Joop Boomsma (1945), learaar Nederlânsk oan in fierste grutte skoallemienskip yn Ljouwert. Publisearret yn 't Frysk (yn alle mooglike rubriken) sûnt 1968, mar it ourûne desennium benammen as misdiedauteur. Wennet yn Menaam. http://members1.chello.nl/~j.boom-sma02/ |
André Bralts (1945), net praktisearjend doktorandus Frysk. Ald-redakteur fan De Strikel. Wurket mei syn maat Joop Douwma oan in cd-syklus fan Grinslanner libbenslieten: Woarom nait 1 t/m 10. |
Hylkje Goïnga (1930-2001) wie sa'n tweintich jier warber as foarljochtster yn 'e ‘jeugdtandzorg’. Hat fan begjin oant ein redaktrise fan De Strikel west. Publisearre trije (lytse) romans en sân ferhalebondels, dy't foar in grut part ek yn it Nederlânsk fertaald binne. Wurke mei oan Frysk en Frij en levere bydragen oan Nederlânske tydskriften en ferhalebondels. |
Wieke de Haan (1959) wurket by It Fryske Boek en freelance foar de F-side. Neamt harsels brijsieder, is net by steat om analytysk wurk te leverjen, mar wit wol ferrassende ynfalshoekjes te finen op har eigen wâldpyk-achtige wize. |
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Docht benammen ynternasjonaal ferlykjend ûndersyk nei oerheidsbelied en taal. |
Tsjisse Hettema (1955). Berne oan de doe noch besteande âlde Middelseedyk yn Bitgum. Moast letter ferhúzje nei Emmeloord yn de Noordoostpolder, noch slimmer as Sint Anne en It Bilt. Wennet no alhiel nei 't sin oan ien fan de drokste útfalswegen fan Ljouwert. Debutearre yn 1999 mei de dichtbondel It eachwyt fan de simpele rider. |
Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de kffb útjûn wurde. Hat frijwat nonfiction skreaun en kabaret. |
Sytse Jansma (1980) is sûnt augustus 2001 learaar basisûnderwiis yn Dronryp. Dichtsjen is in hobby dêr't er him de lêste twa jier mei dwaande hâldt. Hat tegearre mei Sito Wyngaarden in Fryske ynternetside, dy't folskreaun wurdt mei eigen poëzij: www.JansmaWijngaarden.com. Dêrop ek muzyk, in oare hobby (piano, gitaar en oargel). Is ek noch jeugdkeatstrener en fuotballer. Publisearre earder yn Hjir. |
Steven de Jong (1935) wie dosint Nederlânsk en redakteur fan quatrebras en Trotwaer; skriuwer fan fersen, kritiken, essays, ferhalen en de (autobiogafyske) roman De Wuttelhaven del (Gysbert Japicxpriis 1992). Syn nijste boek is Swarte egen, in ferhaal út Earnewâld om 1730 hinne (2001). |
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad, de lêste jierren as sjef fan de redaksje. Yn 1989 debutearre se mei it reisferhaal In dûk yn 'e Ganges, yn 1999 oanfolle mei In twadde libben. Wurket by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Alida van der Meulen (1944). Wennet yn Reahûs. Is learares Frânsk oan de RSG yn Snits. |
Syta Palma (1936) studearre Frânsk yn Utert (skripsje oer wurk fan Albert Camus) en Frysk yn Grins (skripsje oer wurk fan Trinus Riemersma), wie learares Frânsk yn Grins. Resinsearre Frânske literatuer yn it Nederlands Dagblad. Jout taalûnderwiis en pastorale soarch oan Frânsktalige asylsikers. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis en fersoarget kursussen foar de afûk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Resint ferskynden fan him ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger, It wurk fan 'e duvel (roman) en Under de seespegel (ferhalen). |
Trinus Riemersma (1938) amateuristysk literator te Frjentsjer. |
Onno-Sven Tromp (1967) is dichter en publicist te Amsterdam. Hij houdt zich vooral bezig met het schrijven van sonnetten en literaire wandelgidsen (o.a. over het Amsterdam van J.J. Voskuil en A.F.Th. van der Heijden). Studeerde econometrie in Groningen en promoveerde in de milieukunde. Gaf in 1993 in eigen beheer Tot de verbeelding uit. Verder verschenen Ramen (1999). Op internet organiseerde hij een boekenverkiezing die resulteerde in de Top 100 van de Nederlandse literatuur van de 20e eeuw (www.webhome.demon.nl/top100). Hij won de eerste prijs bij de Leeuwarder gedichtenwedstrijd ‘Impressies van een stad’ (september 2001). |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Publisearre ferskate dichtbondels - de lêste wie Kajapoetoaly (2000) - en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQUânsje (1995) oer 25 jier Koperative Utjowerij, |
Abe de Vries (1965) wennet yn Hoofddorp en is bûtenlânredakteur fan it opinieblêd Elsevier. Earder wie er ferslachjouwer yn Grins en korrespondint fan Elsevier, Trouw en it anp yn Belgrado. Mei dizze fersen makket er syn debút yn de Fryske letteren. Fan 't hjerst ferskynt syn earste bondel De weromkommer yn it ûnlân by Utjouwerij Bornmeer. |
Willem Winters (1946) sosjolooch, publisist en útjouwer (lyts). Publisearre oer de âlderensoarch, skreau foar De Strikel, de lc, Hjir en Trotwaer oer - koartsein - keunst en kultuer. Skreau in essay oer typearjende aspekten fan de Fryske literatuer: De wite skelk fan Richt (Hjir, desimber 1999). |