syn famylje tahâlde wolle en hjir net komme kinne. Ik sil dy wol skriftlik op 'e hichte hâlde.
By ús is alles goed. Wy wurde âlder. Takom jier binne wy fyftich jier troud. Wêr bliuwt de tiid?
Wy stienen fan 'e moarn tegearre foar de kalinder en ik wiisde it Douwe oan: as de skuorkalinder leech en it jier foarby is, fiere wy feest. Ik hie mear as in oere mei him oan 'e gong west. It plak nêst my wie leech doe't ik wekker waard. Ik fielde mei myn hân oer de lekkens en ik skeat der no ris net hastich ôf om te sjen wêr't er bedarre wie. Al wer wiet. In pear tellen net oan tinke, ien kear omdraaie, mei de eagen stiif ticht en hoopje dat, as ik se wer iepen doch, it tsien jier earder is.
No en dan soe ik graach mei dy prate wolle ynpleats fan skriuwe. Ik ha altyd fan it ûnwennige soarte west, as bern ommers al. Do hiest dêr gjin lêst fan. Lykwols is it moai datst de bern sa tichtby te wenjen hast. No't wy op jierren binne mis ik it wer dat wy gjin bern krigen ha, mar ik moat net kleie, Douwe en ik hawwe it al dy jierren goed hân tegearre.
Hy siet yn 'e wiete piama op 'e bank, nêst him de hiele ynhâld fan 'e krantebak. Ik prottele wat en woe witte wat er socht. It fakblêd moast er ha, hy woe de jonges op it wurk in artikel sjen litte. De jonges binne sels al hast mei pensjoen. Ik wit sa stadichoan dat ik neat fan it wiete bêd hoech te sizzen, hy wit soks net mear. Hy siet my dêr mei freegjende eagen oan te sjen, syn mûle in taknypt taartebekje sa sûnder gebit, en ik kroep him oan. Leave, leave Douwe, flústere ik yn syn ear. Doe't er my oanseach, wist ik dat ik him it grutste diel fan dizze dei wer kwyt wêze soe. Ik naam him by de hân en hy sjokte achter my oan nei de badkeamer.
Fan 'e deistige dinkjes sil ik dy mar net tefolle fertelle, dan is dit papier samar fol. Wy sille ús mar ta de wichtige saken beheine.
Saakje fan Jouke Gryt is ferstoarn, dy wenne yn 'e Tsjerkestrjitte in pear huzen fierderop, wistst noch wol? Gerryt wennet no ek yn in senioarenwente en komt hjir wolris del. Hy hat jierren lyn noch by Douwe wurke. Se libje alhiel yn it ferline as er hjir is.