Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 69] [p. 69] Tsjisse Hettema Fill me up fill me up with the nicest one for the party has begun ik seach dyn eagen readbekape rôfdier mei it draaien nei it wyt sloechst dyn kloeren sa ynfieren yn myn fleis dat âlde akkoarden sûzen yn de wjokslach fan wat drige: de brieven wiene lang al brocht mar om de wierheid wurdt socht by har dy't it feest ferlitte skink dy seine de breid dat se opblaasd ta in byld it genot fan de leafde skylt dat ik dyn lêste leafde wêze soe wist ik al foar't de muzyk begûn Vorige Volgende