Gelokkich, hy wie net dea. A. woe allinne even teste oft er noch fleane woe, want hy waard hieltiten sleauwer. De mich fleach. Foar mysels hie ik him al Piter neamd of Pedro, al nei it útkaam. It wie in gewoane húsmich, sa't der simmerdeis safolle binne en dêr't wy dan hiel wat fan deaslane. Mar no wie Piter de iennichste en wie it net ferfelend, al siet er je wol ris even op 'e hân of 'e knibbel. Faak socht er in plakje op it dashboerd, flak by in ruster fan de ferwaarming. Mar syn moaiste plak wie de efterútsjochspegel. Hy gie dan sa sitten dat er mei syn iene each nei foaren seach en mei it oare yn de spegel de saken efter de auto folgje koe. Wy wiene ferbjustere hoe tûk sa'n bist wol net is.
It earste moarns wie: ‘Hast Piter al sjoen?’ ‘Tink der om dat er net tusken it bêdeguod komt.’ ‘Moatst de doar net sa lang iepenstean litte!’
De breakrommels, in klobke sjem en it bytsje molkpoeier op it oanrjochtkastke rommen wy mei opsetsin net op. Iten foar Piter no? It die ús goed om te sjen hoe't Piter him it miel smeitsje liet. Syn slurfke gyng net allinne op en del, mar ek hin en wer en dat seit wat!
Doe wie it tiid om fierder te reizgjen. O heden as we him net seagen as A. efter it stjoer kroep en de motor starte. Soms kaam er pas nei oeren wer foar it ljocht. Dan sprutsen wy him earnstich ta. Dat ferrekte bist, ús sa ûngerêst te meitsjen. In soad joech it net, hy gyng syn eigen paad. Nei in wike liet er him oanhelje. Dat wol sizze, ik koe him as er foar my op it dashboerd siet - hiel foarsichtich - mei in finger oer syn rêch strike. Hy liet syn wjukjes trilje, in dúdlik teken dat er it lekker fûn.
Sa swalke Piter mei ús troch Spanje en liet him as in echt húsdier mei nei Ljouwert troane. Doe barde dêr't wy al dy wiken ûnderweis bang foar wienen, hy fleach nei bûten sadree't ik de doar iependie. Hie ik him fange moatten en yn in doaske opslute? Efternei nimme wy it ússels kwea-ôf dêr net better oer neitocht te hawwen. Piter wie fuort en bleau fuort. Wy seagen inoar oan en wisten neat te sizzen. De buorlju, dy't ús wolkom thús tarôpen en fertelden dat it mei Tokkel, ús kat, allegear yn oarder wie, wy hearden har net.
‘Skeelt der wat oan,’ freget buorfrou. ‘Jawis, ús Piter’, sa begjint A.
‘Hoe moat dat no fan 'e simmer?’ freget buorman, dy't altiten ûnder de frjemdste omstannichheden noch helder tinkt en ek no de gefolgen fan Piters flecht yn ien kear oanfielt. Net allinne foar ús, mar ek foar harren, foar de hiele strjitte. Wy wurde der stil fan at wy tinke oan alle gefaren dy't Piter en syn fleanende folkje bedriigje.