Ek filmsmaken ferskille
Alida van der Meulen
As frijwilliger op it 23ste Noordelijk Filmfestival (foarich jier novimber yn Ljouwert) hie ik alle gelegenheid om it publyk te observearjen en dêrnei myn tinzen oer de reaksjes fan de minsken gean te litten. Net allinnich it stimbriefke mar foaral de gesichtsútdrukking sprekt gauris boekdielen. Neat is sa opfallend as it ferskaat oan smaken. Rint de iene der nei in kertier al wer út, de oare hie noch nea sa'n moaie film sjoen en jout flot it heechste sifer.
De relaasje film-publyk mei dan net in ienfâldigen wêze, dy tusken film en regisseur en dan wer tusken de regisseur en syn publyk is tink net minder kompleks en spannend. Gelokkich hawwe wy it fenomeen resinsje om ús op de hichte te hâlden fan al dy spanningsfjilden dêr't de resinsint ek noch syn eigen wrakseljen mei de film trochhinne frisselet.
In moai foarbyld fan sa'n spanningsfjild wurdt foarme troch Nynke-Pieter Verhoeff-Willem Winters en it publyk. It grutte publyk wol te ferstean, yn it jargon ek wol neamd the crowd. Mei de relaasje regisseur-film is yn it gefal fan Nynke neat mis: de regisseur hat op 'e iepeningsjûn sein dat er de film makke hat dy't him foar eagen stie, gjin wetter by de wyn, hielendal sýn film.
Tusken it publyk en Nynke groeit ek hiel wat moais. De sealen sitte fol, ‘the crowd is pleased’, mei as gefolch dat de relaasje Verhoeff-publyk net mear stikken kin. Better sein: de relaasje regisseur-grut publyk. Want yn dyselde seal sitte minsken dy't wol tusken de crowd sitte mar har der net ta rekkenje: de crowd is pleased mar sy net. Willem Winters bygelyks. Hy siet der by, hy seach dernei mar hy hold der net fan: hy fûn Nynke ‘in echte crowd pleaser’ (sjoch Trotwaer fan oktober 2001). Dan giet it mis mei de relaasje publykregisseur want de regisseur is mei sok publyk net bliid en ynienen is it dan allegearre hiel dûbeld: de regisseur is tefreden dat de crowd pleased is mar mei de man dy't syn film in crowd pleaser neamt kin er net mear troch ien doar.
It moat him yn it wurd sitte. Wat soe de regisseur wolle, in grut publyk en net it grutte publyk? Hoe subtyl leit dat? Yn it filmblêd Skrien fan augustus lies ik oer de film Les destinées sentimentales: ‘lds bevat alle ingrediënten voor een grote publieksfilm. Maar het zijn de stijl en de acteurs die van het epos van Olivier Assayas een meesterwerk maken.’ Olivier Assayas kin rêstich sykhelje: gelokkich, de styl en de spilers hawwe syn film rêden.
We kinne der net omhinne: crowd pleaser en ‘grutte publyksfilm’ ha in negative byklank, yn 'e earen fan 'e regisseur mar ek yn dy fan 'e resinsint. Mei de resinsint is lykwols neat mis, hy sjocht de film en hat der in oardiel oer, hy fynt it net in minne film mar it is syn smaak net.
De regisseur wit hiel goed hokker publyk op syn film ôfkomt. Hy wit like goed as Willem Winters wat de yngrediïnten fan in publyksfilm binne. As it resept dan wurket en de seal sit fol, moat er net eamelje. Syn film is dochs wol unyk. It is net sa dat de iene crowd pleaser de