Trotwaer. Jaargang 34(2002)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 2] [p. 2] Abe de Vries De wjittering Ried O heit, dit is net wat wy seagen, net wat wy hearden, mar kin it wêze dat it is wat wy fielden? Dêr wynt it wite skulpepaad foar ús út, dat him delbochtet fan ús âlde, ûnwerkenbere wenstee, oer de ôfgroeven terp mei jonge beammen en jongeshutten, lâns de opfeart nei djipper wetter en reiden fan de wjitt'ring Ried. It minste hat west. Wy rinne stadich, wy eangjende midsieuske mûntsen, de eageskulpen hast ticht. It waait dat it rikket; út it hege noarden wei skowe grize iermaartske iisbergen de loft ticht; te hearen bliuwt it brekken, it ienlûdige brekken fan skossen oseaan ûnder learzens. No komt it op ús twaen oan, heit, om yn dizze fjilden, oan dit wetter, wer grut te wurden, te finen dizze wurden yn 'e mûlen: - ‘Haw ik in goede heit west?’ - ‘Fansels.’ Grouwe rotten spoekjend yn 'e reidwal wit de hûn rie mei. Wy stappe yn ús fiskersboatsje, roeie stadichoan nei see. [pagina 3] [p. 3] Ierappels Frjemd mar ek wol moai dat ik hjir sa mei mem allinne wat te praten sit. Rients dêr dolt borgers út de klaai, mar it rûst om it hôf; hy heart ús net. De koarte lins is oer, sei Piter Jelles, en 't is wier. Us lytse mantsje kin al rinne, dat wy hawwe mear as hâlden en kearen. Wyt-kroljend hier en hy praat noch net, wol slacht hy rys, woartels en kowefleis mei ien haal oer de flier en kritet: ‘Waa!’ Nee, neat oan 'e hân Rients! Nee, ik bin mei ús mem yn mem-en-soanpetear! De lju, se moatte ek werklik alles witte. Wy binne hjoed by heit. Hy mist dy sa. In aai bakke kin hy net, mar hy slacht him der as in Fries trochhinne. It is net oars. Mar kin mem yn in waarme simmernacht net even deryn komme, troch it iepen rút, en núnderje him wat ynlik leafs yn 't ear, in dream, tsjin 't ferskuorrend allinne-wêzen? No, sjoch mar. It wurdt stadichoan tsjuster. Wy moatte dy ferrekte Ofslútdyk noch oer. Boppedat, dêr hear ik de túnshikke kreakjen. It is Rients. Hy hat syn ierappels yn 'e koer. Vorige Volgende