Libbenselikser
Jitske Kingma
De drompel fan belofte
It is faak mar in stapke, in glimke, in krekt wat langer oansjen wat it ferskil útmakket tusken allinne nei hûs fytse of mei immen fol belofte meigean. Fansels moatte je each ha foar in kâns. Dy is der altyd. Safolle sielen swalkje troch de stêd, sykjend om in pear oeren magyske ûntsnapping oan in libben dat faak hiel bot liket op wat tweintich jier lyn de grutste wearzge opropte.
It hoecht net foar lang te wêzen. Lange leafdes lizze in hypoteek op de flintergefoelens fan de tiid sûnder betingsten. It past allinne dan en krekt sa, in oere letter of in pilske mear jout it momint de deastek.
It kin foar de kassa wêze:
‘Is dit dyn wyn of myn wyn.’
‘Us wyn. Tegearre opdrinke?’
Of by it kaarterek fan it postkantoar:
‘Wy draaie iderkear tagelyk.’
‘Dat komt om't wy itselde sykje.’
Yn 'e boekhannel om Valentijnsdei hinne:
‘Der hoecht gjin hert op, it is net foar dy ûnsin.’
‘Mar it is net foar dy dei, it is foar dy.’
Soms is it nuodlik, it perspektyf wankt, mar it is in kollega of immen dêr't je saaklik mei te meitsjen hawwe. Dan is it dreger om grinspealtsjes om ien sa'n jûn hinne te setten. As it immen is dy't al gau wer fier fuort giet, dan kin it. Mar dan leit de finger hieltyd op de knop ‘alert’. Dat jout der dan in ekstra diminsje oan.
It wie in Belch. Hy wenne al jierren bûten syn bertelân. Hie safolle reizge dat er de koade fan omgean mei sa goed as ûnbekenden net mear koe. Dat wist er, hy ferûntskuldige him. Mar hy wie de hoflikens fan syn troch begoedige âlden, in protte personiel en like rike freonen dominearre jeugd nea kwytrekke. Hy skode net allinne myn stoel oan en hong myn jas op, mar achte it ek tige ûnfatsoenlik om sitten te bliuwen as syn tafeldame weromkaam nei't se har even ferwidere hie, dan hipte er even oerein. Seldsum, sa'n man. Hy wie eksoatysk selskip, dat nea die wat ik ferwachte mar hieltyd wat ik wolle soe, as ik witten hie dat it bestie.
Doe't wy oer strjitte rûnen, dy iene lange, eigenaardige jûn, woe er my in earm jaan. As ik wat geweldichs sei - en hy fûn dat ik dat faak die, hoe wie it mooglik dat er my net earder tsjinkommen wie - joech er my sêfte lytse tútsjes op it wang. As ik it oer syn wurk hie, pakte er yn ferfiering myn hân, dat ik it sa goed begrypte!
Myn liif klotste fan de drank, myn holle rûze fan betizing en hy wist fan gjin ophâlden. Wiene wy ûnderweis, nei in einleaze nacht?
‘Wat trillest,’ frege er besoarge.
‘Ik moat earst even gûle, ik sjoch de hoarizon net mear.’
‘Ooooo, wat leaf! Mei ik dyn triennen droegje?’
Wy hiene de hiele stêd troch west. Der brânde allinnich noch ljocht by syn hotel.
‘Sille wy der noch ien nimme?’ biddele hy.
Dy doar wie de lêste drompel nei it brekken fan de koade. Hy tilde my der oer.