niken toane ús farianten fan fertroude modernistyske tema's.’ (s. 247) De strekking is dúdlik: der is neat nijs ûnder de sinne, dit hat der altyd al west, wy wisten dit al lang, IT argumint fan de konservative alleswiters, dy't har foar elke fernijing ôfslute. Fansels is it sa dat elke literêre streaming (ek elke streaming yn 'e keunst) in fariaasje is op it âlde tema fernijing.
Ien fan 'e earste fernijingsboekjes dy't ik lies en dat myn poëzij tige beynfloede hat, is de blomlêzing Nieuwe griffels schone leien. De gearstaller dêrfan, dy't der in pracht fan in ynlieding by skreau, Paul Rodenko (neffens my ien fan 'e bêste essayisten út 'e Nederlânske literatuer fan 'e foarige ieu), koe gjin âlderwetsker titel betinke. Hy lit syn ‘avant-garde’ dan ek begjinne by (skrik net) Guido Gezelle.
Fernijingen binne fariaasjes op it besteande, fral yn 'e taalkeunst, want yn wêzen binne alle wurden klisjees en is der praktysk nea in wurd troch de skriuwer sels betocht. Dat betsjut lykwols net dat der noait nijs ûnder de sinne is, lykas Veenbaas ús leauwe litte wol. De nije streamingen binne ek gefolgen fan 'e feroaringen yn 'e maatskippij. En der feroaret nochal wat. Wy libje net mear yn in statyske kultuer, dêr't neat nijs ûnder de sinne is, hoe bibelsk dat ek klinkt.
Under it kopke ‘Realisme’ begjint de djippe literatuertinker, Veenbaas, sels te tinken en oe blinder dan komt it: ‘Der bestiet in njoggentjinde-ieusk realisme dat we hjoed de dei as âlderwetsk, datearre ûnderfine. [Veenbaas wurdt ynienen modern. St.] Dat neam ik it objektyf realisme, en ik soe it omskriuwe wolle as it realisme dat de pretinsje hat om dingen te sizzen oer of sjen te litten fan in objektive wurklikheid.’
Njoggentjinde-ieusk is âlderwetsk fansels, mar ik sjoch net yn wat der fout oan is of datearre, as je sizze dat in sirkel rûn is of de measte minsken twa egen ha.
Foar't wy fierder gean moatte wy it wurd ‘realisme’ mar even yn Koenen opsykje: realisme o 1 leer v/d werkelijkheid; 2 zin voor het werkelijke; 3 richting in de kunst die de werkelijkheid wil weergeven volgens objektieve waarneming.
‘It realisme is net ferdwûn, it is feroare’, skriuwt de grutte skôger Veenbaas. ‘De skriuwer dy't hjoed-de-dei realistysk skriuwt, sil [...] syn realisme sjen as in realisme dat yn twa opsichten subjektyf filtere is: it is syn eigen omgong mei syn eigen realiteit.’ En dan komt it. Ik ha wol trije kear de bril ôffage om te sjen oft it der echt stie: ‘It eigentiidske realisme is in subjektyf realisme.’
It is dúdlik: Veenbaas sjocht syn eigen hallusinaasjes foar realiteit oan. Dat past presiis yn syn autokratyske tinkwize.
Fansels, elke ynstelling, ek it realisme, is subjektyf, mar ‘syn eigen’ realiteit is ek objektyf, oars is it gjin realiteit. Feiten binne feiten en gjin mieningen. ‘Subjektyf realisme’, hoe betinkt er it. As dizze wurdkombinaasje net in pleonasme is, is it in contradictio in terminis. Der wurdt yn alle gefallen mei suggerearre dat de realiteit altyd subjektyf is en dat is klearebare boerebedroch.
De bedoeling is fansels dat de realiteit sa kompleks is dat wy gâns (ik bedoel fierwei de measte) aspekten dêrfan as inkeling (subjekt) net waarnimme kinne, dat hat de wittenskip ús wol dúdlik makke. Dêrom koe it ideaal fan 'e naturalistyske roman fan 'e njoggentjinde ieu net ferwêzentlike wurde. (Veenbaas draacht hjir sels it argumint oan dêr't Paul Rodenko, Jo Smit en Trinus Riemersma de psychologyske roman om fersmite. Ik kom dêrop werom).
Konservative kritisy as Veenbaas wolle net ynsjen dat dizze realiteitsproblematyk ûntstiet troch de ûntjouwing fan 'e moderne (benam-