Leafdesangst
Greet Andringa
Hastich, hastich en dan net goed lêze fansels. Dat doe wie der ynienen dit nuvere wurd yn it rychje útstellen fan de redaksje. ‘Wat is dat no wer foar healwizichheid?’ frege ik my ôf. Tagelyk seach ik myn fersin, der stie ommers noch in ‘l’ tusken. Mar it wurd waard ik net mear kwyt. It mei dan net bestean, ik wit wol wat it is.
It is drok yn 'e keamer fan Rutmer en Djoke. Tamme is der ek al. Ik sykje in plakje net te ticht by him. Ik eamelje wat tsjin de suster fan Rutmer. Dy sjoch ik krekt as Tamme mar twa kear yn 't jier, allinne op de jierdeis. Ik wit dat er nei my sjocht, en út en troch sjoch ik ek nei him. Mar we sjogge inoar net oan. Ek sûnder te sjen, wit ik wol wêr't er is: myn hûd is oan dy kant fan it liif folle gefoeliger. It fel pimpert. It is hast krekt as haw ik pikefel, mar dan sûnder de kjeld. Myn earen binne ôfjage op bepaalde frekwinsjes dy't in waarm spoar yn myn gemoed achterlitte, nei't ik der earst in bytsje fan skrokken bin. Ik reagearje op syn stimme, dy't tsjin immen oars praat, as de teisters fan in slak, it blêd fan in mimosa op oanreitsjen - earst lûk ik in bytsje byinoar om dan stadich en waarm wer út te skowen, út te tearen. Ik moat op myn skonken lette. As ik se net mei sin stil hâld, trilje se. Itselde jildt foar myn tosken: dy wolle it leafst de kastanjetpartij klapperje by it crescendo meldijtsje dat myn hert bûnzet. Underwyls haw ik it noch hieltyd mei Rinske oer har lêste befalling. Tamme en ik spylje dat der neat oan de hân is, dat we neat meiinoar te krijen hawwe. En dochs sjoch ik net ferheard op as hy, hielendal út de oare kant fan de folle keamer wei oanrinnen komt mei de pinne dêr't Rutmer syn suster my om freget.
Ik rûk him, in rook dy't der hieltyd al wie yn de grimelgrammel fan luchtsjes yn 'e keamer, mar dêr't ik no pas fan besef dat hy dat is. Hy sels en net Hugo Boss as ien fan dy oare feren mislieders.
Dat hielendal iepenstean fan myn sintugen, dat as in magneet rjochte wêzen op, is hast net te ferdragen. Freegje my net hoe't it ûntstien is: it wie der dalik, de earste kear dat we inoar moeten. Freegje my net wat ik der mei oan moat. Ik wurd der wurch fan. It fret enerzjy. Under it sprankeljend-ferhûgjende fan it ferhege bewustwêzen hat it in gnabjende ûndertoan. Ik fiel my ferdûbele. It is krekt as sjoch ik nei mysels troch de eagen fan in oar. Ik wurd in frjemd foar mysels. It wol net oergean. Mar as it dan dochs efkes wat ôfnimt, is der de ûnwjersteanbere driuw om te testen of it der noch wol is. Krekt as mei de tonge hieltyd efkes fiele moatte oan dat ferfeelsume útstekkende rântsje oan in tosk.
Ik stel mysels ûnsinnige fragen oer wat der barre soe as ik op him tastapte, as ik him oanreitsje soe. En wurd dan lulk op mysels en op him. Wat moat ik mei sokke gefoelens yn myn libben? It fersteurt de rêst, de oarder dy't ik my as selsmakke postmodern autonoom subjekt eigen makkt miende te hawwen. De yllúzje fan ik haw nimmen noadich spat útinoar as in reinbôgekleurige sjippebûle. Dat is foar my leafdesangst; de benaudens om mysels neaken en bleat as in kwetsber weakdier op it strân fan de maatskippij lizzen te sjen.