Diskear is alles lykwols grut en profesjoneel oanpakt. Mei tolve sponsors is der yn it ramt fan de yntegraasje hiel wat te besteegjen. De reklamekampanje liicht der ek net om: Omrop Fryslân radio en televyzje, posters, kranten, in website en glossy programmaboekjes. Yn de folder as ekstra attraksje it soele bekje fan de Blom en yn fette letters de Grutte Nammen: Gerrit Jan Zwier, Rense Westra, ús Tsjêbbe (dy't yn 't echt op Curaçao sit) en Martin Ros. En jawis, al wer: Marion Bloem. Wy kinne net om har hinne.
Het verlangen vertolkt, terwijl de storm loeit, koppet sneons de Ljouwerter. Mei gefaar foar eigen libben binne wy freeds yndied de woeste eleminten treast, om te dielen yn de ferhalen fan langstme. Fyftjin lokaasjes, mei mar twa rondes te gean. It hiele libben is kiezen, dat God zegene de greep: as earste nei de Joadske skoalle.
Wêr bliuwt ús ferstân as it even op 'e rin is? freget Vilde Katshke him dêr yn it djipsinnige Jiddyske ferhaal ôf. Wy freegje ús itselde in oere letter wanhopich ôf.
De gastfrou fan Galerie Tudor hie ús warskôgje moatten. Sy is dy twadde omloop bekend mei de ynhâld fan it program en sy sjocht wa't der binnenkomme. Se docht it net. De Blom is wat lakerich en hat it benammen drok mei moai te wêzen. Foar't se út ein set mei de gedichten en boekefragminten freget se oft der minsken fan-ûnder-de-sechtjin yn it publyk sitte. In fraach dêr't se it antwurd op wit. Ik wiis nei de beide famkes. Har reaksje is in foarboade fan it nivo dat ús te wachtsjen stiet: ‘Ja, maar die zijn toch al achttien?’
Oer it serieusnimmen fan jin publyk praat. Al nei fiif minuten sit ik yn in koker fan ûnmacht. Wêrom gean ik net stean en rin derút? Wol ik foar it hantsjefol minsken myn fatsoen hâlde? Of bin ik benijd hoe't it beteart? De ferhalen oer langstme út de Gordel van Smaragd blike útslutend te gean oer langstmen ûnder dy gurl. Se ha dan ek neat te krijen mei it tema fan it festival: Verlangen is bij voortduring vervuld zijn van begeerte of wens naar iets dat men vooralsnog niet kan krijgen of dat voorbij is. De Blom lit yn har ferhalen alle langsten fuortdalik befredigje, ta ús ôfgriis ek noch yn Bouquetreeks-eftige klisjeesinnen en ôfkôge wurden.
Mei it nivo fan Elisabeth en Helena stiet it der gelokkich aardich better foar. Sûnder te ferblikken sitte se de tiid út dat de ik-persoan trije of fjouwer manlju ‘tussen haar benen toelaat’ en ‘lippen vele lichaamsdelen beroeren’. Ik reitsje út ferfeelsumens de tel kwyt. Wurden dy't de beide famkes net begripe, meie se ‘vergeten, of thuis in het woordenboek opzoeken’, seit de skriuwster. Elisabeth lûkt fyntsjes ien wynbrau op. Se wit allang wat ‘neuken’ betsjut, ek al is it op syn Yndonesysk.
Blom, har ‘voortdurend bewust van de contouren van haar lichaam’ fielt har hieltyd ûngemakliker ûnder de rêstige, spotske eagen fan myn beide nichtsjes. Se heart harsels praten en dat stiet har te priizgjen. Bern tsjinje wol faker as spegel.
It iennige bysûndere fan dizze oere is, dat hy foarby giet, al is it oerstadich. As de trije gitaargrepen fan de Molukse begelieder útstjerre, is de stoarm lizzen gien en Blom mei de Noardersinne fertrokken. Bûtendoar suchtet Elisabeth yn har soppichste Flaamsk: ‘Nou jaa zègh, nu weet ik ieder geval welke boeken ik later NIET moet lezen.’ Thús dûkt se myn boekekast yn om te sykjen by de B. Gjin Blommeboek te finen. Op myn fraach wat se dêr dan yn 'e frede mei moat, sjocht se my gutich oan en seit: ‘We zouden toch de houtkachel aansteken?’
Marga Claus