Altyd wat!
Tr. Riemersma
Kodearre berjochten
It is langer net mooglik om sûnder euvelmoed in ferhaal of roman te skriuwen, want oeral wurdt wat achter socht. Lês bygelyks dit rychje ûnskuldige sitaten dy't ik út resinte literatuer byinoar skarrele haw. As men wol, kin men dêr fanalles út lêze:
‘Hola hampeleman, wat jou vreet uit daar met hierdie jou vrind?’ ‘O, same ben laden die auto, want ons moet vrachtvervoer voor geldverdien.’
‘Harke woe mei alle geweld de Eiffeltoer op en de jonges fansels ek. Ik stie it lang net, sa'n ein de loft yn. Moat der ris wat barre! Ik sei tsjin 'e jonges: No gjin mâle oanslaggen hear, hâld jim katoen.’
‘Eke lies yn 'e skûtelbank dat twa goekunden fan ús wienen dea en se waarden mei in pear oeren ferskil begroeven, de iene yn Makkum, de oare yn Dokkum. Wy koenen noait beide begraffenissen bywenje, dat wy besleaten om oars net te dwaan as even ús meilibjen betsjûgje. Dat wy binne fan hot nei her flein, dy sneons, in kondeleânsereis, sa te sizzen. Ik ha al tsjin Eke sein: Ik wol gjin praat wer hearre fan 'e skûtelbank. Guon froulju moat men gewoan it swijen oplizze.’
‘Se fregen de grutte tsjoender om in ein te meitsjen oan it oerlêst dat dy heidenske hûnen har besoargen. Doe spriek de grutte tsjoender: Bim-sala-bim. Tali-bam-bam-bam. En alle hûnen leinen de earen plat op 'e kop en mei de sturt tusken de poaten naaiden se út.’
‘Sam Tachs bûn syn sadeltassen fêst, kontrolearre syn pistoalen en sprong op it hynder. Op nei de Bank of England. Syn komst soe grif in eksplosive tastân ta gefolch ha.’
‘Wy woenen in sneintemiddeisritsje meitsje by Terwispel om, want winters oer iis hienen wy sjoen dat it dêr in moaie omkrite is. No, oer iis, jawis! Mar kom dêr net mei de auto want do sitst samar op 'e harsens yn 'e bush-bush en kinst op in stuit foar- noch efterút! Alle respekt foar it Fryske Gea, mar men kin alle wyldgroei net waakse litte.’
‘It gyng as diggelfjoer troch de moslimmienskip dat Muhammet rabby wurde woe. Sa bryk hienen se it noch nea op 'e fioele spyljen heard. Guon jongebazen ornearren: Noch ien sa'n mispleatste grap en wy sille him besnije.’
‘Mei in transaksje trochinoar te heljen kinne jo in hele maatskippij ferlamje.’
‘De machthawwers hawwe hele Afghanistan droech lein, mar sels kinne se net sûnder in leger rare bieren. Dat kin har noch soer opbrekke.’
‘De dûbele brêge by Deinum hyt “De Twilling”, dat hie “De Twillingen” wêze moatte. Mar mei in korrektere namme soenen dy brêgen lânskiplik sjoen like steurend bliuwe. Fuort dermei, mei alle twillingbouwurken.’
‘It hinget net sasear fan jins fantasy ôf, mar foaral fan jins goede wil om te begripen wêrom't yn it Frysk in fleanmasine wol in “deldonderding” neamd wurdt. Slagge talige kommunikaasje berêst net yn it foarste plak op 'e talinten fan 'e sprekker, mar op de koperaasje fan de harker.’
‘De wind blies snijdend koud uit het oosten. Hij voelde het in zijn kruis tochten. Dit onchristelijke weer was niet te harden. We moeten wat doen, dacht de secretaris van het weer, we moeten dit stoppen, we mòèten... Maar het werd vast een heidens karwei.’