Trioel
Alles went
Even wie ik der ôf. Ulke Brolsma lies - by de feestlike oanbieding fan Doeke Sijens syn Brolsma-biografy - it oangripend ferhaal fan syn oantinkens foar: ‘Pake’, sa't it no ek yn it novimbernûmer stien hat. Ik skrille doe't er ferhelle hoe'n spul as heit Lieuwe en pake Reinder hân hienen by in kuier troch de Prinsetún dêr't hy, lytse Ulke, tsjûge fan wie. En dat er heit doe tsjin pake roppen hearde: Gean dochs wer wat skriuwen...
Doe't ik dat hearde wie ik der dus effen ôf en no by it lêzen gong de grize my fannijs oer de grouwe. De kâns is lykwols grut dat lêzers jonger as lit my sizze fyftich jier gjin aan hawwe fan wat der my sa dwers sit yn it hjirboppe kursyf ôfprinte sitaat: de wurden dy't de jongste Brolsma miende beharke te hawwen út de mûle fan syn heit, no in lytse heale ieu lyn. Miende, sis ik, want ik bin der wol wis fan dat syn ûnthâld him hjir ferrifelet. Lieuwe Brolsma en syn heit ommers praten mei-elkoar troch 'en dei it Frysk fan dy tiid - sa mei men oannimme. Dat Frysk wie lang sa bot noch net troch it Hollânsk beynfloede as wat wy hjoed-de-dei wend binne. In sinskonstruksje as ‘gean dochs wer wat skriuwen’ wie dêrom út sokke mûlen (en foar sokke earen) in ûnbesteanberheid, stridich mei wat hja yntuityf as normaal Frysk hantearren. Ik gean der fan út dat Lieuwe sokssawat sein hawwe sil as: ‘Man, wêrom skriuwe Jo net wer ris wat?’ of: ‘Begjin ris wer wat te skriuwen!’
Ik wol nimmen op it sear komme, mar de oast sit hjir sitte dat it Hollânske grammatikale model (Ga toch weer wat schrijven) der by Ulke Brolsma sà ynslipe sit dat er der flotwei sûnder euvelmoed in Fryske oersetting fan makket. Hy mei dat wat my oanbelanget yn syn eigen proaza dwaan (hoewol, hoewol...), mar yn dit gefal mocht dat perfoars net. Hjir bylket sa'n anakronisme slim mispleatst.
Ik sil de skriuwer der net te hurd om falle. Likemin as ik syn jongere konfrater Meindert Talma hjitfolgje sil omdat dy okkerwyks yn in kollumke yn de lc in fergelykbere flater makke doe't er syn Beppe sizze liet dat dizze of jinge ‘sliepen gean’ moast. Foar't wy it ús ergerje sille soksoarte ûnfryske konstruksjes algemien wurden wêze en foar normaal Frysk trochgean. Eigentiidsk - net dan? Jawis, alles went.
Sels haw ik nochris it haadstik lêzen dat D.A. Tamminga oan dit taalferskynsel wijd hat yn it earste diel fan syn Op 'e taelhelling (1963). ‘Myn broer giet trouwen’, stiet der boppe. Learsume lektuer. Ek yn dy sin dat men wiis wurdt hoe hurd fanâlds hantearre en bewende taalnoarmen ôfbroazelje.
Freark Dam