Trioel
't Is wat
It wrâldbyld fan Trinus Riemersma sjocht der hjoed de dei simpel út (‘Altyd wat!’, side 29). Der binne twa kampen: dat fan de ultime fijannen Amearika en Israel en dat fan de ‘saneamde ekstremistyske moslims’ (kursivearring fan my). Yn dat bestel hat Trinus syn ropping mist. Hy hie terrorist wurde wollen.
Alles wat him hillich neamt, dêr moast er oant no ta neat fan ha, mar Trinus hat him bekeard ta de Hillige Oarloch fan Bin Laden en syn kamikazepiloaten: ‘Ik ha in grut respekt foar sokke lju, ik soe it yn gjin hûndert jier doare. Moreel haw ik dêr eigentlik helendal gjin muoite mei, ik gun de Amerikanen fan herten in tebeksetter.’ Ekstremisten? Helden! Roazen ferwylje, mar Trinus Riemersma net. Dêrom hat er my telepatysk it folgjende fers taskikt:
Fes 74bis
os ik wist dot hja mei un oere stjerre mwasten
Dineke waskôgje of de plysje?
de kronte belje of it kabinet?
nee neat fon dot ollegjerre
ik gun se fan herten un tebeksetter
dot soe ik ek noch wól rus úthelje wólle
os ik net sa'n skytsek wie
meskjin soe ik even yn 't tún sjen
en nei Lemstra rinne óm un kroket
dur is mij neat yn 'e wei