Trioel
Yn 'e wei
De spytbokken oan it adres fan W.G. van de Hulst dy't ik tsjinkaam yn Jabik Veenbaas syn besprek fan J.P. Wiersma's epos Aldfaars grûn (lc 30/11/01) hat my yn 'e wei west. It kristlik leauwe dêr't dizze Hollânske skriuwer yn syn boeken en boekjes fan tsjûget mei dan net mear ‘fan ús tiid’ wêze, syn trêften as auteur fan, by fyn èn grou, wurdearre bernelektuer wurde miskend as er, lykas Veenbaas liket te dwaan, as in ‘mjitsk moralist’ ôfdien wurdt. Der gappet nammers tusken Van de Hulst en Wiersma yn elk opsicht sa'n djippe kleau dat se, hoe dan ek en wêr dan ek sels net by wize fan grapke ûnder ien neamer te bringen binne, sa't Veenbaas efkes besocht hat te dwaan - ta skea allinne fan syn reputaasje as serieus resinsint.
Fierders hoopje ik dat yn dit stikje, oars as yn Veenbaas syn skôging, de namme fan de sûnt jier en dei ferneamde skriuwer goed stavere wurde sil (tankewol, setter!) en dus nèt as Van deR Hulst.
Freark Dam