Yn ‘In swak hert’ beskriuwt Brolsma mei oertsjûging de famyljehel fan botsende temperaminten dy't ta elkoar feroardiele binne. It liket as sil der nea ien fan de razende bruorren dy't inoar it bloed ûnder de neilen weihelje winne, oant de heit fan de haadpersoan, út waans perspektyf wei it ferhaal skreaun is, midden op it doarpsplein lizzen giet, mompelt ‘ik kin net mear’ en dêrnei nea wer in wurd seit. Dit ferhaal is sterk yn syn beskriuwing fan plat mar fûneminteel skeel oer identiteit en status.
‘Laban’ hat, krekt as ‘Lima’, no en dan oanstriid tsjin it klisjee oan te skobjen. De haadpersoan is in ‘kakmadam’ út Amsterdam, dy't mei har man nei it Fryske plattelân ferfearn is en it balten fan de kij ferbiede litte wol om't se der net fan sliepe kin. Harren houlik is lang lyn stoarn, hy hat der in freondintsje by yn Amsterdam, de sêfte Sophie en ek sy fynt in strak jongeslichem, dat har leart ‘wat seks foar in frou betsjut’. It ferhaal wyndert oan 'e ein wat út, de wichtichste relaasjes feroarje sûnder al tefolle oanset en oertsjûging. ‘Laban’ hat lykwols genôch sfear en mystearje om je nei de ein fan it ferhaal te lieden, om je, dêr bedarre, teloar te stellen.
Yn ‘Teodora’ flitst Brolsma soms wat nuver troch it libben fan de haadpersoan hinne, mar dochs wit er ek hjir in sfear del te setten dy't pakt. Hjir stiet de sechstich jier duorjende behearsking fan in gjirrige graaf fan it libben fan in soarte fan Jiskepûster sintraal. Dit ferhaal komt benammen yn it lêste part, as de haadpersoan de macht oer har libben weromnimt, goed fan de grûn. Hy jout har krêft en snoadens mei en hat dan de folle oandacht.
Yn ‘Toaniel’ komt in frou dy't neffens har omjouwing ûntspoart, mar dy't like goed ûnbegrepen wêze kin, foar it fuotljocht yn de ferskillende rollen dy't se yn har libben en op it toaniel spilet. Yn guon parten is der sprake fan in sekere beklemming en ferrassing, mar as gehiel is it syktebyld fan dizze frou foar myn gefoel net genôch út har eigen inerlik wei delsetten. In dúdlik byld krije je eins net fan de frou. Dat is spitich, want der sit genôch grûn foar drama yn de opset fan it ferhaal.
Dit lêste ferhaal is wol in bytsje symboalysk foar guon aspekten fan Ulke Brolsma syn proaza. Hy kiest aparte lokaasjes, frjemde geasten, begjint mei in fiedingsboaiem foar konflikten, mar slagget der op de ien of oare wize net yn, dy ûntjouwingen sa útrôlje te litten dat de potinsje dy't der yn de ferhalen sit der echt út komt. Der binne útsûnderingen, Iona bygelyks en In swak hert, mar oer it gehiel nommen kinne de ferhalen noch wol wat skrasserij en oanskerping brûke. Dat dizze debutant talint hat, liket my lykwols dûdlik. Hy set prachtige situaasjes del, betinkt orizjinele ûntjouwingen en kin de spanning subtyl fêsthâlde. Mar it liket as siket er noch in bytsje nei in eigen foarm of styl. En, hy kin hiel goed fertelle, mar no en dan freegje ik my wol ôf, wat hat er no krekt te sizzen?