Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 23] [p. 23] Sytse Jansma Taastber ljocht At ien kear dyn ljocht wer taastber wurdt sil ik tôgjend de wrâld oer gean mei dyn leafde yn 'e bûse At ien kear dyn ljocht wer taastber wurdt en ik dyn groeden preaun ha sil ik dyn lichem drinke út in glês fan tekkens At ien kear dyn ljocht wer taastber wurdt sil ik sjen hoesto kaamste út de nacht wylst ik myn hannen stjoerde dy oan te reitsjen Vorige Volgende