| |
| |
| |
Earder waard it boartsjen neamd
De ûndernimmende oerheid en de publike saak
Piet Hemminga
De klanten fan de publyksbaly fan it Ljouwerter gemeentekantoar moatte der ornaris efkes foar sitten gean, teminsten as der noch plak is. Sels betreklik ienfâldige saken as in nije pas of it ferlingjen fan it rydbewiis kinne net yn in lyts kertierke ôfhannele wurde. Dêrfoar is it gewoanwei te drok. Dochs stiet de klant sintraal yn it gemeentlik tinken. En Ljouwert is net de iennichste gemeente of oerheid dy't seit foaral op de klant rjochte te wêzen. It is de fraach oft soks helpt, of, oft soks wol moat. Giet it net tefolle om reklameslogans dy't de werklikheid hiel wat moaier foarstelle as dat dy is? Of is it mei de ûndernimmende oerheid noch slimmer as dat?
| |
Grut Ljouwert
Yn Het Landbouwblad wienen okkerlêsten de aventoeren fan Setske's soan Jurjen te lêzen. Dy ûndernaam foar de twadde kear yn syn karriêre as heit in reis nei it Ljouwerter gemeentekantoar om dêr syn bern oan te jaan. Nei trije kear in lûknûmerke lutsen en in hiele moarn ferdien te hawwen, is it bern oan de ein fan de moarn noch net oanjûn. Fiif moanne letter lêze pake en beppe yn de krante dat lytse Sybrich lang om let yn de registers fan de boargerlike stân stiet; allinne de mem wurdt neamd.
Soe sa'n ferhaal meikoarten ûnmooglik wurde? Ommers, Ljouwert hat der net allinne in nije boargemaster, mar ek mar leafst 37 arbeidsplakken by. En dat wylst der yn 2000 ek al 33 amtners by kommen binne. Wat betsjut soks? Foar de ynwenners fan Ljouwert dat de tariven fan de ûnreplike saakbelesting grif wer fierder omheech moatte.
Mar dat is mar ien kant fan de saak. De oare kant is wat sa'n mânske útwreiding feitlik opsmite sil. Grif noch mear fan wat earder yn Ljouwert al mis gien is: noch mear oerlis, overhead en fet yn de organisaasje. It bliuwt lykwols de fraach oft de wachttiden oan de loketten fan boargersaken no aardich wat koarter wurde. It is likemin wis oft Ljouwert tenei net op 'e nij flater op flater steapelt by it taksearjen fan it ûnreplik guod yn de gemeente. En it is al likemin dúdlik oft de beswierskriften tenei net langer as in jier yn de lade lizze. Dat binne tafallich inkelde saken dêr't Ljouwert de ôfrûne moannen de media mei wist te heljen.
Sawat fjirtich arbeidsplakken der by. Ik wit net wêr't dy personielsútwreiding foar brûkt wurdt, en ik mis it eardere debat oer de kearntaken, mar wat my oanbelanget is de Ljouwerter sektor kommunikaasje grut genôch. Dy ôfdieling telt 13,1 fte's [folsleine banen], dat is op de stêd Grins nei, mear as hokfoar gemeentlike of provinsjale foarljochting yn it Noarden ek. Dat is ek aardich mear as bygelyks de ôfdieling corporate communication fan in kommersjele, op klanten rjochte organisaasje as de Friesland Bank, dy't mar acht meiwurkers telt. Mar goed, fan dy organisaasje hat it imago ek wolris better west.
| |
| |
‘Konsekwinte posysjonearring’
De Ljouwerter foarljochters binne der - mooglik mei troch, sa lies ik it yn har sektorplan, ‘het verhogen van hun omgevingsbewustzijn, praktijkervaring en externe oriëntatie’ - koartlyn yn slagge om it Ljouwerter Kolleezje fan b&w twa miljoen útlûke te litten om Ljouwert de kommende jierren op de kaart te setten. It is it doel om ‘de kwaliteiten, de inwoners en de regio van Leeuwarden te vertalen naar een belevenis, een gevoel en een visuele uiting’.
Ik wit net hoefier't it mei dy plannen is, mar as it safier is, bin ik fan doel om sels earst mar ûnder te dûken, want ik bin der noch net oan ta om as ynwenner fan de Fryske haadstêd yn in belibbing, gefoel of fisuele utering oerset te wurden. Stiet Ljouwert dan noch net op de kaart? En levert de ‘consequente positionering’ as ‘fantastische stad waar hét gebeurt’, noch wat op?
It antwurd op de earste fraach is dreech te jaan, der binne ommers sa'n soad kaarten. De gemeente lit sels trouwens yn de Perspectiefnota 2002-2005 witte dat yn de ôfrûne jierren ‘Leeuwarden nadrukkelijk op de kaart is gezet’. En yndied, Ljouwert is by myn witten bygelyks yn alle edysjes fan de Bos-atlas te finen, mar dat sil wol net foldwaande wêze. Stiet Ljouwert mooglik net op de bestjoerlike kaart fan Nederlân? Fansels, wol. Sa hat de resinte boargemastersaffêre, hoewol tsjin it frjemde sin fan de wethâlders yn, dochs mar moai wat lanlike publisiteit oplevere. Giet it dan mooglik om de ekonomyske kaart? Sûnt Friesche Vlag de wrâld oer giet en âld-Ljouwerter Boonstra op mear as ien mêd furoare makke hat, stiet Ljouwert dochs ek op dy kaart? En Alexander Cohen en Slauerhoff hawwe dochs net om 'e nocht libbe en Ljouwert kultureel moai op de kaart set? Om oer Mata Hari mar te swijen. En fierders levert sc Cambuur, mei dêrta holpen troch Ljouwerter miljoenen, fansels ek alle wykeinen wer in foarname, om net te sizzen fantastyske bydrage ta de Ljouwerter bekendheid.
Ik wit net krekt wat ûnder in konsekwinte posysjonearring begrepen wurde moat, mar ik haw de yndruk dat Ljouwert dêr oant no ta net it patint op hat. De mear as fiifentweintich titels dy't Ljouwert de ôfrûne jierren brûkt hat om himsels te promoten, wize suver wat in oare kant út. Ik bin bang dat de ‘konsekwinte posysjonearring as fantastyske stêd’ wol op in teloarstelling útrinne moat. It giet om in gjalp dy't no ienris fiersten te fier fan de werklikheid ôf stiet. En dat betsjut dat Ljouwert de neamde twa miljoen ferkeard brûkt.
En dan haw ik it noch net iens oer de 1,1 miljoen dy't neffens ekstern kommunikaasjeadviseur Jan Rutten nedich is om it nije stedsdiel Súd in jier lang te promoten. De gemeente Ljouwert moat har ‘diepgewortelde bescheidenheid en scepsis over de eigen mogelijkheden’ gau ôflizze, sa liet Jan Rutten witte. b&w hawwe Rutten dêrop hurd in ferfolchopdracht jûn om syn ideeën fierder útwurkje te kinnen. De konsekwinte posysjonearring fan Jan Rutten himsels is dêrmei oant no ta mar moai slagge.
| |
Oerheidskommunikaasje
Kommunikaasje-ôfdielings hawwe de wyn bot mei. Op dit stuit is op alle tsientûzen Friezen al in oerheidsfoarljochter, en dan behein ik my noch ta de Provinsje en de gemeenten. Dat tal sil de kommende jierren noch fierder groeie, sa litte de plannen sjen. Ik haw it net sa op al dy saneamde kommunikaasjedeskundigen dy't oanlutsen wurde om, neffens it sektorplan fan de sektor kommunikaasje, it Ljouwerter Kolleezje fan b&w ‘meer en gerichte communicatiestrategische ondersteuning’ te jaan. Wat soks ynhâldt hawwe wy krekt sjen kinnen. Blykber moat de sektor kommunikaasje it noch wat leare.
| |
| |
Wêrom al dy oerheidskommunisearders en spin-doctors net oan it wurk set om de kommunikaasje mei de boargers echt te ferbetterjen? Wêrom de boarger, waans rydbewiis ferrint, net efkes attendearre op it naderjend ûnheil? Wêrom op it belestingformulier al dy posten dy't de fiskus lâns oare wei al lang wit, net al fêst ynfold? En wêrom de oanlizzende boarger net aktyf op de him reitsjende fergunnings wiisd?
‘Overheidscommunicatie dient feitelijk van aard en zakelijk van toonzetting te zijn. Ook dient de communicatie herkenbaar te zijn als afkomstig van de overheid’, sa seit de kommisje Wallage yn syn rapport oer de takomst fan de oerheidskommunikaasje. It is goed dat soks nochris sein is, lit my dy betingsten fan feitlikens, saaklikens en werkenberens ris loslitte op de wize dêr't de oerheid himsels yn advertinsjes mei oanpriizget.
Sa lies ik koartlyn yn Binnenlands Bestuur in personielsadvertinsje fan de nije gemeente Stienwyk. De advertinsje dielt de lêzer mei dat yn dy gemeente likernôch fjirtichtûzen minsken wenje en giet dan fierder: ‘Lekker in het zonnetje op het terras in Steenwijk, punteren in Giethoorn of slapen in een vervenershuisje in Ossenzijl. Cultuur en natuur binnen handbereik!’ Blykber hiel oars as yn de jierren fan Jacques Bloem dy't troch Clara Eggink noch warskôge waard foar ‘het verstoken zijn van bioscopen, café's en andere stadse geneugten in de noordwesthoek van Overijssel’. De Stienwiker advertinsje beslút: ‘Als je in de gemeente Steenwijk komt wonen en werken heb je duidelijk geen tweede huis meer nodig.’
Ik freegje my ôf oft sokke ynformaasje foldocht oan it betingst fan feitlikens, saaklikens en werkenberens. Krije potinsjele sollisitanten net earder in ôfskrik fan sokke ynformaasje yn stee fan oanlutsen te wurden. ‘Slapen in een vervenershuisje in Ossenzijl’, ik moat der net oan tinke. Men wurdt yn dy kontreien simmers hast deastutsen troch miljoenen minuskule michjes. En hokfoar amtner op it Stienwiker gemeentehûs puntert regelmjittich? Dat docht men gewoanwei ien kear, mar dêrnei fansels ek nea wer. En fierders is it in slim misferstân om te tinken dat in amtner yn skaal 5, 8 of 10, de skalen dêr't it by de funksjes yn de oanbelangjende advertinsje om giet, him in twadde hûs permittearje kin. ‘Heb daarom het hart en kom naar Steenwijk!’
Ik kin ek nei ús eigen provinsje sjen. Earder waard it boartsjen neamd. No hjit it wurkjen. Dat is in biedwurd dat der by my net yngiet. It is gewoan net wier. Ik wol noch earder leauwe dat wat earder wurkjen wie, no boartsjen is. En dat wat earder boartsjen wêze moatten hie, en dat is noch net iens sa lang ferlyn, wie mar al te faak dreech bodzjen. Mar de advertinsjes fan de provinsje Fryslân geane noch fierder. ‘Wetter, ierde en loft. Eleminten dy't synonym binne mei Fryslân.’ Sa mient it provinsjaal bestjoer. Soe dat wier wêze, dan leit Fryslân ek yn Drinte en Limburch. De provinsje brûkt noch in biedwurd yn har advertinsjes: ‘Smeid troch dyn âlden, foarme troch de natoer.’ Wat sil ik der fan sizze?
| |
Imago
Dat de Provinsje Fryslân - en oare provinsjes of gemeenten dogge it krekt sa - har ferliede litte ta it brûken fan in modieus reklamejargon, hat mear as ien reden.
Sa moat de oerheid op de arbeidsmerk opbokse tsjin konkurrinten mei blykber in oantrekliker imago. En dat betsjut dat der flink poetst en skuorre wurdt. It eigen kinnen en wollen kin net moai genôch foarsteld wurde. Dat in potinsjele sollisitant sok dwaan wol troch hat en mooglik mear hat oan konkrete
| |
| |
ynformaasje oer bygelyks de omfang fan en it ferrin yn it personiel fan de oanbelangjende ôfdieling, it syktefersom en de trochsnee-âldens, de ansjenniteit fan de sjef, de man-frou-ferdieling, it tal part- en full-timers en it karriêreperspektyf, komt blykber net by de advertearders op. In oare reden is it ferlet fan benammen de provinsjes om har posysje en wurk better as oant no ta ûnder de minsken te bringen. In koartlyn holden imago-ûndersyk makket dúdlik dat de Friezen feitlik gjin weet hawwe fan wat de Provinsje by de ein hat. Men kin him ôffreegje hoe slim dat is. Ik tink sels dat soks wol wat tafalt; de provinsje is no ienris mar in beskieden orgaan yn it Nederlânske steatsbestel, mar de bestjoerders yn it Provinsjehûs tinke dêr oars oer. Dy hawwe wol earen nei nije rollen, lykas dy fan ‘prosesarsjitekt’ of ‘gebietsregisseur’; lege begripen dy't mooglik ek ea út de mûle fan in kommunikaasjedeskundige kommen binne. En de Provinsje wol fierders op in, op himsels te wurdearjen, beskieden foarm fan ynteraktyf bestjoer oan, dy't lykwols net mooglik is as de boargers it adres fan it provinsjaal bestjoer net witte.
Fansels spilet de opkomst by de Steateferkiezings ek in rol. Fryslân sit noch boppe de fyftich prosint, mar de tendins is sakjend. Soks kin, hoe spitich mooglik ek, net mei in moaie reklame- of foarljochtingskampanje ombûgd wurde. It is om 'e nocht om dyjingen dy't gjin inkelde of amper belangstelling hawwe foar it, hoe't men it ek besjocht, net sa bjuster nijsgjirrige en benammen net fier genôch rikkende politike bedriuw yn de Steateseal, der bûge of barste by te beheljen. Wat my oanbelanget is de net-stimmer in ynstimmer. It echte probleem ûntstiet pas as oan dy net-stimmers de mooglikheid om te stimmen tenei ûntholden wurde soe. Mar dêr is lokkich gjin praat fan. Boppedat is de ôfnimmende belangstelling om te stimmen, noch wat oars as de belangstelling foar it iepenbier bestjoer. Dy lêste nimt de lêste tritich jier krekt ta, mar de foarm wêryn feroaret.
Ik kom by in tredde wichtige reden foar it brûken fan reklamejargon. Ik doel op de ekonomisearre oerheid dy't it primaat fan de polityk nei de merk ferleit. It new public management fan de jierren tachtich sjocht foaral nei kosten en prestaasjes. In publike tsjinst moat kostebewust en effisjint rund en managed wurde. In útwreiding yn ien kear mei mear as fiifentritich arbeidsplakken docht wat oars tinken, mar sels Ljouwert docht oan dy benadering mei. Wat betsjut public management yn de Ljouwerter casus? Dat
...de producten en de werkwijze zoveel mogelijk worden aangepast aan de behoeften van de klant. De invoering van productgericht werken is hierbij erg belangrijk. Dat zal gebeuren door verdere definiëring van de beheersproducten. Daarin wordt steeds meer gekozen om verantwoordelijkheden te koppelen aan processen om mogelijk op termijn te komen tot prestatiemetingen en -normen. Dit alles gebeurt binnen de extern en de intern opgelegde en vastgestelde kaders en richtlijnen. Dat vraagt om een proactieve houding van de medewerkers en de manier van werken en een flexibele organisatorische opzet van de sector.
Sok praat is amper te folgjen. Hat Anne Vondeling syn taalstriid dan hielendal om 'e nocht west? ‘Extern opgelegde kaders’? Ik wit fan neat. De organisatoaryske opset fan de sektor moat fleksibel wurde en fan de meiwurkers wurdt in pro-aktive hâlding en [de] wize fan arbeidzjen frege. Dat wurdt noch wat, dêr oan de Ljouwerter loketten. Wichtiger is lykwols dat Ljouwert al te maklik oan it feit foarby giet dat de belangen en it ferlet fan de klant alhiel net lykop hoege te rinnen mei dy fan de gemeentlike oerheid.
| |
| |
| |
Twongen winkelnearing
De Provinsje Drinte hat it yn in advertinsje foar in ynspirearjend haad foar de produktgroep kultuer en wolwêzen oer in ûndernimmende en resultaatrjochte manager mei in coachende styl, dy't lid is fan de concernstaf en syn meiwurkers oanstjoert mei in offerte-mjittige wurkstyl. Soks is de taal fan de trochsketten ûndernimmende oerheid en tagelyk in krampeftich besykjen om in winske, mar feitlik net besteande identiteit dúdlik te meitsjen. Is it frjemd dat de Drintske fakatuere nei in lyts jier noch net ynfold is?
Hawwe de lju dy't ferantwurdlik binne foar soks dan net troch dat de hurde ekonomyske werklikheid fan it echte bedriuwslibben sok nei-aapjen bespotlik makket? En dan haw ik it net oer de Keninklike Shell-groep, mar wol oer myn bakker dy't in hiel echt produktgroepke hat. Alle dagen op 'e nij fielt de bêste man efter syn gleonhite oven de iiskâlde tucht fan de merk. Myn bakker is resultaatrjochte en wit oan de ein fan de dei op de sint ôf wêr't er it allegearre foar docht. Hy kin it him net permittearje om de klant in oere of noch langer wachtsje te litten. Hy past wol op om de fraach fan in klant earst ris in jier yn de burolade gewurde te litten. En hy giet mei de krystdagen foar de doar net noch efkes fjirtjin dagen nei de Kanaryske Eilannen.
Ed Nijpels of Margreet de Boer binne gjin bakker en de provinsje of de gemeente binne gjin bakkerij dy't winst meitsje moat of fallyt gean kin, en amtners binne gjin ûndernimmers. Hiel oars as hokfoar ûndernimming ek hat de oerheid taken as bygelyks wetjouwing, rjochtspraak, definsje, belestingheffing en plysjetafersjoch. En wa is yn dy gefallen de klant? Is dat de boarger dy't allerhanne foarskriften oplein kriget? Is dat immen dy't mei bestjoerstwang te krijen kriget, of is dat de dieder fan in tragyske misdied? Boppedat hawwe de saneamde klanten gjin inkelde kar-út, hja binne ta in twongen winkelnearing feroardiele.
| |
Moraal
Foar alle dúdlikens, ik bin net op in bedriuwsmjittich arbeidzjende oerheid tsjin, mar ik kear my tsjin it ophingjen fan in byld dat net mei de werklikheid oerien komt. In byld dat de boarger op de ferkearde foet set, dat net krekte ferwachtings oplevert en de amtner yn betizing achter lit. Sa'n byld foldocht net oan easken fan feitlikens, saaklikens en werkenberens en docht ek gjin rjocht oan de publike sektor. Ommers, as it merktinken it by de oerheid foar it sizzen hat, is der net langer reden om dy oerheid in apart plak njonken de merk te jaan. Dan is der gjin reden om boarger of kiezer net as klant te sjen.
Mar oarsom jildt dat ek. De boarger of kiezer rekkent tenei de oerheid ôf, lykas de bakker of de Konmar ôfrekkene wurde. Net nei it sin, dan ek net langer klant. Net stimme betsjut dat de ûndernimmende oerheid, yn alle gefallen foar in part, har eigen trekken thús kriget. Mar feitlik giet it noch folle fierder. Sa hat it suver rücksichtslos ynfieren fan it merkmeganisme yn iepenbier ferfier, ûnderwiis, sûnenssoarch of sels feiligens, de kwaliteit fan ús bestean net better makke, en, noch slimmer, de grûnslach fan de oerheid, en yn alle gefallen de bestjoerlike moraal, oantaast.
Dat wurdt yllustrearre as selsstannige bestjoersorganisaasjes kear op kear op negative wize it ferslach fan de Rekkenkeamer witte te heljen. Bûtenwenstige salarissen, honoraria foar oerstallige organisaasje-advizen en op korrupsje lykjende yn elkoar gripende belangen binne net langer ûngewoan. De Pepers, Staatsens en Van Thijns, âld-boargemasters dy't de smaak fan it grutte jild te pakken krije en mie- | |
| |
ne dat har kwaliteiten op syn minst fiiftûzen gûne deis wurdich binne, bedjerre yn myn eagen sawol de publike sektor as it elektorale klimaat.
It giet my om de eksklusivens fan bestjoer en polityk. Ik pleitsje derfoar om de oerheid yn har eigen wearde te litten. Lit ik it nochris hiel dúdlik sizze. As men syn wurk by de oerheid hat, fertsjinnet men om te tsjinjen. Yn de kommersjele sektor is dat krekt oarsom, dêr tsjinnet men om te fertsjinjen. Nederlân is gjin bv. Politisy en bestjoerders moatte beleanne wurde, mar net primêr mei jild.
Sawol skiednis as aktualiteit litte sjen dat in frije maatskippij allinne op dy plakken ûntstiet, dêr't de polityk net de bêste manear is om ryk te wurden. Politisy fertsjinje yn it foarste plak respekt foar it bysûndere karakter fan har wurk, sa hat politikolooch Herman van Gunsteren lêsten noch opmurken. En polityk moat mei eare, oansjen en weardigens beklaaid wurde. Sa is it mar krekt.
| |
Tsjinstfeint
Der is nòch in grut ferskil tusken oerheid en kommersje. De oerheid heart per definysje ynteger te wêzen en it fertrouwen fan de boarger te hawwen, dêr sûnder kin de demokrasy net. Dat leit yn it bedriuwslibben dochs wat oars, sa hat Jane Jacobs tsien jier ferlyn nochris dúdlik makke. Hja warskôget mei tal fan foarbylden tsjin it troch elkoar hinne heljen fan wat hja it ‘hannelssyndroom’ neamt, sa't dat foar de merk opgiet, en it ‘wachterssyndroom’ sa't dat fanâlds foar it iepenbier bestjoer jildt.
Wy kinne der yn Nederlân sa stadichoan ek moai wat fan. Nim it iepenbier ministearje, de sikehûzen of de plysje. Dy lêste stelt hjoed de dei fan te foaren it tal út te skriuwen bekeurings fêst. De foarljochter kin dat dan mar moai yn de media bringe. It echte efterlizzende doel, it werom bringen fan it tal ferkearsslachtoffers, of it tsjingean fan geweld en oare kriminaliteit, bliuwt dêr foaroer mar dreech te berikken. It geknoffel mei de regeling foar de Ljouwerter âld-boargemaster is dêr feitlik ek in moai foarbyld fan. It swijen fan it bedriuwslibben yn sa'n gefal, is al te maklik oerplante op de situaasje fan in iepenbiere amtsdrager. En as ik no in rychje âld-boargemasters, prokureur-generaal Steenhuis of provinsjaal amtner Baarspul neam, yn alle gefallen hat it kommersjele tinken de oerhân yn har dwaan en litten krigen. Dat kin en dat mei net.
Der is neat op tsjin as it oerheidsapparaat effektyf, effisjint en ferantwurde arbeidet, mar dat is mar in part fan de oan te lizzen betingsten. Foar it ferheegjen fan de kredytweardigens fan de oerheid is justjes mear nedich as it útdragen fan in ûndernimmingsgeast. De merk stiet net sintraal, mar de publike saak, dielde wearden en dialooch mei de boargers. Om bestjoerskundige Andries Hoogerwerf te sitearjen: ‘De opvatting van de politiek als een markt is op zijn best een weinig gelukkige metafoor en op zijn slechtst een ontaarding van de politiek.’ Polityk liederskip en de aktive kar foar tsjinstreeëns binne nedich.
Wês grutsk op de prestaasjes fan de oerheid, dy binne der by it soad, en net yn it lêste plak yn Nederlân. Feitlik giet it ommers noch net sa min mei de moderne oerheid. En jou de tsjinstfeint fan dy oerheid fierders dochs foaral in opmerksum hert, om it folk rjochtfeardich te bestjoeren en goed en kwea te ûnderskieden. Dan hoecht it grif tenei gjin fiif moannen te duorjen ear't lytse Sybrich yn de befolkingsboekhâlding byskreaun stiet!
(Justjes bywurke tekst fan de Brekpunt-lêzing, holden op 10 oktober 2001 yn it kongres- en stúdzjesintrum It Aljemint fan de Fryske Akademy te Ljouwert.)
|
|