groepen fan start: ien Fryske en ien oarstalige mei in mienskiplike boartersrûmte, dêr't bern wer fan inoar leare kinne.
By it hoekje fan Tryater stiene twa televyzjes, dêrst tagelyk nei Pak 'm Stanzi en Twa sjen koest. De teneur fan it petear fan de minsken dy't der op dat stuit sieten wie wol, dat je soks dochs mar better yn 't echt sjen kinne. Wier fansels, mar as Tryater der allinne mar stien hie mei wat folderkes, hie dat wol keal west.
Foar de snelkursus Finsk en Russysk wie 'k krekt te let, mar by de kursus kréatyf skriuwen, koe 'k noch moai oanskowe. Fan de sân dielnimmers wiene fjouwer studint en ien ferslachjouwster, wat ynhâldt dat der mar twa ‘fan bûten’ wiene. De dielnimmers waard frege in foto-ôfbylding út te sykjen en dêr in objektyf stikje oer te skriuwen. Dat foel dus noch net ta. Begjinst hiel gau te ynterpretearjen. Hiel ferrassend wie de folgjende opdracht om deselde foto op in subjektive wize te beskriuwen. Omdat guont deselde foto útsocht hiene, krigest hiele oare ynterpretaasjes.
Dêrnei wiisde de kursusliedster Saskia Hereijgers de oanwêzigen derop dat der yn de foyer wer in nij ûnderdiel fan start gie, mar dy't dat woe, koe noch in ekstra opdracht dwaan yn de foarm fan it omwurkjen fan it stikje ta in ferhaaltsje yn in beskaat sjenre. Thriller, tydskriftartikel, roman, foldertekst ensf. Der wiene twa persoanen dy't yndie fuort woene nei in oar program-ûnderdiel. Doe wie der ek in studinte dy't fuort woe, mar dy waard fyntsjes teplak set troch har juf. ‘We hadden afgesproken dat je hier in ieder geval tot vier uur zou blijven.’ Wat fielde ik my oplitten dat ik oanjûn hie dat ik de ekstra opdracht ek noch graach probearje woe te meitsjen. Hawar, fierder fûn ik it in hiele nijsgjirrige gewaarwurding, as wie 't allinne mar om yn lokaal te sitten, dat trije ‘muorren’ fan glês hie.
De iepenheid en de tagonklikens kinne hiel maklik liede ta it jin net konsintrearje kinnen troch in overkill oan prikkels yn de foarm fan in soad ljocht en in soad beweging achter it glês. Der rinne gauris minsken troch de gong en dan tink je miskien gau, o dy moat ik noch efkes hawwe, of wat in nuvere trui hat dy oan, of...
Taalryk Fryslân waard holden omdat der hjir safolle ûnderskate kultueren foarkomme mei elk in eigen taal: mear as sechstich. Meartaligens yn in twatalich lân, dêr draait it om. ‘Taal betsjut rykdom, ergo Fryslân is ryk. Dy rykdom moat brûkt wurde, û.o. troch it bedriuwslibben’, stie der yn de útnoeging.
It bedriuwslibben hat sa't it liket net bot op 'e hichte west fan dizze manifestaasje. Middeis haw ik nammentlik net safolle attasjee-kofferkes sjoen (of de business-bonzen moatte yn kognito west ha). Ik haw der boppedat noch neat fan fernaam dat it bedriuwslibben it Frysk mear brûkt no't dizze manifestaasje der west hat, mar wa wit, miskien hat it guon sakelju dochs oan it tinken set.