Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 28] [p. 28] Tsjisse Hettema anty-globaal ik haw in lytse keamer mar in grut gebou foar eagen dêr't bern bûn wurde yn bernesitsjes út de Sovjettiid sa'n Soyoez-stjergefal en wat de gek der mei beleve wol mar de Sovjettiid wie om doe't pake heilsteat al dy gekken op 'e bek sloech en ruts har tonge út nei it maksimale sadat se foar de nije kapitale tiid goed op lingte skepen wiene ik haw in lytse keamer mar in grutte tiid foar eagen dêr't de âlderein stripfigueren wurden binne en altyd nei dat iene seare plak dêr't pake kapitaal wat ymplantearre hat dat skrynt Vorige Volgende