Bizarre bylden troch swarte egen
Syta Palma
Steven H.P. de Jong, Swarte egen, in ferhaal út Earnewâld om 1730 hinne. Koperative Utjowerij, Boalsert 2001. 152 siden. € 12,50
Swarte egen, de nijste roman fan Steven de Jong is in ferhaal út Earnewâld om 1730 hinne. Ofgeande op it jiertal soe it in histoaryske roman wêze kinne, mar it pakt oars út.
It ferhaal begjint en beslút mei in herberchsêne. Der sitte wat healdronken doarpsfigueren byinoar dy't har wakker mei smoarch praat fermeitsje. Sneontejûns kamen der mear manlju. Se hienen har lean bard en sochten wat ferdivedaasje, om't se troch de wike ombealgje moasten. Dizze Earnewâldsters wienen sûndige, mar dochs brave kristenen dy't sneins trou yn tsjerke sieten, seit de ferteller. Efkes letter kriget men troch wêrom't se sa trou tsjerken. It is de ‘diktator fan Earnewâld, de almachtige boer en feanbaas, Jouteboer, dy't mei syn gleone koalegen de seden, noarmen en benammen de rjochte lear bewekke en deryn druide’. - Op 'e nij in boereroman foar it Fryske folk?
Der wie lykwols noch immen dy't in machtsposysje yn dat fermidden ynnaam. In jongfaam, frjemdernôch, en boppedat ien mei tinkbylden sa't men dy tsjintwurdich oantreft. De skriuwer sjocht blykber op gjin trije ieuwen.
Froukje en har heit kamen nea yn tsjerke en likemin yn 'e kroech. Elkenien dy't earne oer yn noed en soarch siet, fûn treast by Froukje, foaral de manlju mochten har dêrom graach lije, se wienen allegearre fereale op har.
‘Troch har ûnoantaastberens, hilligens, hie se macht oer manlju dêr't se sels gjin aan fan hie.’ Sy en har freon Bauke, mei syn ‘prachtich ljocht gouden hier’, soe men ferlykje kinne mei Joazef en Maria, seit de ferteller. De froulju út it doarp wienen frijwat oergeunstich op de frijheid, op de macht fan dizze ‘goadinne’. Men koe wrachtsjes wol yn in soapsearje telâne kommen wêze.
Dat romantyske aureoal om Froukje hinne wurdt lykwols noch fersterke troch it hâlden en dragen fan de doarpsdûmny. Nei't er dy sneins oer de divel preke hie, dy't yn it stal fan in hiele moaie frou ta jin komme koe, en de tsjerkegongers fuortendaliks wisten wa't er op 't each hie, aventoere dûmny him yn 'e buert fan Froukjes hûs. Dêr kriich er in bryk ûngelok. Mar de behelpsume Froukje seach it en lynjend op har ‘sêfte mûtele lea’ joech er him úteinlik, mei in broeierige holle fan sinlik geniet, by har yn 'e hûs del. Doe't er in hearlik bakje kofje fan har kriich, rekke er yn ekstaze. Hy tocht dat er in ‘ingel, de hillige maagd’ seach. Diskear is men yn in anakronistyske klucht fersyld rekke.
Fuort dêrnei kriget de lêzer mear ynformaasje oer de baas fan it doarp. Neffens de ferteller is syn machtsgleonens oars neat as kamûflaazje fan ynderlike eangst. Syn mem hie him as lyts jonkje, by in grutte brân yn 'e flammen efterlitten. Sûnt dy tiid hate er de froulju, dy't er no ris stiif flokte en dan wer as in rôfdier besprong, nei't se earst God smeekje moasten om ferjeffenis fan har sûnde. Mei dizze twangboal waard Froukje konfrontearre doe't se foar dûmny Dorhout (klisjee namme) ferfier regelje woe. ‘Se fielde har warleas foar dit erotysk geweld oer.’ Op 'e bolderwein waard se ferkrêfte troch dy ‘gluorkjende liuw’. Gjin soapstory, likemin in klucht, it is no in mearke, dêr't in