Hiroshima, mon amour
Alida van der Meulen
Hy: |
Do hast neat sjoen yn Hiroshima. |
Sy: |
Ik haw alles sjoen. Alles. Ik haw it sikehûs sjoen. |
|
Dêr bin ik wis fan. It sikehûs bestiet yn Hiroshima. Hoe hie ik dêroan foarby sjen kind. |
Hy: |
Do hast gjin sikehûs sjoen yn Hiroshima. |
|
Do hast neat sjoen yn Hiroshima. |
Sy: |
Ik ha neat fantasearre. |
Hy: |
Do hast alles fantasearre. |
Sy: |
Neat. Like goed as yn 'e leafde dy yllúzje bestiet, de yllúzje fan nea ferjitte kinne, sa hie ik yn Hiroshima ek de yllúzje dat ik nea ferjitte soe. Krekt Oas yn 'e leafde. |
Doe't de literatuer noch net weistoppe wie yn it lytste keammerke fan it stúdzjehûs, lies ik Hiroshima, mon amour (fan Marguerite Duras yn elts gefal ien kear en gauris twa kear yn it jier mei myn hegere klassen. Oanslutend seagen wy dan de film fan Alain Resnais. De film is fan 1959, it tempo leit tige leech, hy is makke yn swart-wyt, net in film foar hjoeddeiske bern. Dochs wiene se hast altyd fassinearre.
Is it troch de betsjoenende taal fan Marguerite Duras of it fakmanskip fan Resnais? It ûnderwurp is dreech genôch, leafde yn Hiroshima of, earder noch, de ûnmooglikens fan leafde yn Hiroshima of, noch fierder en dan reitsje wy it haadtema fan Duras, de ûnmooglikens fan leafde.
De film is ien lange dialooch tusken in Frânske frou en in Japanske man. De frou spilet yn Hiroshima yn in film oer Hiroshima en de dei foardat sy wer nei Frankryk giet moetet se de Japanske man. Se belibje in koarte leafdesaffêre.
In grut part fan harren dialooch giet oer yllúzje en oer ûnthâld en oer de yllúzje nea ferjitte te sillen. De leafde net en de oarloch net. It bewustwêzen fan dy yllúzje jout in gefoel fan ôfgriis. Hoe soe in minske ea Hiroshima ferjitte kinne? Hoe kin der ea in tiid komme dat sy inoar ferjitte?
De frou seit it: krekt as yn 'e leafde hie ik yn Hiroshima de yllúzje dat ik nea ferjitte soe. En sy kin it witte want yn 'e rin fan de nacht docht bliken dat de frou har eigen Hiroshima meimakke hat. Yn 'e oarloch waard se fereale op in Dútske soldaat en belibbe mei him har earste leafde yn de stêd Nevers, dêr't se mei har âlden wenne. Twa dagen foar de befrijing wurdt de man hast ûnder har eagen deasketten. It achttjinjierrige famke wurdt keal skeard en troch har heit opsluten yn in kelder. In jier lang. Oant op in dei har mem har jild jout en in fyts en it boadskip om nei Parys ta te gean. As se dêr in dei letter oankomt
Emmanuele Riva en Eijl Okada yn Hiroshima, mon amour