Oebele Naneur
Gedonder
Fan 'e moarn, de lêste fan oktober: myn keamers moatte skjin. De stofsûger stiet ree, in druk op 'e knop en it gejammer begjint. Seit my healwei de put dy sûger fan ho. Welja, twa jier âld, tink ik, en dan al... Mar nee, de lampen ferpoffe it ek te brânen. Dat ik nei it ljocht- en gasmeterkastke. De stoppen binne net sprongen. Soe der in stroomsteuring wêze? Hè, wat no wer in gedonder.
Komme driigjende, gromjende lûden fan bûten ôf nei binnen. Earne in kabel trochstutsen? giet it troch my hinne. Sit hjir graaffolk yn 'e wyk? Nee wol! Dat de foardoar doch ik iepen. Fljocht der in griene gemeentewein sûzjend troch de hjerstblêden. Op 'e sydkant fan dy wein lês ik: Ik kin net oer gedonder... De rest fan de tekst ferdwynt achter myn hage fan klimmerblêd. Dat ik de dyk út, achter dy wein oandrave en dan lês ik: Ik kin net oer gedonder. Ik mei der noch minder sonder. En mei in lytse letter derûnder: Trinus Riemersma.
berber