Tegels
Meinou P.
Talietha
Neffens Van Dale is in tuthola een meisje dat of vrouw die in haar gedrag en voorkomen een grote mate van preutsheid aan de dag legt. It personaazje Talietha út Baas boppe baas wurdt sa karakterisearre op de website fan Omrop Fryslân. In tuthola út Hollân. Ik haw it yn it wurdboek opsocht om't ik my net foarstelle koe dat se dat wurd brûkten. Want der is in protte op Talietha oan te merken, mar in tuthola is se yn dy sin net.
Op dyselde site fûn ik it andert op de fraach dy't my al fan de earste ôflevering ôf yn besnijing hie: wêrom yn 'e goedichheid wenje Beant Baas en syn frou by de soan yn? Of is it hûs fan de âldelju en binne de bistedokter en de tuthola derby ynlutsen?
It sit sa. Doe't Sjoerd ôfstudearre, wie der krekt in moai plakje foar him frij as fee-arts. Earne yn 'e Wâlden. Hy wie doe noch allinnich. Heit Beant wie yn deselde snoarje ôfkard as drukker. De rêch of sokssawat. Dat it jonge dokterke wie moai holpen doe't heit en mem har by him nei wenjen setten om him te hoedzjen en te noedzjen. En doe't Talietha letter kaam en noch letter de lytse Cynthia, wie it fansels ek wol maklik. Want Talietha kin lang sa lekker net itensiede as har skoanmem. En ek net sa goed ôfwaskje en net sa fluch strike en sa kreas oprêde. Talietha komt út it westen. Dêr wenje allinnich mar tuthola's.
En sokken as Beant, dy't har hiele libben yn Fryslân wenne hawwe, sprekke as se Nederlânsk prate de g oan it begjin fan in wurd op syn Frysk út, hawwe de grofste foaroardielen oer alles en noch wat en binne sa egosintrysk as de pest.
Fansels is it fantastysk, nee gewèldich, dy primeur yn de Nederlânske omropskiednis, de earste regionale, hielendal op eigen krêft makke, Fryske soap. Ik reitsje der net op útsjoen.
Fan alle spilers fyn ik Talietha de nijsgjirrichste. Tuthola of net. Wat docht se eins? Dêr bin ik nei seis ôfleverings en nei boppeneamde ynternetynformaasje noch net achter. Pake en beppe fiede Cynthia op en bringe har nei skoalle. (Moat dat noch as je njoggen binne en op in doarp wenje?) Beppe docht de húshâlding. (Wat jout Talietha it rjocht om te lêbjen oer Beant dy't syn frou noait ris helpt?) En pake stiet sa no en dan by yn 'e praktyk fan syn soan. Dat dat hoecht Talietha ek net te dwaan.
Talietha rint om en betinkt de idioatste plannen om fuort te kommen, of skoanheit en -mem út har hûs te krijen. Want dat kin net samar. Salang't der net in fersoargingstehûs yn it doarp boud wurdt, moatte Beant en Joukje wol by de bern yn bliuwe. Dat begrypt elkenien.
Mar Talietha is wol handich en saaklik. Se koe gewoan de boat dy't Beant krekt kocht hie, mei in soad winst wer ferkeapje sûnder dat hy dêr weet fan hie. En Talietha is ek wolris aardich. Want dy winst, dy't se harsels taeigene, brûkte se foar in reis nei Parys. Beant en Joukje mochten mei! Dat fûn ik wol sa ferskriklik leaf fan har, dat my spontaan de triennen yn 'e eagen sprongen. Foar de earste kear yn dizze searje.
Elkenien gûlde him stikken by de comingout fan Afke.
Ikke net. Ik gûl om Talietha.