Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 59] [p. 59] Eppie Dam Nij heechliet Moai frommesbist, in palmbeam net te neamen is dyn stal. Dyn postuer is as de Aldehou, dyn rêch it klif fan Nijemardum. Byntwurk binne dyn skouders, twa swellen dyn eagen yn har djip gebou. Reade klaver is dyn mûle, yn pleats fan druvetrossen in souder nôt dyn boarsten, ytber en as sûpe dyn nâle. Gjin wijreek, nardus of kaniel fernim ik, triuw ik myn holle yn it tarre tou wurk fan dyn hier: skipsrom, skuorre, amme fan de golle. Vorige Volgende