Kânsen
Us altiten tige betroubere korrespondinte fan Stiens, Mentha de Jong, skriuwt my: ‘Ik bin der net wei fan, mar ik sjoch alle ôfleveringen en soms de herhelling ek noch. Frjemd genôch tink ik dat ik de searje misse sil, as dy yn jannewaris ôfrûn is.’
In ferfolch dus, mar dan wol mei minder senarioskriuwers: ferhaallinen ûntwikkelje en net elke kear wer op 't nulpunt begjinne. In bettere en konsekwintere útwurking fan de karakters: Swiebertje en Bromsnor wienen wol karikatueren, mar se sieten al hecht yn elkoar. Dramatyske kânsen dy't foar 't opkrijen lizze ek gripe. It
Rense Westra wit fan neat wat te meitsjen. (foto www.omropfryslân.nl)
by inoar wenjen fan twa generaasjes is in gaadlike oplossing om ienheid fan tiid, pleats en hanneling te krijen, mar fierder wurdt der neat mei dien. Bygelyks: wylst skoanmem it fleanende drok hat, en ynwenjende skoandochter acht ôfleveringen lang noch gjin teekopke oanlanget, falt der gjin ferkeard wurd. Leit hjir gjin skatkeamer fan problemen?
Op nei Baas Boppeslach!