Keunst, Kitsch & List
Willem Winters
Moandei 19 novimber waarden yn it Frysk Museum opnamen makke foar it tv-programma Tussen Kunst & Kitsch. Ik moast foar wat oars yn it museum wêze en seach hoe't de dielnimmers mei koffers, Konmar- en Aldi-tassen ôfsetten. In pear optein, harren stikken wiene jild wurdich, mar in soad mei de kop tusken de skouders, wer neat!
De oare deis stie der in ferslachje yn 'e krante. Ien fan de deskundigen hie oan in besiker frege: ‘Werom tinke jo dat dit in skilderij is?’ Antwurd: ‘Om't der in list om sit.’ De deskundige liet merke it mar in dom antwurd te finen. Dochs is it, fergelike mei definysjes út keunstboeken - dy't faak slim abstrakt binne - en de keunstpraktyk, hielendal net sa dom. Dat die fuort al bliken ut in artikeltsje deun neist it Kunst & Kitsch-ferslach. Yn Nijmegen wurdt yn in nijbouwyk in list op 'e gevel skildere: de bewenners libje dan neffens de útfiners/keunstners yn in skilderij.
Yn de tweintichste ieu attakearren avantgardistise keunstners de list om't se dy as in beheining fielden. Dat soe oars. De list waard ûnderdiel fan it skilderij of men bruts troch de list hinne. Oaren skilderen net langer op in rjochthoekich doek, mar op panelen dy't allerhande foarmen oannimme koene.
De hausse oan ynstallaasjes en performances makken de kleau mei it tradisjonele doekyn-list-keunstwurk noch breder. Nettsjinsteande alle oanfallen rekke dat nea yn ûnbrûk. Doek-yn-list blykt in oersterke tradysje dêr't ek in soad moderne keunstners noch mei út 'e
In lânskipslist fan byldzjend keunstnet Joris Collier. (foto fan de keunstner)
fuotten kinne.
It ferhaal fan de agitaasje tsjin de list giet noch fierder. Ferskate keunstners makken in list sûnder keunstwurk, in lege list as kommentaar op alle eardere keunst. Guon stelden de list bûtendoar op, om de skôger te wizen op in skildereftich lânskip, in aksje ek al net sûnder relativearjende trekjes.
Dat guon minsken tinke dat in skilderij in skilderij (en dus in keunstwurk) is omdat er in (moaie) list om sit, is wier net sa frjemd. Dy Kunst & Kitch-deskundige moat mar eefkes harsenskrabje foar't er wer ‘edukatyf’ útfalt nei syn publyk.