Altyd wat!
Tr. Riemersma
Minsken en wat der op liket
Ik hie Netwurk yn 'e werhelling sjoen en ik kaam net al te fleurich op bêd. Al wer in ûnthulling fan Amerikaanske rotstreken út it koartbye ferline. Dyn hie de eagen yn 't tsier iepen en wie noch oansprekber. ‘Soe ik noch terrorist wurde kinne?’ frege ik har. Mar Dyn ornearre dat ik net hurd genôch mear rinne koe.
Ik tink dat dat de oast net is, útnaaie is ornaris gjin opsje, mar ik bin in grutte skytsek en ik soe my fan eangst bedwaan as ik mei in bûsfol eksplosiven nei Haifa moast of in fleanmasine op 'e Twin Towers ôf stjoere. Ik ha in grut respekt foar sokke lju, ik soe it yn gjin hûndert jier doare. Moreel haw ik dêr eigentlik helendal gjin muoite mei, ik gun de Amerikanen fan herten in tebeksetter. Fansels, der reitsje minsken by ferwûne en der falle deaden. Mar dêr plakke wy it etiketsje ‘collateral damage’ op en dan binne it ynienen gjin deade minsken mear mar pûden ôffal. Taal is dochs in machtich ding.
Ho bliksem, no meitsje ik fansels in raar fersin! Fan ‘collateral damage’ is allinnich sprake as it om de fijân giet, net om eigen folk. Eigen deade minsken, dat is skriklik, mar deaden ûnder de tsjinpartij, in Afgaanske jonge dy't de poaten ôfbombardearre wurde of in lytse Palestynske jonge dy't ‘troch in ferdwaalde kûgel’ deasketten wurdt en yn 'e earmen fan syn heit stjert, een kniesoor die daar op let.
Tink der ris om hoe't op 'e tillefyzje de begraffenissen fan omkommen Israëlys en Palestinen brocht wurde. By de begraffenis fan in Israëly sjugge jo prachtich dosearre ynhâlden fertriet, manhaftich droegen leed. Mar sjuch dan dy Palestinen, dy hosse mei it lyk de strjitten del en âlje as mâle apen. Dan tinke jo dochs: it binne heale wylden, it binne amper minsken? Dat tink ik dan, ja, mar dat tinke jim ek. Liich der net omhinne en wês earlik. En it is it doel dat wy dat tinke.
De poepen hienen yn 'e nazytiid begripen om oan te tsjutten dat der twa soarten fan minsken wienen, Uebermenschen en Untermenschen. Dy begripen nimme wy as polityk korrekte minsken net mear yn 'e mûle, mar fierder is der neat feroare. In humaan minske siket deselde mjitte fan wolwêzen foar syn grutste fijan, dy't er foar himsels begeart. Dat sjuch ik net by de lieders fan Amearika, dat sjuch ik likemin by dy pikkende hinnen by de kleimuorre. Uterst fromme minsken dy't Gods Wurd op in opteard papierke foar de harsens drage. Och skyt, de Joaden hawwe har bibelboeken skreaun as legitimaasje fan har territoriale oanspraken op Palestina. Yn '48 ha de Israëlys it grutste part fan 'e Palestinen it lân útkneppele, nei de frede fan '68 binne de Israëlys trochgien mei it ynpikken fan lân fan 'e Palestinen, de saneamde delsettingen. God wol dat, en wa doar dan de bek op te skuorren oer rjocht en rjochtfeardichheid? It binne ommers mar aapkes, dy Palestinen? Se janke even as der in jong dearekket, mar in healoere letter binne se it skjin fergetten.
It is abslút net tafallich dat de saneamde ekstremistyske moslims Amearika en Israël as de ultime fijannen sjugge, se ha deselde mentaliteit fan oan 'e protters razende arrogânsje.
De iennige hoop is dat de Euro sterk wurdt - want jild komt earst - en dat sadwaande Jeropa sterk wurdt en syn selsbewustens weromfynt. Mei syn diversiteit en syn tradysje fan dissidinten en dwarsbongelders is Jeropa in bettere wrâldlieder as Amearika.