Oebele Naneur
Eeltsje Hettinga troch de knibbels
De timing wie perfekt. Krekt foar Vers uit Friesland, de dei fan de Fryske literatuer yn Amsterdam, mei as kearn in fiiftal nije Nederlânske oersettings, liet Eeltsje Hettinga in 'e krante witte dat er ien dêrfan fia de rjochter út 'e hannel helje soe: Jabik Veenbaas syn twatalige blomlêzing De mooiste Friese liefdesgedichten. Der wie gjin kontrakt en mei de oersetting fan syn fers gong Hettinga net akkoart.
Nuver, fûn Veenbaas, want syn eardere freon hie him ‘it betrouwen jûn de oersetting ôf te meitsjen’. In smet op de promoasjedei? Helendal net. De seal wie mear as útferkocht, it publyk libbe wakker mei en de organisaasje wie tefreden (sà tefreden dat it Literair Produktie- en Vertalingenfonds takom jier wer soks dwaan wol). En Jabik Veenbaas? Dy seach de ‘rjochtsaak’ mei betrouwen yn 'e mjitte.
In fersin, sa moast men út de LC fan moandei 26 novimber begripe: Hettinga soe de slach wûn ha, om't der gjin ‘formele’ tastimming jûn wie. De gloednije blomlêzing koe yn 'e papiermûne. Dat foel gelokkich even ta. Want wat binne de feiten?
Der wie wòl in kontrakt. Dat is troch Hettinga yn ôfwachting fan in heger taryf foar langere fersen lykwols net op 'e tiid tekene. Mar wat út it eachpunt fan literêre etyk belangriker is: de dichter hat wol deeglik syn fiat jûn oan de oersetter (en dêrmei oan de útjouwer). Hettinga en Veenbaas hawwe yngeand oer de oersetting fan it fers yn kwestje praat, wêrnei't Veenbaas tastimming krige om it ôf te meitsjen. Dat docht bliken út in e-mail fan Hettinga oan Teake Oppewal fan it flmd op 27 maaie: Ik haw Jabik it fiat jûn om der mei te dwaan wat him goed tinkt. Men kin by eintsjebeslút net alles...
It kaam ta in skikking, dêr't Hettinga behoarlik bij troch de knibbels moast: de blomlêzing bliuwt yn de hannel (foar it sachte pryske fan twa tsientsjes); allinne de lêste eksimplaren yn it Sintraal Boekhûs te Kulemboarch geane werom nei de útjouwer (fan de oplage fan 2500 binne dat noch heechút in pear hûndert). De twadde printinge komt der oan. Dêr wurdt it fers fan ús dichterlike kwerulant anneks boekefreon fansels net yn opnommen.
(jpj)