En dood naast haar Lief zonk zij neer
Sjoerd Bottema
Ther wéron twa kéninges kindar,
Thá minnadon mankorum sa swíd;
Se machton nawt bi ekkòr cuma:
Thet wetir was fulla to wíd.
Sa song yn 1845 Harmen Sytses Sytstra, yn it Frysk fan syn dreamen. De bekendste ferzje fan dit ferneamde leafdesferhaal is de Middelnederlânske ballade. Dy is yn hast elk Nederlânsk literatuerboek te finen. Minder bekend is de bewurking fan Jan Pieter Heye, tiidgenoat fan Sytstra en lykas him ‘folksdichter’. Wa't de bewurking fan Jan Pieter Heye neist de Middelnederlânske ferzje leit en de bewurking fan Sytstra, ûntdekt in pear ynteressante ferskillen.
Earst even hoe't it fierder giet mei de twa keningsbern: hy sil har op in nacht skake. It prinseske stekt in ljocht op dat de jonge prins, as er it wetter oer swimt om har te heljen, ta in beaken wêze sil.
Met een quam daer een besje,
En die blies uyt de keerssen.
Daer verdroncker dien jongen helt.
It prinseske hat de oare moarns al sa'n foargefoel en jout in fisker opdracht de boaiem fan de mar ôf te dregjen. En ja hear...
It wetter wie ‘fulla to wíd’. Yn de Middelnederlânske ferzje is it wetter ‘te diep’. Te wiid of te djip, dêr maalde Jan Pieter Heye net om en ien plus ien is twa: ‘Te diep en te wijd was het meer.’ Mar dêr giet it no net om. As it prinseske har drinkeldeade tutet:
Sy kusten hem voor sijn mont.
Se nám hire liaw'st in hire árma
And patade sine bléke múnd.
- dan komt der in typearjend ferskil oan it ljocht:
Zij vatte hem in hare armen
En kuste zijn wangen zoo teer.
En oan 'e ein wurdt dat noch dúdliker:
Se triûwde hine fest ân hire herte,
Thet herte, thet déde hire sa wá,
And langor ne machte se nawt libbia,
And sprung mith him inna sé.
Yn de middelnederlânske ferzje ropt it frommeske noch: ‘Ick vaerder na 't hemelrijk.’ Jinsels tekoart dwaan en dan roppe ‘ick vaerder na 't hemelrijk’? Dat is noch slimmer as flokke yn tsjerke! Jan Pieter Heye siet der raar mei yn 'e mage. Mar úteinlik fûn er dochs de oplossing:
Haar harte dat brak in tranen: ...
En dood naast haar Lief zonk zij neer.
It drama is in melodrama wurden, mar de siel fan it famke is rêden...