moanne wie. Dan giene party froulju oan it lijnen en ferkocht de man sawat gjin bonbons. Sokke froulju hellen oars samar alle wiken foar fiifentweintich gûne op. Dat is fansels neat ast it fergelikest mei in pear pakjes sigaretten, mar ast it tal kaloryen ris optelle soest, dan waardst al kjel! Lokkich foar de man helle de hannel yn 'e maitiid altyd wer oan. Spitigernôch is hy der mei opholden. Ek al wie 'k der trije pûn fan groeid, it heucht my noch altyd as myn smaaklikste Frysk en Frij- bydrage ea!
Doe't ik troude waard ik leau 'k wat hoedener mei de hagelslach en de flokken en wie 't wat oer mei de Bounty- en Broske-boel.
No moat ik ynienen tinke oan dy handige sûkelade produsinten, dy't nei it ûntwikkeljen fan allerhanne miny-farianten no ek mei miniatures begjinne: hiel skattich ynpakte brokjes sûkelade dyst yn puntpûdsjes fan in goed ûns keapje kinst. Noch wer tûker binne de doaskes celebrations: feestlik ferpakte sûkeladefarianten, lykas Twix, Bounty, Mars, Dove, Dove-caramel, Malteser ensfh. Happe sa hearlik fuort.
De kearen dat ik in bern oan it boarst hie, wie 't echt wer tiid om te sûkeladesnobjen, want doe groeide ik der dochs net fan. Op in stuit kaam sels minister Borst der mei oansetten dat sûkelade sa goed wie foar froulju dy't tate joegen. In jonge mem kin better net ôffalle. Dat woe fansels as in Merci-reepke yn my del, dat doe koe ik de kreambesite goed oanmoedigje om foar my wat sûkelade mei te nimmen. Kostlike tiden wiene dat.
Op 't stuit, mei sittend wurk en net sa'n sterk gebit, moat ik my behelpe my sa út en troch ris in Milka'tsje, in Alpe-reepke of in Bonbonbloc diskreet yn 't hântaske of yn 't burolaad.