Wy gongen nei de keuken ta. Koe Cecile tagelyk de tulpen yn it wetter sette. De keuken seach út op it plantsoen mei in fiver fol einen en in stik of wat guozzen, dy't der wat fan koenen, sei Cecile.
‘Moaie keuken, fynst net Martha?’
‘Ja Cecile, mei fan alles derop en deroan en deryn. Twa spielbakken’, sei ik.
It seach der prachtich út, mei hielendal neat op it oanrjocht te stean.
‘Ja, alles is der. Kinst it sa mâl net betinke. Haw ik dy doch ferteld, dy minsken foar my ha hjir mar twa jier wenne. En sa'n smaak, dat sjochst sa wol.’
‘Ja’, ik knikte. ‘En wêr binne dy minsken no?’
‘Ergens oars, 'k wit net’, sei Cecile.
En wy nei de sliepkeamer.
‘Sjoch, ik ha ús twapersoansbêd hâlden. Sa'n ienpersoansbêd, dat is my neat, mar ik brûk mar ien bêd fansels.’
‘Ja, moai.’
Nije gerdinen, nij dit en nij dat en dat wie de útfanhûzerskeamer. ‘It binne grutte keamers, fynst net Martha? It is in moai appartemint, rûnom glês.
Hjir is noch in keamerke, mei in spegelwand, liket it wer grut.’
‘Hast it allegear sels ynrjochte?’
‘Nee hear, ik ha wat help hân. Fan Denise. Hasto tink ik noch noait fan heard, mar it is ien dy't alle spoaren fertsjinne hat mei ynrjochtingssaken. In kanjer. Ik tink wol ris, as ik hjir sa omstap, dit moast Aloys noch meimakke ha. It hûs dêre waard ús doch al te grut, mei dat ein tún en sa, want dat is in soad wurk. Mei in tún hast altyd wat te ferhakstûkjen. En sûnder Aloys waard it hielendal niks mear. Myn rêch kin dat net oan. Bliid dat ik der ôf bin. En dit is dan de wenkeamer. Hûndert en fyftich fjouwerkante meter. Dat is de antike hoeke, dêre de tv-ôfdieling, de sit dêr en oan dy kant de grutte tafel mei syn stuollen. Mar ik yt mei it board op 'e skoat of even yn de keuken by it taffeltsje. Wy ha de badkeamer fergetten, Martha. Dogge wy aanstons noch even. Is ek echt de muoite wurdich. Mei twa waskbakken. Sykje in stoel, Martha, wêr wolst op útsjen? Ik ha noch noait mei ien sa gau de flat troch west. Ik pak even ús kopkes Nes út 'e magnetron.’
‘Ik gean hjir sitten.’
‘Dan sjochst tsjin Aloys oan. Ik ha wat foto's útfergrutsje litten. Hast wol sjoen, tink. Noch alle dagen mis ik him. As er dit no ris sjen koe... Ik wist net iens dat ik safolle jild hie dat ik dit bestuiverje koe. Sa sunich as wy altyd libbe hawwe. Wy drinke it swart, no?’
En mei lytse slokjes dronken wy út 'e kofjeglêzen.
‘No hast noch hielendal net sein hoest it fynst.’
‘Prachtich, Cecile, wier prachtich. En wat dochst no sa'n hiele dei?’