Herhaling is de kracht van het onderwijs
‘Bitterswiet’ fan Tiny Mulder is miskien wol it bekendste leafdesgedicht út de Fryske literatuer. It prachtige boekje De wrâld yn bitterswiet (2001), mei 82 oersettingen fan dat fers, sil dêr grif ek noch sines ta bydroegen ha. Yn 82 talen dus, ek de hiele lytskes. By de oersettingen dy't ik benei komme koe, wiene der twa dy't my opfoelen. Beide omdat se sa dúdlik ‘oars’ binne. Dy fan Richard Heeres bygelyks, yn it Frjentsjerters. Elkenien komt mei in liet mar Heeres wol bloed sjen:
bitterswiet bitterswiet |
bittersoët bittersoët |
priuwt dit lytse leafdesliet |
floeit dit lauwe liefdesbloët |
Soms fyn ik de oersetting fan Heeres suver noch moaier as it orizjineel:
bitterswiet dit leafdeliet |
bittersoët dit liefdesbloët |
wurden? |
woarden? |
wurden hat it net |
woarden bloede niet |
Karel Gildemacher draait in seedeetsje en komt mei in weetsje. Yn it Snitsers:
harkest? |
hoarste? |
hark yn alle tunen |
hoar in alle tunen |
strykt de wyn op 't spinnetried |
strykt de wyn in sonatyn in bes |
't ienlik en ûnrêstich hert |
't eensaam en onrustich hart |
kloppet sêfter kloppet hjitter |
klopt dan sleauwer en dan fitter |
bitter swiet en swiet en bitter |
bitter soet en soet en bitter |
lústret lichter as de amme |
set noch skerper as plantijn syn setters |
lettertekens fan dyn namme |
dyn lieve naam in lieve letters |
‘in sonatyn in bes’: sa beskaafd as er syn muzyk wit te kiezen! ‘plantijn syn setters’: sa moai as er sa'n weetsje te pas wit te bringen! Grif in ûnderwizer.
‘dyn lieve naam in lieve letters’: herhaling is de kracht van het onderwijs.
Sjoerd Bottema