en dêr myn plakje yn sykje. Sa kin 'k meirinne, as sjoernaliste, oant nei de lêste side.
Der wurdt my wol ris ophongen dat ik yn myn skriuwen soms wat moralistysk bin. It skôgjen en wurdearjen fan alle dingen út it eachweid fan de moraal, de hearskjende seden en brûkmen. Dat is sa'n bytsje de beskriuwing fan moralistysk.
Wat my foar eagen stie doe 't ik begûn te skriuwen, wie it opfoljen fan it gat foar de âldere jeugd. Fan It holle ljocht hat de Koperative Utjowerij in roman makke, dus net sa't ik it bedoelde. Doe hie 'k gjin erfaring op dat mêd. Yn dy tiid sprutsen guon minsken harren soarch út oer it klimaat en wat de eventuele gefolgen wiene. Yn dat boek ha 'k twa wrâlden delset, ús eigen en in droege sânbak. Yndie, as je wolle kin dêr it wurd moralistysk brûkt wurde. Bin ik dêrom in moraal-ridderke?
Myn plak yn de Fryske skriuwerstún kin 'k net bepale. Boppedat ha 'k in hekel oan de hokjesmentaliteit. In oar set my wol teplak. En oft ik it dêr mei iens bin? It hat myn ynteresse net.
Natuerlik is wurdearring moai, mar ik bin tige nofteren. Fiel my lokkich as der wer in begjin fan in ferhaal yn de pc sit. Ik kin neitinke en ferlit op dy wize it deistige, meitsje myn eigen wrâld. Krityk? Alles is relatyf. Wa't it wit mei 't sizze. Guon kritiken binne goed ûnderboud. Dêr kin de skriuwer wat mei. Lokkigerwize is der sûnt koart it fenomeen skriuwersbegelieding en guon útjouwers hawwe in ‘editor’. Dat wol net sizze dat dy de wittenskip yn pacht hawwe, mar dy kinne wol hoedzje oer de ‘reade tried’ yn it ferhaal. De ‘skel’-kritiken ha 'k muoite mei. Kollega's dy't elkoar ûnder de seadden wâdzje, dat docht gjinien goed. Ik set dat dan ûnder de neamer: ‘Mem de molke siedt oer, moat it gas ek út?’
Myn bewûndering foar al dy skriuwers dy 't it oandoarre en deryn slagje in boek te skriuwen en te publisearjen is grut. Want leau my, iensumens is dyn diel. Ik haw trouwens lêzers dy't myn typoskriften hifkje. Dat binne lju út it fjild, gewoan sljochtweihinne minsken. Ik freegje harren oft se my begripe. In literêr kontakt yn de foarm fan in ‘editor’ ha 'k ek. Dy bûcht him oer it konsept. Ik bin huverich foar guon dy't meiskriuwe wolle.
Ik fyn 't in útdaging om myn gedachten sa klear mooglik del te skriuwen. Dêrta wurkje 'k op myn keamer boppe, oan de stille kant fan 't hûs. As it ferhaal yn de skeppende faze sit dan bin 'k jûns op myn bêst, ik bin in jûnsminske. As de grutte linen steane en ik moat slypje, kin 'k oerdei ek wol wurkje en besykje dat ek te dwaan allinne al om ek wer ris te sliepen. Ik begjin earst altyd te skriuwen. As der in tal siden lizze, typ ik dy yn en dan bart it wol dat ik dy jûn of dei trochtyp. De oare dei begjin ik wer op papier en fan itselde lekken in pak.
Myn plannen foar de kommende jierren lizze net sa fêst. Ik ha in winsk-diskette en dêrop steane genôch ûnderwerpen; ik mei der wol in twadde libben op oanfreegje. Myn oare hobby, it wurkjen mei klaai, fertutearzet wat. Ek dat is ferwûndering. De hannen meitsje gauris wat oars as de holle bedoelt.
Sa sjochst dat ferwûndering hiel faak de earste oanset jout ta utering. Ik wol dat net ferklearje, ik fiel my op dy wize lokkich.