Muzikaal in stevich wyntsje, tekstueel in sigentsje
It cd-debút fan Gurbe Douwstra
Jelle Bangma
Dizze stoarm is de debút-cd mei trettjin ferskes fan Gurbe Douwstra. Alle teksten binne fan himsels en op twa nei is ek de muzyk troch him komponearre. De ferskes dogge meast folk- en country-eftich oan. Douwstra begeliedt himsels foar it grutste part op 'e gitaar en wurdt fierder muzikaal bystien troch in grut skala oan muzikanten. Muzikaal is der dan ek in protte fariaasje mei no in dobro, dan in banjo of perkusje en yn 't lêst noch in fioele en fluit of inkeld piano. Swier slachwurk is weilitten, de kontrabas of basgitaar lizze de basis.
Gurbe Douwstra is radioman by Omrop Fryslân en wa't in protte nei dy stjoerder harket, moat even wenne oan in sjongende Douwstra. Sa gie it my alteast, mar nei in pear nûmers wie dat oer. Syn waarme bas-bariton wint it dan fan de radiostim.
Douwstra is in fjirtiger en hat grif al moai wat jierren by gelegenheid lietsjes foar 't fuotljocht brocht. Even op in feestje of yn 'e pleatslike kroech, jûns let as de stimming der goed yn sit. ‘Toe Gurbe, sjong even.’ En sa hat er teksten sammele op fodsjes en meldijen bewarre yn laadsjes. Oant der ien rôp: ‘Kenst selfwel foar de radio’ en in oare dronken feestgonger biddele om in cd - ‘Werklik, ik hat de tranen yn 'e ogen’ - en Gurbe ek sels al begûn te leauwen yn syn ûndersnijde talint. En as produsint Harry Zwerver him by de Omrop al wer treft by de kofje-automaat en der op 'e nij oer begjint is Gurbe troch de bocht. Dan moat it mar ris wêze. Sa kin ik my dat foarstelle.
Dat sy dûke de studio yn by Walter Tremp yn Bitgummole. In goede kar, want dy hat der ferstân fan, da's bekend en mei ‘miereneuker’ Zwerver as produsint komt it allegearre perfekt op 'e skiif. En is it dêrmei dan ek in slagge cd?
Ja en nee. Nee, want - om yn it taalgebrûk fan Douwstra te bliuwen - dy teksten binne kloaten. Se binne meast klisjee en plat, ja betiden sels grof. Utermate geskikt dus foar de kroech dêr't dochs net echt harke wurdt, mar op sa'n cd, stil harkjend yn 'e bank falt Douwstra troch de koer. Postpuberale teksten dus mei in heech kroechgehalte - drank en froulju - mei titels as ‘Kloaten foar 't blok’, ‘Bliksem Beitske’ en ‘Country-line’. Dy lêste giet oer Jeltsje dy't mar gjin freon krije kin en dan, har rie tenein, op country-line dûnsjen giet. Mar ek dêr slagget se net oan 'e man; dat ‘Dit waard Jeltsje slim tefolle, se lei de lasso om de holle’. En sa waard se fûn. ‘Earne healwei tusken Drachten en De Pein. Op in briefke hie se skreaun, ik kin net libje sûnder freon, dus hjir hingje ik no oan myn country-line.’
Mar it djiptepunt (al is it muzikaal noch sa aardich) is wol it slotkûplet yn ‘Bliksem Beitske’. Yn dat liet is de sjonger hielendal oeral fan Beitske en beslút: ‘Dus as in sike manljushin rin ik hjir troch de stêd. Der is mar ien ding dat ik wol en dat's mei dy op bêd. Achter dyn breiden broekje jou ik my dan wol del. En astû my dan tutest, krij 'k einepikefel. Dus foar de alderlêste kear, dû bist folslein unyk. En at 'k mysels in hoanne neam, wês dû dan dochs myn pyk. Ik soargje foar dyn aaikes, dû bist foar my it sâlt. En mei in hok fol neiteam, wurde wy tegearre âld.’ Aldus de dichter Douwstra.
Kwa tekst bliuwe der mar trije lietsjes oer-