| |
| |
| |
By de biografy fan Reinder Brolsma (1882-1953)
Lof en tragyk fan in skriuwerslibben
Durk van der Ploeg
Doeke Sijens, Sa'n tûzen blauwe skriften. Biografy fan Reinder Brolsma. Koperative Utjowerij, Boalsert 2001. Ynnaaid 376 siden. € 22,50.
Wat besielet in minske om it libben fan in persoan fan grutter of lytser histoaryske betsjutting op papier fêst te lizzen? Dy fraach sil Doeke Sijens himsels net steld ha, doe't er it plan opfette om it libben, dat ferskûle gyng efter sa'n tûzen blauwe skriften, op te skriuwen. Fansels, hy hat sjarmearre west fan Reinder Brolsma as persoan en as skriuwer. Dêr hat er alles fan witte wollen. Mar makke dat it skriuwen fan in biografy mooglik? Dat wol sizze, in trochrinnend ferhaal dat net allinne in byld jaan moat fan persoan en wurk tsjin in maatskiplik dekor, mar tagelyk sa meinimmend wêze moat, dat it lêst as in roman? Want hokker biografy jo tsjintwurdich ek mar iepenslagge, dy oanprizing kriget it mei. Sa opwinend wie it libben fan de Brolsma's no ek wer net. En lykas der fan de tûzen blauwe skriften mar in inkeld bewarre bleau, sa is oer libben en wurk fan Reinder Brolsma ek net folle bewarre.
It moat foaral it skriuwerskip en de ûntjouwing dêrfan west ha dat Doeke Sijens ta dit ûnbidigen wurk oanset hat. Hy moat him fral oanlutsen field ha ta de lytse tragyk yn it libben fan de Fryske folksskriuwer yn 't algemien. En ta de tragyk yn it libben fan Reinder Brolsma, dy't er ‘in grut skriuwer’ neamt, yn it bysûnder.
Fiif jier hat Doeke Sijens wurk hân om mei help fan kaartebakken, fol mûnling en skriftlik feitemateriaal, it foarbije libben fan Reinder Brolsma te rekonstruearjen, om it by einsluten yn in gearstald ferhaal fêst te lizzen. Wa leaut lykwols dat mei it kronologysk yn folchoarder setten fan libbensfragminten en dêrby hearrende feiten en feitsjes in libben te efterheljen is? Wittenskiplik leaut nimmen dat. Dêrom, der is mear romte nedich om dat oannimlik te meitsjen. En noch mear romte om it ta werklikheid komme te litten. Want wa't allinne de feiten kreas op in rychje set, kriget, benammen yn it gefal Brolsma, gjin libbensbeskriuwing. Dêrom, wa't in biografy skriuwe wol, belibbet dat libben fannijs en siket mei ynterpretaasje en ûnderstelling nei in sa folslein mooglik byld.
Dêrmei stiet de biograaf tusken de wittenskipper en de romanskriuwer. De iene moat foar in sa suver mooglike ferantwurding alles mei feiten bewize, de oare swimt yn fiktive romten. De biograaf giet út fan beide. Hy besiket gatten yn it feitemateriaal mei ynterpretaasje te tichtsjen. Hy sil hieltyd wer út 'e kontekst wei, mei foar de hân lizzende mienings it ferhaal bûge nei in foar him meast oannimlike oplossing. Docht er dat net, dan wurdt it gjin libbensferhaal mar in samling feiten sûnder ferbân. Dêrom, in biografy heart basearre te wêzen op in te kontrolearjen histoaryske realiteit, wurdt opboud út tûzenen meast los fan inoar steande feiten, mar wurdt yn de útfiering skreaun mei in persoanlike ynset en ferantwurdlikens. En dat komt aardich yn de rjochting fan de technyk fan de realistyske roman.
Mar wêr hâldt dan de objektiviteit op, en wêr begjint de subjektiviteit? Richard Holmes, ien
| |
| |
fan de bêste Ingelske biografen fan ûnder oaren Shelley en Coleridge skriuwt oer dit dualistysk karakter fan de biografy: ‘Sels it kaartsysteem is by einsluten net objektyf. Fan it momint ôf dat er kronology bringt yn it materiaal, is de biograaf dwaande in ferhaal te betinken dat by de feiten past. Wat er skriuwt is dat ferhaal, net de feiten.’ Dat de lêzer is warskôge.
| |
Yndividu
Wa wie Reinder Brolsma? Wa't noch fan foar de oarloch is, kin dêr grif flot in antwurd op jaan. Mar fan lettere generaasjes binne it mar inkelden dy't út 'e fierte noch weet hawwe dat it in skriuwer west hawwe moat. En fierder witte se neat fan him. As ien fan de meast produktive skriuwers fan de earste helte fan de tweintichste ieu, bleau Reinder Brolsma altyd op 'e eftergrûn. It wie Douwe Kalma dy't yn 1951 - Brolsma wie doe yn syn santichste -, yn it ynliedend wurd fan de sammelbondel Sa seach ik Fryslân, foar it earst de wichtichste feiten fan syn libben publisearre. Oant doe ta wiene se allinne ynteressearre yn de skriuwer Brolsma.
Dêrom, Reinder Brolsma wie by syn libben net in persoan. Hy wie in begryp dat werombrocht wurde koe op personaazjes, op fertelstof en boektitels. No't dat begryp in ein hinne fuortslipe is, hat Doeke Sijens amper in heale ieu nei de dea fan de skriuwer besocht it libben fan Reinder Brolsma te efterheljen en fêst te lizzen. Ut in lawine oan gegevens, byinoar swile út it oeuvre fan de skriuwer, út literêre kritiken, út brieven, oantekens en mûnlinge oerlevering, is in byld opriisd dat foar in bulte net frjemd wêze sil, om't it sa gewoan is, mar noait ynfolling krige hat. By alle hiaten, en ûnfolsleinens yn it materiaal dat foarhannen wie, makket dat byld yndruk. Sijens hat in biografy skreaun dy't ús noch jierren ta foarbyld wêze kin.
De jonge Reinder, berne op 23 maaie 1882 oan de Skilwei te Stiens, komt yn de beskriuwing nei foaren as in gefoelich bern mei in skerp ûnthâld. In jonge dy't op skoalle wurk hat fan 't rekkenjen, mar fierder goed meikomme kin. En lykas yn sa'n gefal frij gewoan is, hie er as jonge frijwat nocht oan lêzen en skriuwen. Dy Reinder groeide út ta in guodlike, en foar de mannichte wat skruten en ôfstanlike jongfeint, dy't nei de kroaningsfeesten fan 1898 foar it earst in faam thúsbrocht. Dat hy wie der al jong by. En, lykas út al syn wurk bliken docht, wie er in skôger en in skerp waarnimmer fan wat der om him hinne geande wie. Mar boppe-al lit syn biograaf him sjen as in man mei in hertstochtlike driuw ta skriuwen. Dêrby wie er net in figuer foar organisaasjes. Leafde foar it Frysk en Fryske beweging, krige er fan hûs út mei. Hy bemuoide him lykwols oars net mei Fryske beweging, as wannear't der belangen yn it spul wiene. Mei't yn de earste helte fan de tweintichste ieu de publikaasjemooglikheden doe foar it grutste part yn bewegingshannen wiene, leine dêr as skriuwer syn belangen. Frjemd genôch waard er earst yn de oarloch lid fan de Fryske Bibleteek, en dat wylst dyselde Bibleteek al yn 1923 syn earste wurk útjoech. Hy mijde de beweging ek fanwege de strideraasjes. Dêr woe er út noch yn net yn behelle wurde.
Botte saaklik wie er ek net. As er foar syn rjochten opkomme moast, waard er dêrta oanfitere troch syn frou. Oeral dêr't tsierd waard, kearde Brolsma him ôf en waard er de stille taskôger. Hy wie de man dy't glimkjend yn him opnaam, hoe't it allegearre ôfrinne soe. En dat komt oerien mei wat - yn begjin jierren sechstich - in âldere frou út Stiens my fertelde. Sij hie mei Reinder nei skoalle gien, en tekene him as de jonge dy't, gauris wat besiden it rumoer, it fan 'e kant ôf fyn glimkjend acht sloech. Dat wol net sizze dat er in ienling wie. Mar as fynfielend yndividu, mijde er mannichten en barrikaden.
| |
| |
Brolsma soarge der foar dat er noait yn it middelpunt kaam te stean. Dat wol net sizze dat er dêr net stean woe. Mar dan yn lof en wurdearring foar syn skeppend wurk. Want eargefoelich, dat wie er wol.
| |
Folksskriuwer
Brolsma hie oars net yn 'e holle as om skriuwer te wurden. As jonge al makke er krantsjes mei syn trouste freon Heert Terpstra. Doe't er fjirtjin wie, wûn er yn in ferhalepriisfraach fan it jongereinblêd Voor 't Jonge Volkje in priis mei in yn it Hollânsk skreaun ferhaal. Hy rekke nei de ambachtskoalle te Ljouwert om it ferversfak te learen. Wurke by in ferversbaas te Stiens. En doe't er yn 1910 troude mei Janke Westerbaan fan Ferwert, kocht er in ferverssaak te Lichtaard. Op 'e Flieterpen waard it in earmoedich bestean. It ferversgrapke sei destiids, dat in ferver twa kânsen hie om dea te gean. Simmers om fan in ljedder te fallen en by 't winter - om't der dan neat te ferstriken wie - fan 'e earmoede. De winters wiene foar Brolsma lykwols net liddich. Dan hie er tiid om syn opkroppe kreativiteit bod te jaan, en makke er it him drok mei skriuwen.
De oanrin ta dat skriuwerskip mei lang west ha. Mei in soad lêzen. Troch it sneupen yn de boeken fan syn heit, en dan benammen de Rimen en Teltsjes, rekke er al betiid bekend mei de literêre belibbing fan it folkslibben fan de njoggentjinde ieu. Troch it lêzen fan âlde jiergongen fan For Hûs en Hiem, Iduna, De Bijekoer en Forjit my net, kaam er yn de kunde mei de folksskriuwerij. Hy debutearre yn 1903 yn Slucht en Rjucht. Wurk dat beoardere waard troch Waling Dykstra. Hy wie doe ienentweintich. Yn 'e hjerst fan 1906 gyng Reinder op 'e fyts nei Holwert, om de folksskriuwer en it folkskundich orakel fan Holwert libbensliif te oanskôgjen. Neffens wat er dêr letter oer op papier set hat wie de éminence grise ‘fors in zijn optreden en nog krachtig
De lêste foto fan Brolsma: Doarpsfeest Goutum 1953.
van postuur, geenszins een afgeleefde grijsaard aan wie alles voorbijgaat’.
It hat nei dat debút noch tweintich jier duorre eardat der mei de novelle It forgift in earste boekútjefte ferskynde fan syn hân. Dat kaam, Brolsma skreau meast koarte ferhalen en sketsen. Oefenwurk, mar ek blêdfolling, dat by de rûs ferskynde yn blêden lykas Sljucht en Rjucht, Frisia en It Heitelân. Lêsfoer dat foar fierwei it grutste part net gaadlik wie om te bondeljen. Dêrnjonken wie er wakker warber as feuilleto- | |
| |
nist. Mei oare wurden, Brolsma ûntjoech him hieltyd mear as in breaskriuwer.
It wie benammen dr. Douwe Kalma dy't him dêr, as lieder fan de Jongfryske beweging, oan steurde. Hy fûn dat Brolsma syn krêft net lei yn de gloede fan it byld en de skientme fan de taal. Kalma hie grutte idealen mei Fryslân, it Frysk en benammen de Fryske literatuer. Hy woe him yn syn Jongfryske aksje behelje. Mar de solist Brolsma, liet him nearne yn behelje. Fangefolgen skreau Kalma sunige kritiken op it wurk fan Brolsma. Yn dat ferbân murk Jelle H. Brouwer ris op, dat Kalma dwaande wie Brolsma yn in rjochting te triuwen dy't sines net wie. Hy woe ha: ‘Men moast Brolsma, Brolsma litte.’
Dat Reinder Brolsma safolle skreau, wie lang net altyd út in kreative need, en likemin in rjochtfeardiging fan syn literêre talint. Hy skreau om wat te fertsjinjen. En dat binne, alteast neffens Arthur Schopenhauer, de bêsten net. Om te skriuwen siet er oan in wyt ferve wasktafeltsje, op in sliepkeamerke. Om de kopijstream geande te hâlden, levere er op bestelling. Mei't it literêre talint wol ynsidinteel troch syn wurk hinne skimere, mar troch in gauris sjoernalistike ynfolling temin kâns krige, kaam dat literêre frij let ta ûntjouwing; earst yn in tal sketsen en ferhalen, letter yn inkelde romans.
It útgongspunt fan Brolsma wie net in skriuwersskip, yn de betsjutting fan literêr kinnen en it bêste jaan. Hy wie gjin sliper. It wie faak mear kwantiteit as kwaliteit. Doe't him yn in ynterview frege waard oft er maklik skreau, antwurde Brolsma: ‘Ja, dêr haw ik gjin wirk fan, foaral stikken, dêr't in bult petear yn foarkomt. [...] foaral ek lytsere sketskes, den haw ik it wol det ik se sa mar for de printerij opskriuw en dat binne oarnaris de flotsten.’
Dêrút docht bliken dat Brolsma in natuertalint wie. In ferteller dy't realistyske sketsen skreau oer it libben om him hinne, mei in waarmfielende ûndertoan foar it lytse en ûnbetsjuttende. Om't er út in natuerlike oandrift skreau, moast syn literêre kinnen en it fermogen om te ûnderskieden him fan oaren dúdlik makke wurde. Doe't fral in man as Douwe Kalma him dêrop begûn te wizen, kaam by Brolsma geandewei mear de hope ta libben ienris fan de pinne bestean te kinnen. Om't er yn de krisisjierren as ferversbaas te Lichtaard en Akkrum minne tiden trochmakke waard er, om mear tiid te hawwen foar it skriuwen, ferversfeint te Ljouwert. It hat him jierren pleage, dat er syn bestean fine moast yn it ferversfak. As skriuwer kaam dat syn eare tenei. Dêrom hat er alles op alles set om fan dat fervjen ôf te kommen, en de kost mei skriuwen te fertsjinjen. It betsjutte lykwols net, dat er him dan folslein by it literêre wurk hâlde koe. Want hokker skriuwer koe doe fan literatuer en literêre sjoernalistyk libje?
It slagge him earst yn 1937 - hy wie doe 54 jier - oanslach te krijen by de Hepkema-kranten Nieuwsblad voor Friesland en Leeuwarder Nieuwsblad. Hy wie doe al frege troch de haadredaksje fan de Ljouwerter Krante, mar dat gyng, om in reden dy't tsjuster bliuwt, net troch. Brolsma hie namme makke as skriuwer fan ûnderhâldende bydragen oan kranten en tydskriften. Yn in libben fan fûl arbeidzjen, oerdeis mei de ferfkwast en jûns mei de pinne, groeide er op ûnderskate nivo's út ta in folksskriuwer dy't it hurde en gauris wrede libben beskreau fan lytse bodders, gerniers, stedsfolk en boeren waans balken bûgden ûnder de lêsten fan hypteken, om it ris mei in Brolsmiaanske alliteraasje te sizzen. Beskriuwings dêr't leafde ta lân en folk yn ta utering brocht waard. Mar dy't tagelyk in yllúzje wiene fan in foarbygeande wrâld.
As persoan mocht er him frijwat ôfsidich hâlde, as skriuwer stie er mids syn folk, om't de lêzer himsels weromfûn yn wat Brolsma skreau. As leveransier fan krantestikjes, as skriuwer fan
| |
| |
meinimmende sketsen, koarte ferhalen en langer ferheljend wurk yn alderhanne periodyk, krige elk wolris wat fan him ûnder eagen. En benammen mei syn feuilletons bûn er mannich lêzer oan him. Sa groeide Reinder Brolsma út ta in pommerant mei artistike aspiraasjes. Dat wist er sels mar al te goed. Dêr woe er de fruchten fan plôkje. Guon kranten woene dêr wol fan profitearje. En sa rekke er yn de sjoernalistyk. Yn dy funksje besocht er yn it Nederlânsk en yn in stedsdialekt fiktyf de miening fan it folk ûnder wurden te bringen yn fêste rubriken lykas Gesprekken op de brug.
| |
Delgong
Safolste tragysker hat syn delgong west. Mei't er yn de krisisjierren wat tefolle nei ferkearde freonen en goekunde harke, mannen dêr't er him literêr wat al te ôfhinklik fan opsteld hie, die er yn de oarlochsjierren tefolle konsesjes oan de besetters. Sa waard er lid fan it Verbond van Nederlandsche Journalisten. In foute klub. En dat net om syn pro-Dútske hâlding. Om skriuwende te bliuwen liet er him yn 1942 mei de hiele eksetra kollektyf lid meitsje fan de Kultuerkeamer. En dat net om't er dêr persoanlik safolle ferlet fan hie. Der waard Brolsma al net mear frege oft er wol lid wurde woe. Hy die it om syn persoanlike belangen te ferdigenjen. En dêryn stie er as solist tsjin himsels.
Brolsma - in man dy't gjin mich kwea dwaan soe - wie net, lykas Sijens útkomme lit, in man yn twastriid. Hy hat noait safolle lidmaatskippen hân as yn de oarloch. De measten wiene ferkeard keazen. Dêrmei wie er in opportunist, in kollaborateur en profiteur, sûnder dêr dalik de rikwiidte fan yn te sjen. Hy wie bang foar syn hachje. Dyselde Brolsma, dy't yn de begjinjierren fan syn skriuwerskip sa sunich wie mei lidmaatskippen, liet him yn de oarloch, fanwegen in muoisum befochten maatskiplike posysje, foar elk karke spanne. En wurke foar syn brea mei oan besmette kranten. Sa waard er slachtoffer fan in doelwyt sûnder rêchbonke.
Mei't er him yn 1941 in troch de nazi's ynstelde literêre priis oansmarre liet, fersylde er polityk en publikelik yn ferkeard farwetter. Dat is, by alle lytse tragyk as folksskriuwer, de tryste teneur fan dizze biografy. Brolsma seach yn de begjinjierren fan de oarloch as miskend auteur tefolle himsels en temin de grutte belangen dy't op it spul stiene. De opfetting dat Brolsma it him polityk net sa bewust wie, groeide troch de jierren hinne út ta in leginde, dy't yn dizze biografy mei foldwaande feiten wjerlein wurdt. Doe't him yn 1943 de eagen iepen gyngen, en him syn ferkearde kar bewust waard, doarst er gjin omswaai meitsje, om't er bang wie dat soks gefolgen foar him hawwe soe, en er syn húshâlding net mear troch de tiid helpe koe.
Dy misstappen meie him nei de oarloch net sa swier oanrekkene wêze, foar himsels kaam er de skande net teboppe. Al blonk syn literêre stjer nei de oarloch noch altyd boppe Fryslân, en waard er ta gelegenheid fan syn santichste jierdei yn 1952 eare mei twa bondels ferhalen, sketsen en novellistysk wurk; Brolsma wie in brutsen man. Dizze man, mei in sterk yndividualistysk karakter, dy't him noait fan de mannichte belêze litten hie, koe, wat oaren him al heal en heal ferjûn hiene, net langer ferneare. By alle húslike swierrichheden, en by it op syn âlde dei ferfarren nei it Ljouwerter Sint Antony Gasthuis; it waard him geastlik tefolle. By dit libbensfragmint sjoch ik altyd in parallel mei it ferhaal ‘De reis nei it âlde doarp’.
It oarlochsferline, mar benammen de naute fan de stêd dy't as in driging op him ôfkaam, hat him op in stuit oangrypt. Op 13 novimber 1953 heakket er yn de Ljouwerter Potmarge in boatsje fan it lânfêst en makke er in ein oan syn libben.
| |
| |
| |
In pear dinkjes
It moat sein wurde dat Sijens benammen de feiten sprekke lit. Dat er de dingen helder beskreaun hat. Benammen de tsjustere perioade yn it libben fan Reinder Brolsma wurdt mei grut respekt behannele. It binne de meast teare en kwetsbere haadstikken fan dizze biografy. Stikken dêr't de biograaf syn affiniteit en ynlibjen yn de persoan Brolsma op 'en dúdliksten nei foaren komme lit. En wat de jierren nei de oarloch oanbelanget, as foar Brolsma de psychyske klap komt, tekent er in man, dy't mei gâns húslike swierrichheden der uterlik hieltyd wer boppe-út besiket te kommen, mar ynderlik ferskuord troch smaad en twivel om syn ein siket. Dochs wol ik noch in pear opmerkingen meitsje.
Earstens. Miskien wie der net oan te ûntkommen, mar om't Sijens de stoffe yn haadstikken - dy't tagelyk wer tiidrekken beslagge - opset hat, komt it gauris foar dat guon saken mear as ien kear werjûn wurde. Dat is net allinne hinderlik by it lêzen, it kin - foar guon dy't net botte thús binne yn de literêre histoarje - ek betiizjend wurkje.
Twads. Sijens hâldt him yn dizze biografy tige op 'e eftergrûn. Hy skriuwt ferbinende teksten. Lûkt foarsichtige konklúzjes. Jout no en dan in gearfetsjend literêr kommentaar, en lit de feiten sprekke. En dat stiet him te priizgjen. De lêzer kriget alle romte om der sines fan te tinken. Yn inkelde gefallen hie er, wat my oanbelanget, hjir en dêr wol wat kritysker wêze mocht. Miskien moat ik sizze, Doeke Sijens hie op guon punten wol wat mear essayistysk fan him ôfbite kinnen.
Ik wol ien sa'n punt neame. Op side 44 wurdt de fraach steld: ‘Koene de Brolsma's kristlik neamd wurde?’ Reinder Brolsma beäntwurde dy fraach mei: ‘Yn 'e fierste fierte net.’ Yn syn algemienens docht dat út de biografy ek bliken. Behalven op 'e siden 84-85. Dêr giet Sijens my wat al te maklik foarby oan in suver ynsidintele omswaai yn dy hâlding, as er skriuwt dat Brolsma yn de jierren dat er te Lichtaard tahâlde ‘wis om de geunst fan syn boeren te hâlden’, belidenis dien hat fan it leauwe. In leauwe dat er neffens eigen tsjûgenis net hie. Sterker noch, Brolsma moat, neffens myn ynformaasje, op 'e Flieterpen noch yn de tsjerkeried sitten ha.
Yn alle gefal, de biograaf lit it rêste. Ek al liket soks op in breageloof, en docht sa'n hâlding my tefolle tinken oan hâlden en dragen yn de oarloch, doe er mei tsjinsin om de geunst fan de besetter stike. Dêrom kaam ik hjirboppe ek yn ferset tsjin de beoardieling: ‘De besetting hat Brolsma yn twastriid brocht.’ It wol my foarkomme dat Brolsma altyd wat fan twaslachtigens hân hat; in klacht dy't by guon kritisy ek yn de beoardieling fan syn wurk trochklonk.
De ynlieding begjint mei de sin: ‘Reinder Brolsma wie in grut skriuwer.’ It mei dan bûten de biografy stean, sa'n konklúzje sjoch ik as in grûnfout fan de biograaf. In biografy skriuwe is lykas kaartspyljen, jo moatte jo net yn 'e kaart sjen litte. De tredde sin fan de ynlieding is: ‘Syn skriuwerskarriêre wie in sukses.’ Soks liket my in deadwaner. Hjir fettet de biograaf yn reuzehalen gear wat ik yn twivel lûk. It ûnbidigen oeuvre yn acht nommen, is it tige ynsidinteel en seldsum dat Brolsma ta grut wurk komt. En as Sijens de skriuwerskarriêre fan Brolsma op foarhân beoardielet as in sukses, giet my it hier rjochtoerein. De biograaf stelt it ideaal fan de held. Want wa wit wat der efter it ferhaal fan de biograaf beskûle leit? Dy Brolsma hat him noait sjen litten. Mar ik fiel wol in wrakseljende gong fan in man dy't mei striid ferovere en wûn, wat er mei spyt en in gefoel fan mislearring priis jaan moast.
|
|